Ek in goeie metoade foar wittenskiplik ûndersyk: tel it oantal nijs-/parseberjochten fan in partij op syn webside en gean ris nei wêr’t dy berjochten oer gean.
Dan krije jo in idee fan de ûnderwerpen dêr’t dy partij graach, en de ûnderwerpen dêr’t dy partij minder graach mei assosjearre wurdt. Handich, of net?
De partij yn kwestje is de Frysk Nasjonale Partij (FNP), de webside is de sintrale webside fan de partij en sjoen is op de side ‘Nijsoersjoch’. It ûndersyksark is it telramt en it ynterpretaasjeramt is it sûne ferstân.
De risseltaten. Dit wittenskiplik ûndersyk wiist út dat dêr yn de perioade fan 1 jannewaris oantemei hjoed 15.40 oere mear as tritich berjochten op de site set binne. Fierrewei de measte berjochten geane oer natuer- en lânskipsbeskerming, duorsumens, lânbou/stikstof, ekonomy en iepenbier ferfier.
De Grutte Ofwêzigen binne de Fryske taal en it Frysk ûnderwiis.
Underwiis yn de Fryske taal? Frysktalige kultuer? Wy moatte hielendal hielendal hielendal werom, it is in ferrekt ein bonkeljen, nei 8 jannewaris – in gjalp foarôfgeand oan in nijjiersresepsje of sokssawat - om it tinkend part fan it omsittend laach alfêst mar de bek te binen wierskynlik - oer de winsklikens om software fan de Fryske Akademy te brûken foar it ûndertiteljen fan, jawol, gemeenteriedsgearkomsten. Nou, dat hat de webside dan teminsten berikt.
Pfffff. In ‘Fryske’ partij. Ofdroege troch de tsjinstanner, mar krekt noch de eare rêden. Hjir de publykskampanje fan de FNP fan 't jier, oan no ta:
23 juny 2020 FNP: bettere beskerming greidefûgelpykjes en reekealtsjes troch de ynset fan drones
18 juny 2010
FNP stelt fragen oer it behâld fan beamwâlen yn Fryslân
16 juny 2020
FNP: goede farferbining Ofslútdyk-Harns
8 juny 2020
Krityk op nij ferdielsysteem jild gemeentefûns
5 juny 2020
FNP yn koroanatiid
28 maaie 2020
Iepenbiere expertmoeting Thialf op 3 juny
27 maaie 2020
Moasje stikstofbelied: FNP, CDA en VVD wolle regy provinsje en ynset op ynnovaasje en ferduorsuming
26 maaie 2020
FNP wol ‘slank’ Europabelied
19 maaie 2020
Krityk regionale partijen op OV-plannen regear
15 maaie 2020
Krityk FNP op weihâlden studinten út OV
11 maaie 2020
Skriftlike fragen oer de weingatten yn de Alddyk ûnder Anjum
30 april 2020
FNP: soarch oer behâld lânskip Noardwest-Fryslân
21 april 2020
FNP: balâns hâlde tusken natuer en rekreaasje
15 april 2020
FNP, CDA en 50PLUS: regels sinneljedder binend fêststelle
9 april 2020
FNP: yntegraal finansjeel krisispakket by provinsje
2 april 2020
FNP: wentebou Goutum net op kosten fan greidefûgels
1 april 2020
Oandacht FNP foar gefolgen krisis foar doarpshuzen en wykgebouwen
16 maart 2020
De FNP is de kommende tiid stil
11 maart 2020
FNP: foar Fryslân as reinbôgeprovinsje
11 maart 2020
FNP, CDA en 50PLUS: gjin enerzjylânskip op goede lânbougrûn
4 maart 2020
Expertmeeting 5G op oanstean fan FNP, GrienLinks en de Partij voor de Dieren
3 maart 2020
Fakatuere: kommunikaasje-adviseur
26 febrewaris 2020
Bewiislêst skea troch gas- en sâltwinning moat by bedriuwen lizze, net by de boarger
24 febrewaris 2020
FNP wol legere kosten NOM
12 febrewaris 2020
FNP en ChristenUnie: ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne
31 jannewaris 2020
Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF
29 jannewaris 2020
Fryslân yn aksje tsjin leechfleanrûte JSF
22 jannewaris 2020
Klaas Fokkinga nije deputearre FNP
20 jannewaris 2020
FNP en 50PLUS wolle faasje mei oanpak fundearringen yn feangreide
15 jannewaris 2020
FNP stelt fragen oer studintetal RUG Campus Fryslân
15 jannewaris 2020
FNP Nijjiersgearsit 2020 Hallum Noardeast-Fryslân
8 jannewaris 2020
FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten.
Oant safier it Frysk-nasjonale politike program.
Onouhinkelike, wittenskiplik ferantwurde mjitting. Net aselekt, mar likegoed. Ik mis wol de wittenskiplik ferantwurde konklúzje mei de byhearrende betrouberens, mar mei it sone ferstân komt men sels in heul ein. Ousjoen dêrfan miende ik dat Abe de Vries op snein 28 juny om 13:23 op Facebook syn striid foar it Frysk opjoon hie, mar dat kin in ferkearde ynterpretaasje fan myn waarnimming west ha.
BeantwoordenVerwijderenIk sjoch no dat de oanjone tiden by de berjochten sa'n njoggen oere achterrinne by de aktuele. Dat jout betizing oer de krekte rin van de dingen. Yn alle gefallen is it berjocht oer de FNP fan nei 13:23.
BeantwoordenVerwijderen