Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer guon konsekwinsjes fan de útstelde nije nota Kultuer, Taal en Underwiis fan de provinsje. Deputearre Jannewietske de Vries is fan doel om twa fan de trije Frysk-literêre prizen ôf te skaffen. Allinnich Provinsjale Steaten en skriuwersprotesten kinne it tij keare!
"‘Het Fries geeft kracht,’ skriuwt deputearre Jannewietske de Vries yn har foaropwurd by de nije nota Kultuer, Taal en Underwiis. De provinsje fynt de taal tige wichtich, sa stiet efkes fierderop. In espeltsje moaie en modieuze wurden kom ik tsjin. Jonge talinten (software) moatte wy koesterje. Foarsjennings (hardware) moatte op peil bliuwe. Taal en kultuer (mindware) moatte fitaal bliuwe. En elk wit – want perfesser Goffe Jensma hammeret der gauris op – dat it skreaune Frysk de rêchbonke fan de taal is.
Hoe is dêrmei te rymjen dat de deputearre ûnder dekking fan swietlûdich kultuerpropagandistysk praat oer ‘kracht’ tagelyk twa fan de trije Frysk-literêre prizen ôfskaffe wol?"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten