woensdag 16 maart 2011
Trinus Riemersma (1938-2011)
Fers 10
de pommeranten dêr fersjochst dy op
de mannen mei de rûme blik
de ferljochten de jovialen
de skouderhuffers
de sprekkers foar frede
ûntwapening oekûmene
de striders foar it gemien belang
kut
as se noadich haste
dan blykt dyn eigenbelang
net ta it gemien belang te hearren
d.w.s. de mannen kinne gjin foardiel
út dyn saakje helje
dat bringt har neat tichter
by de begearde post
(haadredakteur, âlderling
riedslid rektor ynspekteur
keamerlid direkteur)
dat algemiene belang
is kamûflearre eigenbelang
tink marris oan de glêde manûvrearders
dyn maten fynst net by de pommeranten
mar by de kwerulanten
de maatskiplik mislearren
de jonges dy’t yn it ferdomhoekje steane
mar hear it evangeelje fan ’e wraak
- wat troch it minskdom fersmiten wurdt
is troch God útferkard -
knoop dat yn jim ear
kutkristenen en arrivearre sosjalisten
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten