maandag 10 juni 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Ferfjouwerdûbelje de grypstoer

De Skroeier yn it Friesch Dagblad fan woansdei giet oer de breder wurdende kleau tusken de macht en syn kontroleurs. De maatskippij wurdt aloan yngewikkelder, it gesach profesjonalisearret, mar hoe sit it mei ús saakwaarnimmers: de gemeenterieds- en Steateleden? Rinne dy net hieltyd faker achter de feiten oan?

"Fansels is sa’n probleem net samar de wrâld út. Mar mei ferbetteringen sil dochs in begjin makke wurde moatte. In sûn prinsipe dêrby is om earst ris nei it jild te sjen. De foai dêr’t folksfertsjintwurdigers it mei dwaan moatte, hat fan gefolgen dat de bêste minsken freonlik betankje foar de eare. De finânsjele fergoeding foar rieds- en Steateleden, no noch in botsen en in grypstoer, soe op koarte termyn ferfjouwerdûbele wurde moatte. Yn in tiid dat ek gemeenten sels trije oant fjouwer kear grutter groeie in logyske maatregel."

1 opmerking:

  1. Folslein mei iens: de fergoeding dy't jo foar it riedswurk krije likent helendal nerges op. Altyd yn'e weer, it kostet in protte tiid, jo binne publyk besit, jo wurde oeral op oansprutsen, ek op de dingen dêr't jo neat oan waan kinne, jo krije op de gekste mominten tillefoan, en at nei trije moannen de fergoeding op de bankrekken byskraun wurdt hellet de belesting der nei in jier noch in tredde part fanôf...
    Ik kin my (nei 4 jier riedslid) goed yntinke dat gjin mins him/har der foar liene wol.

    BeantwoordenVerwijderen