Hoe mannich skepsel
lit him hjir bewûnderje
en freget driuwend
om attinsje
in nonsjelant gebeart
dat moaie fuotten tilt
mar nim je mear notysje
fan de show
wer sedich yn ‘e rok ferdwynt –
wylst har in pear
pikante knibbels
de strakke nijlonhoas
misdiedich oer de kop
dat jin it bloed
nei boppen foezelt
en ’t rakkertsreau
der even oars fan wurdt
oft har bretaal bedoelen
him ferryf’le fielt
mar op itselde stuit
flitst har ûndogensk wêzen
jin sa faai temjitte
út it chique foudraal
dat men fan skrik
in bline taast docht
nei jins deugdsumheden
en hiel de strjitte dûzelt
foar in amerij.
(Yn: Sonde 20-5 (1975), s. 22)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten