maandag 24 april 2017

Durk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873), 'Mimerje'

Hark! hear de stoarm troch ’t loftrom rûzjen! 
   Hark hoe’t er skuort yn ’t jeiend swurk! 
Hy skoot op wolken heger wolken 
   En fitert se oan ’t fernielingswurk. 
Syn amme triuwt de see derhinne, 
En weagen, lyk as ’t bergen binne, 
   Oerstreame ’t oars sa feilich strân; 
Se ploffe swier tsjin daam en diken; 
Ferdylging gjalpt, oer tal fan liken, 
   Op ’t siedend paad. God helpe ’t lân! 

Do stoarm! wêrom sa wyld ûnrêstich, 
   As briekst út stielen bannen frij? 
Wêrta dat woest oanhâldend buld’rjen, 
   As woest nei d’ opperhearskippij? 
Wat die dy ’t minske, datst syn herte 
Tepriemje moatst mei eangstme en smerte, 
   By ’t driigjen fan ’t ôfgryslik ûnk?... 
Moatst jimmer it grêf dan djipper dolle, 
Wêryn’t sa mannich en sa folle 
   As offer fan dyn wyldens sonk? 

En sjochst de triennen, dy’t der rinne 
   Ut ’t each fan wees en widdo net, 
Noch hearst de suchten fan waans libben 
   Dyn wredens ’t ealste ûntnommen het?... – 
O, hurd bist, as it rotsich stiente, 
Wêrop des seemans bloedich biente 
   Teplett’ret en fergiet yn ’t sân; 
En kâld bliuwst as de woeste weagen 
It herte-bern, foar mem har eagen, 
   As lyk terêch smyt op it strân. 

Noch blaas! mar asto, sêd fan wurgens, 
   Fan ’t woeden einlings komst ta rêst, 
En neat as ûnk en wee oanskôgest, 
   Wêrmei’tst dyn paad oerdutsen hest, 
Fiel, tenei, dan dyn liende krêften! – 
Ast ek gjin ink’le smert fersêftsje en 
   Gjin krimpend herte treast jaan woest; 
Stoe dochs by heger macht besletten, 
Datst, yn ’t folfieren fan har wetten, 
   Tsjin wille en tank sels, sein’gje soest. 

En dêrom blaas! Al tsjuchste, in spoeksel, 
   De fjilden yn, de seeën oer, 
Dyn wrede macht is net dyn eigen; 
   Mar boade bist fan ’t wrâldbestjoer. 
Mei noch gjin striel op ’t ierdryk skine, – 
Mei ’t each gjin freonlik ljochtpunt fine 
   Oan ’t swart-oerdutsen loftrom, – dochs 
Sil wer dy wolk’ne sluier brekke, 
En d’ Almacht fan omhegens sprekke, 
   Yn ’t stjerrestrieljen: ,,’t Is genôch!” 

Ek ’t libben hat syn ûnwaarsfleagen. – 
   Faak stekt dy needstoarm it haad omheech, 
En giet d’ yn glâns ferriisde sinne 
   Yn ’t treurich nevelklaad omleech. – 
Ut swarte wolken sprekt de tonger; 
Yn ’t wâld ferstomt de lêste sjonger, 
   En ’t paad wurdt iensum, stil en near; 
’t Foarútsjoch kin gjin each trochkringe; 
’t Ferline kin gjin bystân bringe, 
   En nearne is útkomst, nearne mear. 

’t Wurdt tsjuster dan yn ’t minskeherte; 
   En, mei de lêste freugdestriel, 
Skynt ek dat sêfte ljocht te dôvjen 
   Der hope, libbens better diel; 
En, wylst syn krêft en lok ferkwine, 
Lit ’t stjerte omheech syn rykdom skine 
   Mei d’ ieuwenâlde stille pracht; 
Seach ’t ek it hiele minskdom lijend, 
’t Bleau like rêstich, like swijend, 
   As sûnt syn earste skeppingsnacht. 

Dan is him it libben swier – en aaklik 
   Wat oars him hillich wie en djoer, 
En wanhoop jout him moed, te freegjen 
   Nei ’t plan fan ’t ivich wrâldbestjoer: 
Wêrom hjir it libbenspaad sa tsjuster, 
As ’t boppe strielt fan ljocht en lúster, 
   Fan wille en rêst, fan frede en lok? 
Kin ’t himeltek fan freugde blinke 
Wylst skepsels Gods yn need fersinke 
   En ’t libben tôgje as wie ’t in flok? 

Is d’ ierde dan fan God ferlitten? 
   Binn’ minskebern Syn bern net mear? 
Is lijen ’t diel fan ’t wrâldske wêzen 
   En ’t ûnk allinnich op d’ ierdbal hear? 
Wurdt jimmer ierdske hope brutsen?... 
Wêrom sa fier dan ôfstân trutsen 
   Dy’t âlderdom oan jeugd ferbynt? 
En waard oan ’t lok gjin wykpleats litten, 
Wêrom net earder ’t grêf ûntsletten, 
   Dêr’t ’t wurge herte in rêstplak fynt? 

Wêrom?... Wat fregest yn dyn blinens, 
   O minske! Freegje allike goed 
Wêrom ast yn Noardpoals toarre kriten 
   Gjin blommen fynst of Kearkrings-gloed: 
Wêrom, as jûns it deiljocht sinkt, 
Gjin oare dei oan ’e eastkyn blinkt 
   En ’t swarte skaad der nacht ferdriuwt; 
Wêrom de winter ’t sinn’fjoer dôvet, 
En fjild en wâld har skiente rôvet, 
   Wêrom’t ’t net altyd simmer bliuwt?... 

Fergees, yn Gods bewâld te kringen; 
   Dyn stimme stjert yn ’t mjitleas rom; 
As iennichst antwurd op dyn freegjen 
   Jout d’ echo ’t freegjen dy werom. – 
Dochs toande ek ’t libben dy syn wetten, – 
Waard it wyt der takomst dy ûntsletten, 
   En d’ ivichheid dy iepen lein. – 
Soest net wer Serafs ,,wûnder!” sprekke, 
Ferbjust’re, ’t oansicht dy bedekke, – 
   Do, skepsel der fergonklikheid? 

Bûge ûnder ’t libben! – Soan fan d’ ierde, 
   Waard noch dy ’t stof ta wente jûn; 
Wat letter folget, silst fernimme, 
   Hast earst, oer ’t grêf, de takomst fûn. – 
Hjir bist oan ’t libben plichten skuldich; 
Hjir ropt dy d’ ierde, om, geduldich, 
   Foar eare en rjocht dyn bêst te dwaan; 
Hjir is dyn pleats oan wierheids side; 
Hjir moatst foar ’t wol des minskdoms stride; 
   Folmeitsing al dyn krêften jaan. 

En rint dan net dyn paad oer blommen, 
   (Dyn himelheite wol ’t faak sa:) 
Doch liedt dat paad nei dyn bestimming, 
   En fiert dy ’t fredich tsjerkhôf ta. 
En fielleas bist foar ûnk en smerte, 
Ast dêr dyn waarm en klopjend herte 
   Foar libbens tsjinspoed sletten hast. – 
Al mocht gjin striel dyn paad beskine, 
Dêr silst alteast ferlichting fine, – 
   Ferlichting yn der grêven rêst. 

Fan ’t tsjerkhôf wist de wei nei boppe. – 
   Sweefst der fan stjer op stjerren oer, 
Wylst wrâlden oan dyn fuotten driuwe 
   En sinnen glânzje yn sinnefjoer, – 
Dan silst fan heger wiisdom leare, – 
Wat hjir dyn stjerlik ear net hearre, 
   Dyn lyts ferstân net witte mocht. – 
Wêrom des Iv’gen hân allinne 
Troch stof en ûnfolkomnis hinne 
   Dyn geast de himel neier brocht. 

Oan dêrta swij – en jou oan d’ ierde 
   Wat d’ ierde fan dy freegje mei; 
Wês nuttich boarger, nuttich minske, 
   Oant op dyn lêste libbensdei. 
Nei d’ ôfrin earst fan ’t ierdske wêzen, 
Is foar dyn klearder each te lêzen 
   Wat wachtet yn de wide romt’. – 
Noch minske, hast dyn plak omlegens; 
Iens Engel, is dyn pleats omhegens; 
   Wês trou as minske; - d’ Engel komt.


(Ut: Swanneblommen, 1854)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten