zaterdag 13 juni 2020

Kurrikulum.frl: reekgerdyn foar etnisearring fan it Frysk ûnderwiis

Earne yn ’e wrâld leit in provinsje, dy hjit Fryslân, en yn dy provinsje prate de measte minsken Frysk en dêrneist ek Nederlânsk. Earne yn dy provinsje leit it doarp Drachten en earne yn Drachten stiet it gebou fan ‘meertaligheidscentrum’ Cedin, en earne yn dat gebou wurdt op ’t heden wurke oan in moaie en lukrative opdracht fan dy provinsje: fernij it ‘learplan’ foar ûnderwiis yn de Fryske taal. 

Dat sit sa: it ûnderwiis yn de Nederlânske taal is aardich op oarder, dat yn de Fryske is om jin oer te beskriemen sa min. Oer de oarsaken dêrfan – in grut tekoart oan meartaligens by it part fan de Fryske befolking dat net Frysktalich is, en yn it ferlingde dêrfan in ynstitúsjoneel-diskriminatware hâlding foar it Frysk oer by skoalbestjoeren – sille wy de mûle hjir mar net spiele, mar dat nije learplan op kommendewei is ús omtinken mear as wurdich. Want dat sil aansen de basis wurde wêrop’t ús demokratysk keazen provinsjaal parlemint beslute moat watfoar Fryske lessen yn ’e takomst jûn wurde sille oan watfoar soart bern. 

Hjoed hat it ûnfolpriizge Friesch Dagblad in earste stik oer de foarderingen, dêr yn dat gebou yn Drachten. Dêr wurket in tiim oan it opstellen fan it nije learplan, in tiim dat boppedat fia befeilige ferbiningen feedback krijt fan in ‘fjildgroep’ út de praktyk: learkrêften, skoaldirekteuren, learareoplieders, de Afûk en ‘Friese taalkundigen’. De lêste jierren binne  ,,nije ideeën” opkaam ,,oer bygelyks de wearde fan meartaligens en oer it sykjen fan ferbining mei oare fakken”, sa begjint Cedin-ûnderwiisadviseur Ferdau Terpstra fan Kurrikulum.frl. Dy nije ideeën betsjutte foar it fak Frysk dat fokabulêr en grammatika leare minder belangryk wurdt, ,,mar datst dy taal funksjoneel en betsjuttingsfol makkest foar learlingen”. 

It is de bedoeling dat aansen – nei 1 oktober – op basis fan it nije learplan ek nije kearndoelen formulearre wurde: wat moat it ûnderwiis krekt úthelje? ,,De âlde doelen wienen bot rjochte op inkeld kwalifikaasje – kennis en feardichheden toane kinne, mar ûnderwiis giet ek oer sosjalisaasje en persoansfoarming”, seit Bernadet de Jager fan Cedin. It sil derom gean moatte by de bern in positive hâlding foar it Frysk oer oan te kweekjen, seit Bertus Dorhout, tiimlieder op csg Liudger yn Burgum. 

Jo fiele al oankommen wêr’t dit hinne sil. It âlde belied (sûnt 2015) ken fjouwer oprinnende kearndoelen – fan, ûnderoan, Fryslân en it Frysk sympatyk fine, nei in bytsje kletse kinne oer neat yn it Frysk, nei boppedat ek noch in Fryske Suske & Wiske lêze kinne, nei boppedat ek noch in Fryske sin op papier kwattelje kinne. Skoallen hawwe ‘taalprofilen’ oanwiisd krigen mei byhearrende hegere of legere leardoelen. It tawizen fan ferskillende taalprofilen oan skoallen – in skoalle op it Fryskpratende plattelân hantearret ‘hegere’ leardoelen as in skoalle yn Camminghaburen – is ferline jier ferneatigjend beoardiele troch de ûnderwiisynspeksje, mei as offisjele reden dat it net liedt ta Fryske ambysjes op skoallen. 

Mar mei as wérklik pinepunt dat sa’n systeem delkomt op troch de oerheid sanksjonearre etnisearring fan it Frysk ûnderwiis en dus op diskriminaasje en ûntnimming fan it minskerjocht op fatsoenlik ûnderwiis yn de eigen taal. As jo yn Wommels wenje, krije jo bern better Fryske les as bywannear’t jo it miswier treft om yn Ljouwert tahâlde te moatten.  Om dizze beskamsume sitewaasje, yn 'e kearn feroarsake troch meartalich behindere skoalbestjoeren, nou wat mear út it sicht te setten, dêr is dat nije learplan fan Kurrikulum.frl foar ornearre. 

It wurket, sa leart ús de krante, mei fjouwer ‘Grutte Opdrachten’, fjouwer ‘tema’s’ dy’t beskriuwe wat en hoe’t de bern aansen Frysk leare sille. Ik nim se hjir efkes mei permisje oer yn de formulearring sa’t se yn de krante stean: 

1. Identiteit & Taal yn beweging. Oer de rol en wearde fan de Fryske taal en meartaligens foar identiteitsûntwikkeling. Learlingen wurde har der bewust fan dat se yn in meartalige provinsje wenje. Se ûntdekke it belang fan goede taalbehearsking fan it Frysk foar harsels en foar oaren as thústaal, twadde of nije taal. 
2. It is al begûn. Oer it leare te behearskjen fan en kommunisearje te kinnen yn de Fryske taal, fuortbouwend op de taalfeardigens fan elke learling. Dat betsjut dat sy leare om yn it Frysk te praten en petearen te fieren, dat sy mûnlinge, skriftlike, digitale of multimediale ynhâld fan it Frysk leare te begripen en te ferwurkjen en dat sy Frysktalige teksten leare te lêzen en te skriuwen. 
3. Sjoch om ’e hoeke: ferline, no en takomst. Oer de Fryske maatskippij, de omjouwing en it kultureel erfguod fan ferline, hjoed en takomst. Learlingen leare oer skiednis en lânskip, arsjitektuer, keunst, literatuer, tradysjes en noarmen en wearden. Se leare oer de politike en sosjale wearde fan it Frysk foar de mienskip. 
4. Sin’ en wille. Oer it fergrutsjen fan de (Frysk)talige kreativiteit en taalwille troch te eksperimintearjen mei de Fryske taal. Learlingen besjogge en beharkje Frysktalige keunstsinnnige en ekspressive aktiviteiten en wurde stimulearre om Fryske teksten te lêzen. Se eksperimintearje sels mei foarmen fan taal, lykas poëzij, lieten, films, raps ensfh. 

Oant safier de fjouwer ‘Grutte Opdrachten’. Al dalik sjucht men dat de fjouwer ‘opdrachten’ fertocht goed korrespondearje, al binne se yn in hip jaske stutsen, mei de âlde fjouwer dizenige kearndoelen. It grutste ferskil is yndie it hippe jaske: identiteitsûntjouwing, bewustwurding, meartaligens, noarmen en wearden, de mienskip, kreativiteit, ekspresje, eksperimintearje. Sa liket it noch wat, mar wat stiet hjir no winliken? Learlingen wurde har derfan bewust wêr’t se wenje? Learlingen wurdt ferteld dat it Frysk belangryk foar har is – ek al bliuwe it Fryske fokabulêr en de Fryske grammatika fierhinne geheim? Se leare oer de politike en sosjale wearde fan it Frysk foar de mienskip, mar dy ‘mienskip’ sels set dy wearde net sa heech? Se leare te eksperimintearjen mei de Fryske taal, mar se behearskje dy net, dus se leare kreupele boadskippen yn te tikjen op ’e mobyl? 

It is dúdlik: yn dit ‘learplan’ is it skriuwe kinnen fan it Frysk gjin ding dêr’t it praat oer gean moat. ,,Taal leare kin ek fia bûtenlessen, keunst of lokale skiednis”, mient Dorhout. ,,En it moat ynspylje op 21-iuwske feardichheden: lit se mar in promoasjefilmke oer Burgum meitsje of in rapnûmer opnimme.” (..) ,,Dy taalfeardigens krijt krekt in ympuls troch it sa praktysk te meitsjen. It resultaat bliuwt dat learlingen harkje, lêzen, praten en skriuwen leare. Mar wy wolle oare middels ynsette om dat te berikken. Dêrmei kinne wy in folle gruttere groep dosinten en learlingen entûsjast krije foar it fak.” 

Dorhout bedoelt: om’t wy eins neat feroarje, gjin hegere ambysjes fêstlizze en it inkeld mar wat oars formulearje, sille de skoalbestjoeren ús ‘plan’ aansens wol slikke. 

Mar wêrom der noch doekjes om wine? De kearn fan dit learplan is it fasilitearjen fan de fierdergeande etnisearring fan it Frysk ûnderwiis. De konsekwinsje fan dit plan is de eliminaasje fan it Frysk as skriuwtaal en de reduksje derfan yn it ‘meartalich’ ûnderwiis ta in samling inkeld noch ferbaal praktisearre regiolekten. In Provinsjale Steaten dy’t hjir aansen in klap op jout, sil troch dy't nei ús komme skuldich ferklearre wurde oan moard op wat oait de twadde rykstaal wie. 

.

1 opmerking:

  1. Lang stik, Abe. Mar neffens my komt it hjir op del:

    Salang’t de polityk gjin flau benul oer ien en oar hat (en ek net hawwe wol) en de ynstituten allinnich yn mooglikheden tinke om fannijs subsydzje yn te klauwen en dus mar ris efkes wat teksten gearstalle dêr’t de ûnwetige politisy wol op happe sille wurdt it neat mei it ûnderwiis.

    Tel dêr by op dat Omrop Fryslân werklik mei kûgelsfeart ôfskied fan de taal nimt. Wat sil in politikus of skoalmaster dan noch úthelje?

    Dy kinne yn dizze setting hielendal neat. Ik haw alle hope al hiel lang opjûn.

    BeantwoordenVerwijderen