1
it fermôgjen fan ’t ûleboerd
makke him los út de merje
hjirwei witte sigens wol wêrhinne
hjirwei waaide er de dyk út
it yn ’e healdagen soudere hea
seit
de brike paden bochten him simmerlicht
de bynten oan de dragers
prate swart noch fan de sjees
sa seit de rattel yn ‘e golle
ús eigen frjemdling soe er wêze
2
want it moat stikkenmakke foar’t it moai
it moat ôfstjerre foar’t it fikt
it sil komme om’t it by him wei
it sil gûle om’t it him leaf
it wol winne yn de bedelte
it wol azemje oer it jiskelân
it kin smoare achter de mienskar
it kin bepraat yn ‘e bjirmen
mar it mei net earder opbloeie
it mei net yn ’t wyt en net yn ’t swart
it ken gjin offerslachter om in lyk
it tinkt oan de bolle en it skjinne fel
3
eksposysje
sels stiet er net mei in skaal yn hannen
en in ûnnoazele kop derop
dy’t
elkmans holle wêze kin
sels is er net de heiner en de fieder
fan it eksplodearjend bern
ûnskuldich oan perfeksje
ûntwapene komt er salve te striken
oan de wraaksucht fan de sibbe
út syn swart-witen wei
kommend achter steapele kisten wei
mei in lûd dat syn wjerkeats
draacht wat oer is fan it lân de skuorre út
(Skreaun foar publikaasje yn it kommende nûmer fan De Keatsfreon. De foto's binne makke op de eksposysje fan Sjoerd syn wurk yn heite' pleats yn Easterbierrum, augustus 2011.)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten