zaterdag 12 maart 2011

Tim yn foarprogramma keamermuzyk-konsert Oostzaan

Fioelist Tim de Vries (10) en pianiste Hilde Stolker spylje fannejûn yn de Grutte Tsjerke fan Oostzaan yn it foarprogramma fan it keamermuzyk-ensemble fan Julija Hartog (fioele), Johan van Iersel (sello) en Reineke Broekhans (piano). Tim en Hilde spylje wurk fan Hans Cox en Leo Portnoff, it trio bringt Schubert, Debussy, Rachmaninof en Brahms.

Julija Hartog is sûnt 2000 earste fioeliste fan de Radio Kamer Filharmonie. Johan van Iersel is plakferfangend solosellist by it Koninklijk Concertgebouworkest en Reineke Broekhans is dosinte oan it Rotterdams Conservatorium. Tim de Vries studearret oan de Academie Muzikaal Talent, Hilde Stolker is oan de AMT ferbûn as dosinte en begeliedster.

It konsert wurdt organisearre troch de stichting KIOZK (Kunst In de Oostzaanse Kerk) yn gearwurking mei it Nationaal Muziekinstrumentfonds. Tim spilet op in Wilhelm Paul Kunze-fioele út 1930, dy’t er yn brûklien hat fan it Nationaal Instrumentenfonds.

De tsjerke giet om 19.30 oere iepen.



 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten