woensdag 16 januari 2013

Presintaasje In hazze is in lokkich bern en Ravensulver, Gedichtedei, 31 jannewaris, Tresoar

útnoeging / uitnodiging

Utjouwerij HotSum noeget jo mei út namme fan Edwin de Groot, Abe de Vries, de Contrabas en Tresoar fan herten út foar de presintaasje fan twa twatalige dichtbondels op Gedichtedei yn Tresoar, Ljouwert. Mei û.m.:
- Foardracht;
- Twa winners fan foardrachtskriich FERSTIVAL;
- Anne Tjerk Popkema oer literêr oersetten;
- Muzyk fan Herman Peenstra;
- Penneldiskusje oer oersetten û.l.f. Teake Oppewal
31 Jannewaris, Tresoar, 16.00 oere.
Uitgeverij HotSum nodigt u mede uit naam van Edwin de Groot, Abe de Vries, de Contrabas en Tresoar van harte uit voor de presentatie van twee tweetalige dichtbundels op Gedichtendag in Tresoar, Leeuwarden. Met o.m.:
- Voordracht;
- Twee winnaars van voordrachtwedstrijd FERSTIVAL;
- Anne Tjerk Popkema over literair vertalen;
- Muziek van Herman Peenstra;
- Paneldiscussie over vertalen o.l.v. Teake Oppewal.
31 Januari, Tresoar, 16.00 uur.

In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind is Edwin de Groot's tredde dichtbondel en syn earste twatalige. Tema's as fergonkelikheid, de betreklikens fan ús bestean en it bestean fan de dichter foarmje wol de reade tried. Oan 'e ein binne we inkeld in stofke yn it universum. Dat kin tryst oerkomme mar ek befrijend wêze.
Een haas is een gelukkig kind / In hazze is in lokkich bern is de derde dichtbundel van Edwin de Groot en zijn eerste tweetalige. Thema’s als vergankelijkheid, de betrekkelijkheid van ons bestaan en het bestaan van de dichter vormen wel de rode draad. Aan het einde zijn we maar een stofje in het universum. Dat kan triest overkomen, maar ook bevrijdend zijn.

Abe de Vries presintearret syn sechsde bondel, Ravensulver / Ravenzilver. Leafde, heit, lân en taal, bytiden liket it as is in grut part fan jins wrâld oan it ferdwinen, weisinkend yn de tiid, it oantinken. Allinnich op it eilân fan de poëzij kin wat der fan oer is behâlden bliuwe. Sân searjes fan trije fersen litte har lêze as in opstannich postskriptum by de yllúzje fan duorsumens.
Abe de Vries presenteert zijn zesde dichtbundel, Ravenzilver / Ravensulver. Liefde, vader, land en taal, soms lijkt het alsof een groot deel van je wereld aan het verdwijnen is, verzinkt in de tijd, de herinnering. Alleen op het eiland van de poëzie kan een restant behouden blijven. Zeven series van drie gedichten laten zich lezen als een opstandig postscriptum bij de illusie van duurzaamheid.

*
Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) debutearre yn 2005 mei it fers ‘Slachfjild’. Nei ferskate publikaasjes yn de tydskriften De Moanne, Farsk, Hjir, ensafh en op de Contrabas kaam yn 2008 syn debútbondel Ik skip út. Yn 2010 ferskynde Tongfal. Edwin de Groot krige yn 2007 in Rely Jorritsmapriis foar syn fers ‘Yn it omgean’.
Edwin de Groot (Heerenveen, 1963) debuteerde in 2005 met het gedicht ‘Slachfjild’. Na verschillende publicaties in de tijdschriften De Moanne, Farsk, Hjir, ensafh en op de Contrabas kwam in 2008 zijn debuutbundel Ik skip uit. In 2010 verscheen Tongfal. Edwin de Groot kreeg in 2007 een Rely Jorritsmaprijs voor zijn gedicht ‘Yn it omgean’.

Abe de Vries (Winaam, 1965) publisearre De weromkommer yn it ûnlân (2002), In waarm wek altyd (2004), Under fearne goaden (2006), Fangst fan ‘e demoandolfyn (2008) en Sprankeskyn (2010). Yn 2002 krige er foar syn syklus ‘Fersen fan ferjitten’ de Rely Jorritsmapriis; yn 2005 foar syn twadde bondel de Gysbert Japicxpriis. Syn esseebondel Identiteit & kowesturten (2008) waard yn 2012 nominearre foar de Fedde Schurerpriis.
Abe de Vries (Wijnaldum, 1965) publiceerde De weromkommer yn it ûnlân (2002), In waarm wek altyd (2004), Under fearne goaden (2006), Fangst fan ‘e demoandolfyn (2008) en Sprankeskyn (2010). In 2002 kreeg hij voor zijn cyclus ‘Fersen fan ferjitten’ de Rely Jorritsmaprijs; in 2005 voor zijn tweede bundel de Gysbert Japicxprijs. Zijn essaybundel Identiteit & kowesturten (2008) werd in 2012 genomineerd voor de Fedde Schurerprijs.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten