maandag 10 oktober 2011
zondag 9 oktober 2011
leafste bear
ik koe noch mar amper rinne en ik hie al
in leafste bear as se in goed sin hie
die se it nachtljocht út mei har
oansketten rjochter flapear
harke se nei my as ik skrieme woe
mar frege ik har wêr’t se weikaam
dan sei se neat dan sei se my neat mear
soe se salve strike skuorde se de hûd derôf
soe se treastgje sloech se klauwen
ik koe amper rinne en ik hie al in leafste bear
dy’t ik dit brocht en dat brocht
mar elk wurd dat út myn mûle kaam
waard skeind troch myn grutte snijtosk
gjin pleisters plakte ik gjin waarme wyn
om wer in knuffel te meitsjen út neat
.

blies ik fluitsjend ik koe mysels net fine
út de bear prate ik net de pine
lang lyn sinjalearre sittend yn in hoekje
yn in read truitsje in read broekje
in blau each it bearwêzen folslein ferleard
it sloech op tawijing telider en it is
net mear nei te gean ik sis ek mar watom wer in knuffel te meitsjen út neat
.
Frazey Ford Sings Bob Dylan's One More Cup Of Coffee
Gloednij op YouTube!! Benefytkonsert op Tiengemeten!! Ek Frazey Ford (The Be Good Tanyas) hie wol wat west foar it festival Explore The North.
zaterdag 8 oktober 2011
donderdag 6 oktober 2011
KOLLUM (16): PvdA-Ljouwert makket stimming tsjin Fryslân 2018
Yn in espressobar oan de Nijstêd yn Ljouwert, neffens liwwadders.nl “het brandpunt van journalistiek onderzoek”, fûn okkeries in moardpoging plak op Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.
Diskear twa would-be Brutussen: Andrea Möller, ôfdielingshaad by Parnas, en Sjoerd Feitsma, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert. Möller fynt de gong fan saken by Fryslân 2018 “allemaal wat vreemd” en suggerearret dat de finânsiering derfan op kosten giet fan besteande foarsjennings, lês: Parnas. En Feitsma “ziet alleen nog maar een bus waar wat foldertjes worden uitgedeeld”.
It amper ferburgen synisme docht dochs wat nuver oan. Möller wit hiel goed dat Fryslân 2018 betelle wurdt út oare jildstreamen as de rivier dêr’t Parnas út drinkt en Feitsma wit hiel goed dat der meikoarten in betide fersy fan it ‘bidbook’, in rûteplan nei 2018 ta en noch fierder, oan Deputearre Steaten oanbean wurde sil.
Hy wol de diskusje alfêst op skerp sette mei in warskôgingsskot: tink derom, de PvdA Ljouwert is net op foarhân entûsjast. Feitsma hat it oer in “provinciefeestje” en dêrmei bejout er him yn in net al te produktive kompetinsjestriid mei de provinsje. Mar tagelyk makket de fraksjefoarsitter op dy wize stimming (“ik ben erg cynisch hierover”) tsjin in trajekt dat pas de kommende moannen in foarm krije sil dy't de wrâld yn kin en dy’t de minsken oansprekt.
Blykber wurdt sa’n opstelling út Ljouwert wei fan Feitsma ferwachte. It soe lykwols goed wêze om jin te realisearjen dat Fryslân 2018 dé belangrike sosjaal-kulturele ympuls wêze sil dy’t hjir noadich is, in fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk bûten de stêd likegoed as yn Ljouwert.
As ik Feitsma wie, soe ik de herder noch mar efkes yn 'e bûse hâlde: aansen earst it bidbook lêze.

maandag 3 oktober 2011
Pake Abe is ûntdutsen
Hee, pake Abe is ek troch de krante ûntdutsen. Teake Oppewal hat sneon in lêzing hâlden oer famyljerelaasjes yn de Fryske literatuer en op ien of oare wize kamen myn pake, stoarn yn 1996, en ik dêr ek yn foar. Sietse de Vries fan de LC docht ferslach:
“De enkele jaren geleden opgestane dichter Abe de Vries bleek onverwacht een grootvader te hebben die ooit als conferencier op bruiloften optrad. Oppewal was er achter gekomen doordat grootvader en kleinzoon hun voor- en achternaam delen. ‘Hjir sjogge jo oars ek wer it moaie fan dy gewoante om bern nei har pake of beppe te neamen’.”
Dat ‘enkele jaren geleden opgestane’ is grif in grapke fan Sietse, mar ik wol him wol even byljochtsje oer pake. Dy hie nammentlik yn de jierren ’50 in lyts kabaretselskip mei twa sjongeressen en in akkordeonist út Harns, en hy dêr dan as smoutprater en foarsjonger by. De optredens bleaune net beheind ta brulloften; se ha ek yn Drachten en Warns wol west. Mear ha ik der net fan achterhelje kinnen.
It wie de tiid dat er behalve boere-arbeider ek kafeehâlder wie yn Winaam. De ûnderfining op it poadium koe pake goed brûke yn syn lettere wurk as opropper foar in pear notarissen út Frjentsjer en omkriten, dêr’t guon âldere minsken him miskien noch wol fan kenne sille.
Pake Abe waard berne yn Doanjum yn 1904, ferlear syn heit as jonkje al en syn broer doe’t er yn ’e tweintich wie. In lytse man mei in grutte stim, altyd fleurich en fluitsjend en sjongend, helle beppe Klaske as jongfaam út Alde Leie wei en mei de húsried op in wein gie it nei Salwerd: de earste arbeidersbaan by in boer.
It fierdere libben sil ik hjir net oer útwije, mar oer dat plak fan saniis ha ik in fers skreaun, op 17 juny publisearre op seedyksterfeartfisk. Miskien dat Teake ek troch dat fers (‘Pardon my French’ 3: ‘It oerset’) op it spoar fan pake Abe kaam is. In foto fan him as bôlesuteler foar in bakker yn Harns stiet yn in fitrine fan de Gysbert Japiksseal yn Tresoar.

zondag 2 oktober 2011
Abonneren op:
Posts (Atom)