Achte skriuwer,
As organisatoaren fan Projekt P by de priisútrikking fan de Obe en de Fedde wolle wy noch in ferfolch jaan op de aksje fan 12 oktober. Dy middeis ha goed tritich skriuwers meidien, dêrneist hienen wy tweintich ôfberjochten krigen fan skriuwers dy’t witte lieten it in ‘baas aksje’ te finen, mar gjin tiid frij meitsje te kinnen. Oer it foarnimmen fan de provinsje de beide prizen ôf te skaffen binne tal fan stikken yn de media ferskynd, ûnder mear fan André Looijenga en Anne Tjerk Popkema yn de Ljouwerter.
‘Aksjefiere’ is ien ding, mar der moat, tinke wy noch al in ferfolch op komme. De nota Taal, Kultuer en ûnderwiis wurdt 31 novimber behannele yn de kommisje Boarger en Mienskip, dat is is saak om dêr safolle mooglik ynfloed op út te oefenjen. Nei de aksje ha wy in prima petear hân mei Bert Looper, oer it prizebelied, mar ek oer de aktiviteiten fan Tresoar as de Moanne fan It Fryske Boek en de promoasje fan Fryske literatuer yn it algemien. Dêrneist binne wy fan doel om te besykjen en meitsje in ôfspraak mei Jannewietske de Vries oer it letterenbelied as ferwurde yn de nota. Foar wy yn petear mei har gean, stjoere wy in brief mei dêryn ús stânpunten oer de plannen, net allinne wat it prizebelied oangiet, mar ek oer de beurzen foar debutanten en de sitewaasje yn letterenlân yn it algemien. Wy wolle jo freegje om it inisjatyf te stypjen troch jo namme deroan te ferbinen. By it brief oan de deputearre en oan de steatefraksjes komt dan in list mei adheezjebetsjûgings. Sjoch bylage. Graach foar 31 oktober berjocht.
“En it Skriuwersboun dan?”, sille jo miskien tinke. It bestjoer fan it Skriuwersboun hat as reaksje op de nota op 6 septimber al de saneamde “brânbrief” skreaun, te finen op de webside fan it Boun. Dêryn stiet: “Wy hawwe begryp foar it fuortsnijen fan in oantal literêre prizen en it fersterkjen fan de Gysbert.” Ut de kommoasje om de útrikking fan de Obe en de Fedde hinne hat wol bliken dien dat in grut part fan de skriuwers der oars oer tinkt. Sels trije bestjoersleden dienen mei. Nei ôfrin fan de priisútrikking frege Omrop Fryslân de deputearre oft sy op har foarnimmens werom komme sil. “Nee,” liet Jannewietske de Vries op resolute toan witte, “ik sykje om nije wegen om de Fryske literatuer te stimulearjen en ek it publyk, in grutter lêzerspublyk te berikken en dêr binne wy mei de skriuwers oer yn petear. It Skriuwersboun hat sels advisearre om dizze prizen, om hjir sa mei om te gean. Om dat ôf te skaffen.”
Underwilens ha de leden fan it Boun in útnoeging foar in temagearkomste krigen, dy is op op 3 novimber om 14.30 by Wouters en it tema is de kultuernota. Lit it oerlis mei en de ‘brânbrief’ fan it bestjoer foar de deputearre net de stok wurde om de Fedde en de Obe mei fuort te slaan… Temagearkomsten binne foar elkenien tagonklik – lid of net – dat it is dan ek saak dat safolle mooglik skriuwers en oare belanghawwenden oanwêzich wêze sille. Om te praten oer de prizen, it letterenbelied én de wize wêrop’t it bestjoer de belangen fan de skriuwers yn dizzen behertiget. Ek fan ús kant hoopje wy op jimme komst.
Freonlike groet,
Elmar Kuiper
Elske Schotanus
Hilda Talsma
Abe de Vries
Geen opmerkingen:
Een reactie posten