donderdag 27 april 2017

Durk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873), 'De stjerren'

As jûns de sinne yn ’t westen sinkt, 
   Wylst se ôfskied nimt fan d’ ierde; 
As ’t blomke treurich ’t haadke bûcht 
   Dêr’t it krekt noch fleurich tierde; 
De kym in grutte fjoersee is, 
   Mei poarp’ren en gouden weagen, 
En ferven, as, in wûnderpracht, 
   Gjin eagen skiener seagen; 

Dan dûkt, yn ’t east, de skym’ring op. 
   Des deiljochts deaferkunder, 
Spriedt se oan it swurk har mantel út, 
   En dekt de wrâld der ûnder. 
En griis en grizer wurdt de loft, 
   By ’t dôvjen fan har lúster; 
En flau en flauwer wurdt it skaad, 
   En raant ynien mei ’t tsjuster. 

It tankliet fan ’t hielal ferstomt; 
   Gjin skepsel lit him hearre; 
Gjin lûd ferheft de namme Gods, 
   Of ’t sjongt Him priis en eare. 
Mar ’t each omheech, dêr’t ’t Albestjoer 
   De wrâlden hâldt yn wêzen, 
Dêr jout de stille nacht har lof 
   Yn fleurich skrift te lêzen. 

Dêr stroait se, mei ûnsichtb’re hân, 
   In see fan fonken hinne, 
En jout der gloed en tint’ling oan, 
   Of ’t diamanten binne. 
Har glâns, sa sêft as ’t mylde ljocht, 
   Fan freonlike Eng’len-eagen, 
Strielt streamen út fan hearlikheid, 
   Ter eare Gods, des hegen. 

O stjerren, taal, dêr yn de nacht, 
   Sûnt de earste sliep der sinne 
Har lofspraak skriuwt oan ’t firmament, 
   Troch tûz’nen ieuwen hinne, – 
De skepping bringt Aldfader tank, 
   Mei miljoenen tongen. 
Mar skiener, as op jimme toan, 
   Waard nea gjin liet Him songen. 

It tsjûg’t, mei wûnd’re gloed en krêft, 
   Yn wurden, stom mar hearlik, 
Fan dingen, dy’t gjin minske wit, 
   Uneinich, ûnferklearlik; 
Fan machten, yn noch grutter macht 
   En heech bewâld besletten; 
Fan wiisdom, sa’t gjin wiisdom sprekt 
   Yn minskelike wetten. 

En driicht it libben; bringt it leed 
   En wûnen oan en smerte, 
Dan jout dat liet wer moed en treast 
   Yn ’t eangstich minskeherte. 
In wink dan op dat ivich fjild 
   Fol grutske pracht en lúster, 
En ’t libben is wer skien en goed, 
   De takomst minder tsjuster. 

Do fredich ryk fan strieljend ljocht, 
   Hoe sjochst sa myld omlegens? 
Hoe lûkst dat each sa machtich oan, 
   En fierst de geast omhegens? 
Wat is ’t, dat jin mei sêft geweld 
   Unttsjocht oan ’t ierdske wêzen, 
Om yn dyn heil’ge wûnderspraak, 
   Mei fjurrich each te lêzen? 

Is d’ ierde him te lyts, – te leech? 
   En is ’t yn heger kringen, 
Dat hy ferklearing sykje moat 
   Fan noch ferhoalen dingen? 
Of jeit ûnsinn’ge witnissucht 
   Wer yn ferbeane sfearen, 
Dêr’t sels der englen grut ferstân 
   Noch nedich hat te learen? 

Rûn soms, yn tsjuster foarbestean, 
   Oer d’ iene of oare sinne 
Syn paad, want driuwt de langstme net oan, 
   Nei d’ âlde wenpleats hinne? 
Stie iens as bern syn widze dêr? 
   Mocht hy dêr freonskip fine? 
Liet âlderweelde der yn syn siel 
   Har himelstrielen skine? 

Giet mûlk syn wei troch ’t deaderyk 
   Nei ’n better wrâld dêr boppe? 
En binne ’t syn deaden, dy’t him dêr 
   Mei geastesstimmen roppe? 
Wie ’t dat, wat, by in frjemde gloed 
   Sa faak him heger fierde 
En weitreau út syn leger went, 
   Fier, fier fan stof en ierde?... 

Tebek, do geast? Do kringst omdôch 
   Yn ’t riedselwurk des Hegen; 
’t Ferline seit, de takomst jout 
   Gjin antwurd op dyn freegjen. 
Al mjitst de stjerrefjilden út, 
   En kenst en neamst by namme 
Har sinnen, – fierder bringst it net; 
   Dêr wurdt dyn macht beskamme. 

Wol fielst noch moed en krêft genôch, 
   Om heger op te klimmen; 
Wol spriedst de brede wjukken út, 
   Om wider flecht te nimmen; 
Mar ’t stof ferlamm’t dyn stoere flecht, 
   En twingt, mei iz’ren bannen, 
Dy yn dyn einichheid terêch 
   Op ierde, yn ierdske bannen. 

Dêr is dyn pleats, en ’t fjild is rom, 
   Om witnis op te garjen; 
Trochskôgje ’t frij, – by eltse trêd 
   Is mear noch te ferklearjen. 
’t Hielal ferberget dyn begryp 
   Gjin ink’le fan syn wetten; 
Mar tusken ’t hjir en ’t dêr bliuwt noch 
   ’t Geheim ferbûn dy sletten. 

Ast ienris frij, fan stjerlikheid 
   Noch macht fan ’t stof wjerhâlden, 
De molkwei lâns, oer stjerren rinst, 
   Yn ’t ivich ryk der wrâlden, 
Dan, as – yn al syn einleasheid 
   Ien ink’le, grutte krite – 
’t Hielal gjin grins mear foar dy hat, 
   Silst mear, silst alles witte.


(Ut: Swanneblommen, 1855)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten