dinsdag 9 mei 2017

Sjoerd Spanninga (1906-1985), 'Rjochtdei'

At jo alle poepesetten 
yn jo libben 
kreas byinoar feie 
en stikem yn ’t jiskefet 
deponearje 
dan kom je sûnder mis 
by my telâne 
en nou hâld ik it measte 
fan de lju 
dy’t graach harsels 
nei foaren skowe 
en gewoanlik tinke 
domny hat foar my preke 
mar der binne subtiliteiten 
dêr’t party gjin weet fan hawwe 
en dy litte harren 
likemin ûntstride 
niis noch sei in flinke frou 
my ommers: - ús pake 
hat altyd bêst op himsels past 
en dat docht jin deugd 
want wysoarte passe ornaris 
leaver op in oar 
en der ûntkomt ús neat 
mar nim nou sa’n ien 
as eabele bygelyks 
gjin blyn hynder 
kin by him skea dwaan 
en de spinreagen 
sparje de gerdinen út 

mar dochs in nommel mantsje 
goederlaaks en noch geregeld 
oan ’t nifeljen 
dy strykt okkerdeis 
wolmienend in pear krollen 
yn ’t fatsoen 
by in flarde dy’t him narret 
mar d’ oare moarns 
sjocht hiel de buert 
sa skilich as in skol 
as hy der oansúlkjen komt 
of stiet brióóó te roppen 
bingelt er nei hûs ta 
mei syn skipperspetsje 
en dan rin je jûns fêst wol 
in freon fan jehova 
of de satan yn ‘e earmen 
mar wêr bliuwe hja 
dy’t stikken út harsels 
weiskuorre doare? – 
de eagen fonkelen har yn ‘e kop 
oant der wer stilte foel 
om har stim 
dit wie de bidstûne 
fan de natoer 
en dan jout it langer gjin foech 
jin mei kweade gedachten 
to spiizgjen 
wylst de evenminske it liif 
oatmoedich op ‘e plaatstove leit 
dat de stjonkerts der útwaaie 
wol ik ha.


(Yn: Sonde 20-5 (1975), s. 20-21)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten