Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Elk jier streame der tonnen oan oerheidssubsydzjes (sawat in miljoen euro) nei it rekreaasjeparadys Skylge. Foar it kleinkunstgebeuren Oerol. (Wat is oars it geeffryske wurd foar kleinkunst?) Hâld dochs ris op mei it smiten fan safolle jild yn see. De horekabazen gnize har oerdei in slach yn 'e rûnte en wurde nachts sliepend ryk:
"Wêrom’t de Steaten hjir gjin punt fan meitsje? It sil te krijen hawwe mei it idee dat Oerol in tige súksesfolle aktiviteit is, goede reklame foar Skylge, foar Fryslân, foar ús biologyske soart miskien wol. Net ien dy’t doart te sizzen dat it sa tenei net mear kin. De wrâld wie twa jier lyn te lyts doe’t minister Halbe Zijlstra (VVD) drige de finânsjele Slenk nei West droechfalle te litten. Mar net ien yn Ljouwert dy’t frege: kinne jimme dêr op jim eilân al dat gegûchel sels ek bestuiverje?"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten