Dêr't twa harsensskrabje, hawwe fiif skuld
Oekrayne ferliest de oarloch mei Ruslân. Nederlânske topmilitêren wolle dat wy ús tariede op it slimste. Tsjingas: it wurdt tiid om de NAVO by de dyk te setten en te wurkjen oan in pan-Europeeske feilichheidsregeling, ynklusyf Oekrayne en Ruslân.
Jannewaris 2024 is in tsjustere moanne. As in reuseftige
inketfisk, sa slacht it militêr-yndustrieel kompleks syn tentakels om ús hinne.
Nederlânske boargers moatte har tariede op oarloch. Sjen dat se in radio yn hûs
helje. In tûne mei drinkwetter yn ’t hok sette, foar need. Miskien moat de
tsjinstplicht wer ynfierd wurde. Sok skokkend spul spuide de foarsitter fan it
Militêr Komitee fan de NAVO, in Nederlânske admiraal mei namme Bauer, okkerdeis
yn ûnder mear De Telegraaf.
De Nederlânske ekonomy, mient Bauer, moat omfoarme wurde ta
in oarlochsekonomy. Want de NAVO hat net genôch wapens mear om te ferklapbûtsen
yn Oekrayne, en de Russen stean dus takom jier op it strân fan Skeveningen. Yndie
sjit Ruslân alles út ’e loft en op ’e grûn yn ’e brân wat ‘wy’ al sûnt rûchwei
2017 oan moardtúch nei Kyiv stjoerd hawwe. Yn feite hat de NAVO himsels
ûntwapene; alle âlde rotsoai dy’t de hâldberheidsdatum al foarby wie is dy kant
út gien of sil dy kant út, en wat wy sels oerhâlden hawwe, dêr kinne wy noch
net iens de Houthi’s mei sear dwaan. Dat, it Nije Werbewapenjen moat noadich begjinne.
Fertsjinnet soks gjin tsjingas? Blykber is alles better as
ûnderhannelje mei Moskou. It is in útkomst dêr’t de neo-cons dy’t oare
kant de Atlantyske Oseaan de macht hawwe al oan wurkje sûnt Biden op it plúsj
bedarre. De Oekraynske boargeroarloch sûnt 2014? Prate wy net oer. Minskerjochten
foar etnyske Russen yn Oekrayne? Gjin ûnderwerp. De Minsk-akkoarten? Fan tafel.
De petearen yn Istanboel? In streek dertroch. Goedkeap gas foar Dútslân? In bom
derûnder.
Mar Amerikaanske en Britske beloften fan ûneinige stipe foar
Oekrayne hawwe inkeld mar resultearre yn in pear hûnderttûzen begraffenissen en
noch mear amputearre earms en skonken. It Westen is yn de dearinnende steech
fan syn eigen hubris bedarre. En achterútride is net syn forte. Mar gelokkich
is it grutte publyk yn Europa en Amearika net hielendal op ’e achterholle
fallen. It sjocht hoe’t de ekonomyske oarloch tsjin Ruslân de gasprizen
opdreaun hat. It kin hieltyd minder keapje foar itselde jild. It krijt foar ’t
snotsje dat Dútslân, de ekonomyske motor fan Europa, himsels
de-yndustrialisearret. It frezet dêr ek in reis fan mei te krijen. En it wurdt
sa njonkelytsen deawurch fan alle nepnijs en alle framing en alle winsktinken yn
de berjochtjouwing.
De PVV wint. AfD wint. Trump wint. En mismanager Biden is yn
novimber exit, tegearre mei de Kâlde Oarloch-entûraazje dy’t him (letterlik) oereinhâldt.
Soks hat oarsaken. Krije wy no aansen in tiidrek fan westersk isolasjonisme,
sil ‘de demokrasy’ wrâldwiid belies jaan, sille ‘de autokraten’ wrâldwiid de
slach winne? Mei bangmakkerij besiket de oarlochspartij de minsken har werklike
problemen ferjitte te litten en it jild út de beurs te praten. Idealen kostje wat,
yn dy trant.
Nee, wat jild kostet, en ûntelbere libbens dêr nochris
oerhinne, is it idee dat it Westen oeral baas spylje mei, oeral bombardearje
mei, heale lannen yllegaal besette mei (Syrië), om’t it moreel superieur wêze
soe oan alles en elkenien. Europa is in tún, it oare fan ’e wrâld in jungle.
Dat yn ’e grûn rassistyske idee kommunisearre EU-bûtenlânsjef Josep Borrell twa
jier lyn. Op dy misfetting is it monstrum fan de ‘rules based international
order’ basearre, it westerske alternatyf foar it ynternasjonaal rjocht. Skande,
skande roppe as in Russyske raket by ûngelok twa boargers deadet, swije as it
grêf as freon Israël yn in pear moanne tiid mear as twa kear safolle
boargerdeaden feroarsaket op in pear kante kilometer Gaza, as Ruslân en
Oekrayne yn dik twa jier dien hawwe oan in tûzen kilometer lang front.
Gjin wûnder dat it omsittend laach, ek wol de Global South
neamd, dy westerske morele mearderweardichheidspretinsjes op in pypfol hat. Dêr
wit men al lang: demokrasy is eat dat Washington as it sa útkomt omearmet, en
as it sa útkomt ek like gau wer falle lit. Sjoch Vietnam, Libië, Irak,
Afghanistan.
Dat hâldt admiraal Bauer net tsjin en meitsje de
nuverste kattesprongen. Hy wol in ‘samenlevingsaanpak’. In
‘oorlogsvoeringstransformatie’. Bygelyks: it soe goed wêze as Nederlân mear
tanks oantuge soe, mient de seebonk. ‘Tanks behoren tot het arsenaal dat we
nodig hebben om ons actief te kunnen verdedigen.’ Dat type rottekrûddjoere
wapensysteem ha ‘wy’, moai wat jierren lyn alwer, suver hielendal ôfskaft. Logysk.
Oan it Oekraynske front wurde tanks alle dagen yn âld izer feroare troch spotgoedkeape,
mar o sa effektive drones.
Wat wérklik de feilichheid yn Europa befoarderje soe, wyld
idee, is de NAVO ôfskaffe en in pan-Europees feilichheidsmeganisme yn it plak
dêrfan sette. In pakt dêr’t ek Oekrayne én Ruslân diel fan útmeitsje. Yndie, it
âlde plan fan Gorbatsjov, dêr’t de Amerikanen doedestiids spûkbenaud foar wiene,
dat dus gjin skyn fan kâns hie. In fisionêr plan. As antwurd krige it de
bekende searje útwreidingsfjildtochten fan EU en NAVO rjochting de Russyske
grinzen dêr’t wy no de soere fruchten fan plôkje.
Om opnij romte te meitsjen foar in pan-Europeesk inisjatyf
is it saak en wês in kear reëel oer de oarsaken fan de oarloch yn Oekrayne. ‘Wy’
ha de wierheid net yn pacht. Dêr’t twa harsensskrabje, hawwe fiif skuld. Elites
yn Washington, Londen en Brussel hawwe allesbehalve skjinne hannen, sa’t
hieltyd mear wittenskippers doarre te sinjalearjen. Doubling down is it
iennichste antwurd yn har wurdboek. Se hawwe blynseach har russofobe patrûljes
de frije hân litten. Se hawwe de Europeeske ekonomy yn ’e fernieling holpen. Se
hawwe Oekrayne yn ien grutte greppel feroare. Se hawwe Ruslân yn ’e earms fan
Sina dreaun. Se etalearje de slimste diplomatike en morele ympotinsje sûnt de
19e iuw stomprûn op de Earste Wrâldoarloch.
Oant wy aansen ta binne, mei admiraal Bauer en konsorten as ynstekkers, oan wrâldoarloch nûmer trije?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten