Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Wêrom is de skriuwer eins altyd de slútpost yn it Frysk boekebedriuw? En wannear sil dêr ris wat feroaring yn komme?
"Is de Fryske literatuer, of yn bredere sin it Fryske boekebedriuw, yn dat ljocht ek net in soarte fan Frânske Revolúsje dy’t syn kroast opfret? Je soene it hast tinke, as je sjogge nei de ferdieling fan it beskikbere jild yn it sirkwy fan skriuwers, setters, foarmjouwers, útjouwers en boekhannels. Allegear fertsjinje se jild, hawwe omset, of strike subsydzje op. Allegear hawwe se yn alle gefallen in ekonomyske bân mei de Revolúsje.
Op de skriuwers nei, yn fierwei de measte gefallen. De skriuwers, de wiere revolúsjonêren, de ‘bern fan de literatuer’, binne mar al te faak de slútpost fan it systeem. As it oan harren ta is, dat wol sizze as de werklike kultuerdragers wat weromfreegje foar harren ynspanningen, dan is it jild op."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten