De sielspaden (5)
Oan de hege see achter de dyk frege ik: bedimje dy wat.
Oan de sinne yn ’e loft: wês net skruten.
Oan de ierde fan ’e ikker: jou riinsker dyn fruchten.
Wat wint oan ûnder de hûd?
Wat wynt om yn ’e mage?
Wat stoot dêr yn ’e fierte
oars as it stof fan it weet terskjen?
Oan de fiskers frege ik: wat ramp hat west?
Oan it skynsel yn ’e nacht: wês tenei myn beaken.
Oan de wylgeteannen: wiskje de spoaren noch net.
Us pleatstún leit feilich bûten de tiid.
De hûn en de hynders hawwe alle romte.
Ik behoffenje de roazen mei beide tûke eagen,
ik set earen op it tsjotterjen yn ’e daksgoate.
En ik freegje net mear: is dit it lân út ien stik?
En hja freget net mear: is dit it lân dat de twa helten
optelt en optilt as ien?
*
PARSEBERJOCHT
Oersetwedstriid Gysbert Japicxnominaasjes
Ein maaie hat de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis sân dichtbondels bekendmakke dy’t kâns meitsje op de priis. Ut elke bondel hat de kommisje in markant gedicht keazen, te finen op Sirkwy, de literatuersite fan Tresoar.
De Ofdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins en Tresoar organisearje tegearre in oersetwedstriid. Wa makket de moaiste wjergader yn it Nederlânsk fan ien of mear fan dy opfallende gedichten?
De ynstjoeringen wurde beoardiele troch in sjuery dy’t bestiet út:
Maaike Andringa (studint Frysk en dosint klassike talen oan it Praedinius Gymnasium yn Grins); Anne Popkema (oersetter, priiswinner Obe Postmapriis 2012); Doeke Sijens (biograaf Brolsma en literêr kritikus LC).
De sjueryleden beoardielje de ynstjoeringen sûnder dat se de namme fan de ynstjoerder witte.
Foar de trije bêste ynstjoeringen binne prizen fan 250, 100 en 50 euro beskikber.
Ynstjoerders jouwe de útskriuwers fan de priis it rjocht de oersettingen te publisearjen op Sirkwy.
Oersetter Anthony Paul hat tasein de fersen oer te setten yn it Ingelsk, op basis fan wurkfertalingen dy’t de nominearre dichters sels oanlevere ha.
Deadline ynstjoeren: 28 augustus 2013 12:00 oere.
Format: Wordbestân as taheakke fan in email nei ynfo@tresoar.nl.
Mear ynformaasje oer de wedstriid en in oersjoch fan de ‘lytse letterkes’ is de finen op Sirkwy.
Op tiisdeitejûn 10 septimber is yn Tresoar in literêre jûn nei oanlieding fan de nominaasjes fan de Gysbert Japicxpriis. Dêr sille ek de priiswinners fan de oersetwedstriid bekendmakke wurde.
*
Geen opmerkingen:
Een reactie posten