Ferrassend nijs yn myn eigen krante: It Skriuwersboun hat in kommisje ynsteld, of sil in kommisje ynstelle, of is fan doel in kommisje yn te stellen as de leden it dermei iens binne, mar dy binne it altyd oeral mei iens, om takom jier trije Fryske proazaskriuwers te nominearjen foar de P.C. Hooftpriis.
As kommisjeleden wurde neamd Sietse de Vries (sjoernalist,
thriller- en toanielskriuwer), Pier Boorsma (dichter) en Karen Bies
(programmamakker by de Omrop). Ik ha dalik socht nei in nijsberjocht op de site
fan It Skriuwersboun – fergees. It nijs wurdt ús ferteld troch Martsje de Jong,
lid fan de kommisje dy’t fan ’t jier in boekje gearstalde mei wurk en biografyske
gegevens fan tsien Fryske dichters.
Goed. As ik Frysk proazaskriuwer wie - mar gelokkich bin ik
dat net - en as ik lid fan It Skriuwersboun west hie - en al like fortúnlik bin
ik dat ek net – dan hie ik no efkes de eagen sletten en ta tsien teld.
Komoan, ik doch dat dochs mar. …. en tsien. In pear opmerkingen.
Ien. It doel fan it niisneamde boekje, Neigeraden it
noarden, sorry, Naar gelang het noorden, wie om de grachtengordeldieren yn de haadstêd, ynklusyf it
bestjoer fan de P.C. Hooftpriis, fan it bestean fan dy dichters en har wurk op ’e
hichte te bringen. Dat hat grif fertuten dien, allinnich is dêr gjin bewiis fan ta
ús komd: ik ha gjin inkelde reaksje út de Rânestêd bespeurd.
Twa. Dy eardere kommisje – dêryn sieten Inge Heslinga, Goffe
Jensma, Martsje de Jong, Doeke Sijens en Hylke Tromp – hie aardich mear
literêre ynhouten as it triumviraat dêr’t It Skriuwersboun no mei op strûptocht
sil. En dy eardere kommisje hie ek wol safolle prestiizje, dat er botsingen mei
it bestjoer fan It Skriuwersboun, lês: de ik-bepaal-it-wol-efkes-foarsitter, net
út ’e wei gie. Faaks dat de nije slachtoffers better mei Verf oerwei kinne
sille?
Trije. Like sa’n bekendheidsaksje foar Fryske dichters noch
in hiel lyts bytsje kâns op sukses te hawwen, om’t yn it Fryske taalgebiet no
ienris ytlike poëten omrinne mei wurk dat goed genôch is om op nasjonaal nivo
meidwaan te kinnen, foar it Frysk proaza leit dat wat, lit ús sizze,
yngewikkelder. Hylke Speerstra? De kommisje wol grif de lêste Gysbert-advyskommisje
net skoffearje. Durk van der Ploeg? Dy hawwe advyskommisjes yn Fryslân oerslein
oant syn 81e, doe’t er einlings, pfff, de Gysbert krije mocht. Sipke
de Schiffart? Foar twa ferhalebondels en ien roman? Willem Schoorstra? Hardcore Fryske nasjonalisten stean yn Amsterdam al gau op achterstân, rûzje ik. De iennichste dy’t op grûn
fan kritiken en omfang fan it oeuvre in bytsje kânsryk yn ’e beneaming komme kinne soe, is, liket
my, Koos Tiemersma.
Fjouwer. In punt dat ik earder ek neamd ha. Is it de taak
fan It Skriuwersboun om him yn te setten, net foar ál syn leden, mar foar mar
in pear?
Fiif. Binne der gjin driuwender saken dy’t it omtinken fan
It Skriuwersboun freegje as dit, diskear, frij kânsleaze biddeljen om mear
prestiizje yn in oar taalgebiet? Reparaasje fan ús ferrotte prizesysteem, bygelyks?
Soargje dat mear Fryske skriuwers oan bar komme yn de him ûntjaande, kommersjeel
motivearre festivalisearring fan literatuer? Meiwurkje oan de realisearring fan
in écht Frysk literatuerfestival?
Seis. Ien en oar komt op my oer as benammen in mispleatst besykjen
om nut en needsaak fan It Skriuwersboun te ‘bewizen’ yn de eagen fan de
provinsjale jildsjitter. In jildsjitter dy’t neffens de frijwillige
bestjoersleden fan It Skriuwersboun de ûnkostefergoeding foar de frijwillige bestjoersleden
fan It Skriuwersboun mei 1000 prosint ferheegje moatte soe.
Spitich, ik kom net earlik op tsien punten. Mar sa is it earst ek wol moai genôch, of just net, netwier?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten