Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear oer de mooglike oergong fan de Fryske Akademy fan de KNAW nei de UCF yn Ljouwert:
"Mar giet it hjir om in bedriging, of krekt om in kâns? Oansluting fan de FA by de nije, yn 2011 oprjochte University Campus Fryslân (UCF) yn Ljouwert is miskien wol in folle bettere opsje as in ûnwis bestean as ûnderknuppel fan in nasjonaal ferbân. Mei de komst fan de FA nei de UCF sil de UCF faaks better útgroeie kinne ta in echte universiteit. In Fryske universiteit, dy’t wy al sa lang (sûnt 1811) misse moatte."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten