dinsdag 30 juli 2013
donderdag 25 juli 2013
dinsdag 23 juli 2013
maandag 22 juli 2013
zondag 21 juli 2013
zaterdag 20 juli 2013
Gjin Fryske tsjerkelieten yn nij Liedboek
Mear as tûzen (1000) lieten steane der yn. Yn it nije ‘Liedboek voor de Kerken’. Dêrûnder ek “liederen uit recent verschenen gezangboeken in het buitenland (zoals Duitsland, Zwitserland, Schotland en de Scandinavische landen), maar ook (..) liederen uit Taizé en Iona en (..) liederen uit andere werelddelen (…)”.
Meldt de website www.liedboek.nu.
Apart: der steane gjin oersettingen yn fan Frysktalige tsjerklike lieten. Wylst der hûnderten binne. En dêr sitte, neffens guon dy’t it witte kinne, hiel moaie tusken. Is dat net nuver?
En is it ek net nuver dat noch it Friesch Dagblad noch de Leeuwarder Courant noch Omrop Fryslân it kennelike ferbod op Fryske lieten yn it nije lietboek sinjalearre hat?
Yn Fryslân bestiet ek in saneamd Ferbân fan Fryske Foargongers. Dûmnys dy’t ek wolris yn it Frysk preekje. Dit jier bestiet dy feriening 60 jier. Dat moat feestlik betocht wurde op 9 novimber. Mar ek fan dy Fryske Foargongersklup ha wy (noch) neat fernommen oer it ferhûddûke Fryske tsjerkeliet.
Website ItNijs.nl sliept ek. Of fynt it wol bêst sa. Op 24 maaie, in dei foar de presintaasje fan it nije Liedboek voor de Kerken yn Monnickedam, hie ItNijs der wol in berjocht oer, mar dat gie net oer it ûntbrekken fan Fryske lieten yn dat boek.
Dat moat mei opset sin west hawwe, soe it net?
Mar wol elke wike melde wêr’t in Fryske tsjerketsjinst hâlden wurdt. Tssssk.

vrijdag 19 juli 2013
donderdag 18 juli 2013
dinsdag 16 juli 2013
maandag 15 juli 2013
zondag 14 juli 2013
zaterdag 13 juli 2013
donderdag 11 juli 2013
woensdag 10 juli 2013
maandag 8 juli 2013
Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wat biede wy oan?
Woansdei fansels wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Freed fertrekke bussen fol Friezen nei Amsterdam om it definitive Bidbook oan te bieden dat Ljouwert de titel 'Kulturele Haadstêd fan Europa 2018' besoargje moat. Waard in brede rûnte fan minsken noch by it earste Bidbook belutsen, it twadde is de frucht fan wurk fan in selekt groepke. Alle begryp, mar:
"Dochs fielt it wat nuver dat de befolking fan Ljouwert en Fryslân no ál frege wurdt om mei te gean nei Amsterdam, wylst der bûten de rûnte fan plannemakkers net ien is dy’t wit wêr’t Bidbook Twa no yn ferskilt fan Bidbook Ien. Hokker plannen fan Ien komme ek foar yn Twa, en hokker binne sneuvele? Mei oare wurden, as ik meigean, wat wurdt der dan mei út myn namme oanbean? Ik kin it antwurd op dy fraach net fine, net op de site fan Lwd 2018 en ek net op de Facebookside fan Lwd 2018."

zondag 7 juli 2013
Mississippi Fred McDowell - Write Me A Few Of Your Lines
Ik ha de feart dêr't de Feartfisk yn swimt mar ris hekkele en opskjinne. Dit kaam ek boppe wetter:
Anna Akhmatova - Lot's Wife
And the just man trailed God’s shining agent,
over a black mountain, in his giant track,
while a restless voice kept harrying this woman:
“It’s not too late, you can still look back
at the red towers of your native Sodom,
the square where once you sang, the spinning-shed,
at the empty windows set in the tall house,
where sons and daughters blessed your marriage-bed.”
A single glance: a sudden dart of pain
stitching her eyes before she made a sound…
Her body flaked into transparent salt,
and her swift legs rooted to the ground.
Who will grieve for this woman? Does she not seem
too insignificant for our concern?
Yet in my heart I will never deny her,
who suffered death because she chose to turn.
1924 (oers. Stanley Kunitz with Max Hayward)

zaterdag 6 juli 2013
vrijdag 5 juli 2013
Gysbert Japicxpriis: Gedoch, gedoch, gedoch
Tresoar organisearret 10 september in literêre jûn oer de Gysbertbondels. Dichtbondels dy’t nominearre binne foar de Gysbert Japicxpriis 2013, bedoel ik.
Hoe giet soks. De nominearren – ik ek dus – krije in mail dêr’t yn steld wurdt wat der barre sil.
De dichters lêze elk tsien minuten foar út harren bondels. Dy’t net mear oan dizze kant fan it Grutte Skied is, sil op byld en yn audio te bewûnderjen wêze. En oan ’e ein fan ’e jûn sille Jelle van der Meulen en Piter Boersma wat sizze oer de nominearre bondels. Dogge jo mei, dichter?
Woansdei gie myn Skroeier yn it Friesch Dagblad oer de gong fan saken wat de Brykse ‘top-10’ foar de Buchmesse oanbelanget. Yn mearkefoarm, der wie ris in lân, ensafuorthinne. Yn dat lân, dêr’t de Kening him amper foar it Bryks ynteressearre, wienen de Bibleteek en it Stipefûns foar Boeken “almachtich en ek wat eigenwiis” wurden ynsake Brykse saken. Stie der.
No wer gedoch en fan itselde lekken in pak. Oer 10 septimber. Sa’n jûn is op himsels in prima inisjatyf, mar wêrom wurdt de opset fan soks net even fantefoarren oerlein mei de dichters yn kwesty? Dy’t én it te befoarderjen wurk skreaun hawwe én acte de présence jaan moatte (leafst) op in publyksjûn?
Op it twadde plak falt op dat der twa minsken frege binne om in speech te hâlden oer de priispoëzij. Dat binne net sjueryleden fan de Gysbert Japicxpriis; Van der Meulen en Boersma meie prate foar eigen rekken. Ek de kar, sûnder oerlis, fan dizze twa sprekkers is dien troch de Bibleteek.
Neffens de earste opset is hjir al wat feroare; de twa sille no, is it doel, wat fertelle oer harren favorite bondel.
Dat ymplisearret dat jo en ik it nijsgjirrich fine sille wat Van der Meulen en Boersma te melden hawwe oer de grutte kwaliteiten fan de nominearre poëzij. Dat is net sa, wat my oanbelanget. Lof yn wat fage bewurdingen útsprutsen en in pear grapkes derby, wurdt dêr de Gysbert Japicxpriis mei tsjinne? Of, toe mar, de tsjutting, de literêre diskusje? Rinne Van der M. en B. de sjuery net earder foar de fuotten? (Ik hear Boersma al tinken: “Dat binne retoryske fragen.”)
Aldergelokst bin ik dy jûn oars besteld, oars hie ik meidwaan moatten. Mar ik bin ál benijd wat ensafh-sjef Piter Boersma fan de nominearre bondel fan syn ensafh-redakteur Jacobus Smink fynt.
.

woensdag 3 juli 2013
Dairy Campus, de getferdairycampus
Dit is de greidefûgelfitrine yn it kantoar fan Dairy Campus yn Ljouwert. Dy’t goed sjocht, sjocht noch krekt Theunis Piersma stean, heechlearaar Trekfûgelekology yn Grins. Ik ha okkerdeis in fraachpetear dien mei Piersma foar de Moanne. Tipje van de sluier: Hy neamt de Dairy Campus leaver de “getferdairycampus”. Om’t der op dy campus neffens him fierstente min rekkening hâlden wurdt mei ekology en greidefûgels…
Fan de site fan Dairy Campus:
De Nederlandse zuivelketen met haar ruim 18.000 melkveehouders staat voor een grote uitdaging: Werken aan een duurzame ontwikkeling en gelijktijdig haar positie in een globaliserende wereld versterken en uitbreiden. Om deze uitdaging aan te gaan is samenwerking tussen alle spelers in de melk- en zuivelketen cruciaal. Dairy Campus is de plek waar al die spelers samenkomen. Op de plek waar vroeger Nij Bosma Zathe gevestigd was, wordt een unieke plek gerealiseerd. Met 500 melkkoeien, ruim 300 hectare grond en trainings- en vergaderfaciliteiten is Dairy Campus straks een inspirerende ontmoetingsplek voor iedereen die iets met de zuivelsector te maken heeft.
dinsdag 2 juli 2013
Wês ferantwurdlik: nim in abonnemint
De oername troch NDC mediagroep fan it Friesch Dagblad komt net as in ferrassing. Wêrom soene de restmiljoenen fan de Friesland Bank allinnich brûkt wurde meie om de Ljouwerter Krante te rêden?
It liket derop dat de stichting FB Oranjewoud – earder Fryslân Boppe – gefoelich west hat foar dat argumint. Boppedat is der ek noch in saaklike reden foar de oername. As it FD, dat printe wurdt op de parse fan NDC mediagroep, fuortfalt, dan hat it rottekrûddjoere apparaat oan de Sixmawei domwei te min te dwaan. NDC mediagroep hat de drukopdracht fan it FD noadich.
Mar oft de perspektiven no ek foar de middellange termyn better wurde foar it FD, dat is noch mar de fraach. NDC mediagroep is in lytse spiler op de Europeeske mediale merk en bestiet fan no ôf net út twa, mar út trije ferliesjaande kranten dy’t der net yn slagje om oare ynkomsteboarnen oan te boarjen.
Elk jier rint by alle trije kranten tusken de 5 en de 8 persint fan de abonnees fuort. Dat wol sizze, der sizze mear minsken in abonnemint op as dat derby komme. De LC bygelyks is sa yn tsien jier tiid in tredde fan syn lêzers kwytrekke. En it sjocht der net nei út dat oan dy ûntjouwing in ein komt.
Hoe grut de maatskiplike rekken fan ien en oar is, docht al elke dei bliken. Kranten mei te min sjoernalisten, kranten mei sjoernalisten dy’t neat mear útsykje meie, kranten mei benammen noch ûnderbetelle freelance-meiwurkers – hoe sille dy blêden waakhûn fan de demokrasy wêze kinne?
It goede nijs is dat jo dêr sels wat oan dwaan kinne. Der sit mar ien ding op. Wês ferantwurdlik. Nim in abonnemint. Dat is like belangryk as stimme.

maandag 1 juli 2013
Woansdei yn it Friesch Dagblad: Reboelje oer Buchmesse
Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Der wie ris in lân mei in Kening, in Bibleteek en in Stipefûns foar Boeken. De minsken praten der Bryks, Nijbryks of Rjochts. En doe kaam de Buchmesse deroan en moast der foar de promoasje in list mei titels komme fan boeken yn it Bryks:
"De Kening hie eins in wearzge fan it Bryks, want wat koene jo dermei. Dat, de Kening liet de taak om titels út te sykjen foar de Brykse ‘top-10’ mar al te graach oer oan de Bibleteek en it Stipefûns foar Boeken. Benammen de Bibleteek spile in wichtige rol yn it lân, teminsten, wat Brykse saken oanbelange. Miskien wie it sels wol sa dat de Bibleteek wat tefolle taken en ferantwurdlikheden nei himsels ta helle. Mar ja, sa gie soks no ienris yn dat trijetalige lân."

Abonneren op:
Posts (Atom)