zondag 20 januari 2013

It draaiboek

Fol goede moed, want noch gjin weet
fan gnjirdzjende kjeld, fan skonken
dêr’t de froast, alhiel op skik
en goed op gleed, yn opkrûpt
troch it moarch djip yn ’e bonken
yn ’e hoop dat ik derûnder strûp;

sa streekje ’k mei breed berik -
ik set yn Ljouwert fleurich út ein.
Hinneglydjzend oer de glêde Swette
koers ik - dit is lok! - op Snits oan,
regelmjittich ridend as in diseltrein,
in swart stipke yn it wiidwite lân.

Myn skaad skekt muoiteleas mei.
Laitsjend jou ik har, djip sittend,
folle hite, kâld-beripe willetuten
op twa lippen en twa brilleglêzen.
Fan de finish doe neat noch wittend,
it draaiboek noait net útlêzen.

It donoriis slacht oan fan leafde
foarearst, en de tocht fan tochten
is in op wjokken gean nei Drylts.
Mar, wylst ik tûk de skuorren mij
en tige sierlik rûnje de bochten,
fljocht sy synienen my foarby

om nei Sleat fier út sicht te reitsjen.
It folk op ’e wâl ek ûnneispeurlik
mei trommel en toeter fertrokken,
stiet boppe Starum de sinne iis-
blommeranend en bûtengebeurlik
fan 't sintrum en fan 'e wiis;

eaget de iensume reedrider nei,
dy’t stûf oer klúnplakken klost,
wer de oanheljende wyn trotseart,
no sûnder ridersmaat en stalke.
Yn Hylpen mis ik de stimpelpost,
yn Warkum de pûrelarymolke.

Yn ’e fierte lizze de feepleatsen.
De boeren melke op sinnesellen.
Wynmûnen prikke steil de wierheid
oan in loft no leech en griis as laai:
Boalsert driuwt op molkefellen,
Harns wurdt yn jiskewolken wei.

Ier falt de jûn oer ’t Fryske lân,
foar 't gefoel is 't al djip ûnder nul.
Tsien kear knoffelje en de knibbels
lizze my oan bliedens ta iepen.
Is dizze tocht gjin grutte flauwekul?
Lit my gewurde, lit my sliepe,

wês my genedich, master Froast,
jou my noch fóar Frjentsjer in stee
yn de stive reiden fan de Ried
of oars mar ûnder Getswerdersyl.
Ik, in klosjaar op stompe redens,
in wurge toerrider sûnder styl.

Dan wurdt it deastil om my hinne.
Oer Doanjumerfeart en Blikfeart
rinne grif al de rjochte streken
fan har, dy’t my fier foarút is
mar ik, in slûgen en neat byleard,
wit net mear wat skyn is en wat wis.

Spoeken helje my by Dokkum yn,
dwaalljochten ljochtsje my by!
Skimen raze nei my, skaden roppe!
Achter de nacht stiet in húske.
Dêr, oan 'e ein, de riderij foarby,
wachtet my it Alvestêdetochtkrúske.

*

(bywurke 20 jannewaris 2013)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten