Dêr, op dat plak,
wat achterôf en wat fansiden,
stie in beam, of eins
wie ‘t earder in beamke,
stiltsjes yn it skaad te stean
fan altyd grutte wolken,
oeral grutte beammen.
En no’t ik
it paad wer gean
troch de jierren,
by de arbeidershuzen del,
lâns it keatsfjild en de molkfardersfeart,
yn it ljocht fan slachtmoanne en iisbaan,
seit oan de kjelle buorren
de toerklok de tiid,
en hâld ik ho
op datselde plak,
wat achterôf en wat fansiden,
dêr’t it beamke stie
fol mei fûgels -
[Martsje Rutten, 1965-2014]
Moai fers, Abe - yn de kjelle buorren!
BeantwoordenVerwijderen