zondag 28 juni 2020

Dialoochke oer de bel, de kollega's en it Frysk

,,In pear jier lyn koest de krante net iepenslaan of ien fan de trije hearen stie der wol yn of hie it der wol oer: de Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk. Ik ha it oer Pieter de Groot, Frans Kuipers en Willem Verf, kenst dy noch? Dy BMD moast der komme, al soe de ûnderste stien ek boppe. Wilens knibbelet de FNP foar de macht en hâldt him de snút, hat GrienLinks wolris heard fan it bestean fan dy taal, is de PvdA méar ûnsichtber as ûnsichtber, hat de demonstraasje fan 2016 neat úthelle, hat de provinsjale koalysje fan CDA cs. it Frysk ûnderwiis op ’e lange baan set (2030) en is it triumviraat fan it toaniel ferdwûn. ‘Breed’ prate? In opinystikje yn ’t fearnsjier, dat moat kinne. Haadredaksjes witte foar har kommentaren alle ûnderwerpen fan ’e wrâld yn ’e regel wol te finen - útsein it Frysk en it Frysk ûnderwiis. Dat stiet op gjin inkelde wurklist. Want ja, wat moatte je dêr no mei?"

,,Ik wol net leauwe dat it Frysk it fan dy trije grize koppen ha mat. Dû ek net tink. It is in striid. Ik ha in greute bewondering foar dyn krewearjen. Dêr kin gjin Fryske Beweging oan tippe."

,,Ja, thanx maat. Mar ik bin dan ek gek, dan ha je in streekje foar. Witst wat ek gek is? Dat al dy skriuwende ‘kollega’s’ dy't ik haw, dy’t lykas ik graach Frysk skriuwe, en dy’t lykas ik wolris in boekje yn dy taal yn ’t ljocht jouwe, har de bek hâlde. Dat heel dat likes-sykjend folkje dat eigenwiis genôch is om te tinken dat se wat te melden hawwe yn it Frysk, him stiller hâldt as in tsjerkhôf op in wynstille simmerjûn. Net tafallich no efkes, of om’t se krekt de auto ynpakke moatte foar in ritsje nei Appelskea, nee: struktureel, patologysk, oanberne stil. Want se meie dy of dy net, of se hawwe krekt sa’n goede bân mei dy en dy, of se wolle de Afûk net tsjin de poaten skoppe, of se witte net wat se tinke moatte, of de kompjûter is oan it updaten, of neam mat wat. Spuie moat ik derfan."

,,Hiel nuver, yndie. Je begjinne je ôf te freegjen wêrom’t dy minsken eins skriuwe en publisearje."

,,Dat sis ik, om mear likes te sammeljen. Om te bestean yn in op it each publike rol. Net om har talinten en feardichheden te brûken om minsken wekker te meitsjen, earne attint op te meitsjen, earne fan te oertsjûgjen of har te freegjen om earne foar te fjuchtsjen, wolnee. Om in legitimearre plakje yn in rychje koppen. Of om komplimintsjes te krijen fan de buorfrou, der kin tûzenris wat achter sitte. Mar wat der yn alle gefallen nét achter sit, is belutsenens by de taal en de kultuer dy’t har mei makke hawwe ta wa’t se binne, wat se sjugge, hoe’t se tinke en wat se fiele. No’t se hielendal selstannich in wurdsje op papier krije kinne, no binne se ynienen demint. Of bang. Of ’k wit net. Of ’k kin net. Of ’k wol net. Se binne leau’k noch al lid fan in bûn, It Skriuwersboun, of in dichtklupke, Rixt, mar dat is út gewoante. Dat bûn rekkenet it mulpunt út fan de ynaktiviteit fan de eigen leden, en docht dan navenant ék neat. Se hawwe ien kear yn ’t jier in stikje yn har liifblêd, ensafh. Dan binne se der wer in jier fan frij. Se komme ek wolris op Tresoar, dat is dan om de Fryske Nijntje werom te bringen dêr’t it bernsbern sa’n niget oan hie. Want dat witte se allegear wol te fertellen, snapst? Dat se elkenien oanfjurje om dochs foaral Frysk te praten. Dat se altyd in wite koeke keapje as de kuorbalklup der mei oan ’e doar komt."

,,Do bist wol aardich negatyf, jonge. Kinst dat allegear net better wat fleuriger ferpakke, sadat de minsken it earder fan dy oannimme?"

,,Jawis wol! Goede tip. Dan moatst efkes geduld dwaan, dan rin ik efkes nei de Bûterhoeke en gluorkje by de Afûk troch de ruten hoe’t dat ek alwer moat, fleuriger ferpakke. Of miskien better efkes by Cedin yn Drachten sjen, dêr kinst ek leare hoe’tst fan in begraffenis in brulloft makkest. Witst hoe? Gewoan net sa âldmannich dwaan! Mar wat tinksto, maat? Hat it allegear noch doel? Wêrom net gewoan de gerdinen stiif ta dwaan, wachtsje op ’e doarwarder en krekt dwaan as hearre je de bel net?"

,,Doch my noch mar in pilske."


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten