vrijdag 11 maart 2011

Krekt ferskynd lústerboek mei alle bondele gedichten fan Abe de Vries, 2002-2010: Dy't in hûs fynt op 'e wyn


Abe de Vries (1965) is ien fan de produktyfste dichters fan it lêste desennium. Yn syn fersen slacht er brêgen tusken tichtby en fier fuort, it noarden fan Fryslân en it easten en suden fan Europa, tradysje en fernijing, Fryske poëzij en wrâldliteratuer. Yn 2005 waard him foar syn twadde dichtbondel de Gysbert Japicxpriis takend.

Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels De weromkommer yn it ûnlân (Bornmeer 2002), In waarm wek altyd (Bornmeer 2004), Under fearne goaden (Bornmeer 2006), Fangst fan 'e demoandolfyn (Bornmeer 2008) en Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij 2010). De fersen wurde foardroegen troch de dichter sels.

“Dizze tekens fan de weromkommer steane yn it lân as reklamebuorden by de diken lâns, boadskippers fan pikefel om mem en taal en lân.” (Tsjerk Veenstra)

“Abe de Vries wie foar my in iepenbiering. Fan de nijste lichting haw ik syn stjer it heechst.” (Eppie Dam)

“Hoewel zijn Friese achtergrond in veel gedichten (...) het decor vormt, blijft De Vries daar bepaald niet nostalgisch of romantisch in steken en spelen ook Oost-Europa of een warm Italië of Griekenland een rol. Hij snijdt in prachtige beelden en rijke taal universele thema’s aan, zoals de verhouding tussen (eigen) verleden en heden.” (Jelle van der Meulen)

“De Vries schrijft poëzie die, letterlijk, van alle tijden is. Imponerende verzen, in een poëtische spreektaal, die nergens verslapt.” (Chrétien Breukers)

“Mar it dichterskip fan Abe de Vries, mear yn it bysûnder syn bondel In waarm wek altyd, stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan ’e hjoeddeiske Fryske poëzij út dat wy him unanym en mei in protte nocht en wille foar de Gysbert Japicxpriis 2005 foardrage.” (Michaël Zeeman, Klaas van der Hoek, Jitske Kingma)

Omslach en foto: Abe de Vries

ISBN:
9789461495259

ISBN cd-versie:
9789460380532

Spyltiid: 4 oeren 34 minuten

Priis: 16,50

Bestelle of dellade:
http://www.luisterrijk.nl/luisterboek/1378/dyt-in-hus-fynt-op-e-wyn



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten