zondag 9 december 2012

De ferlegenheid fan Willem Verf

Skriuwer Willem Verf hat yn in mail (dd. 19 novimber) oan deputearre Jannewietske de Vries noch mar werris syn miening oer de takomst fan de Gysbert Japicxpriis witte litten. Reden: dat nuvere Skriuwersboun bestiet it om der in oare miening as sines op nei te hâlden.

Verf wol der in oeuvrepriis fan meitsje, It Skriuwersboun fynt dat de GJ-sjuery sels wol útmeitsje kin oft er de priis foar ien boek of foar in oeuvre útrikke sil.

Wol wat in biterke, dy Willem Verf. Dy’t oars net oanwêzich wie op de spesjale temagearkomste fan It Skriuwersboun, dd. 3 novimber, oer û.o. it literêr prizebelied fan de Provinsje.

Fansels, it is allegear wol nei te kommen. Verf siet yn de sjuery dy’t yn 2011 de skriuwer Durk van der Ploeg de GJ-priis takende foar syn hiele oeuvre; hy wie doe foarsitter. Yn it sjueryrapport wisten Verf c.s. de tematyk fan Van der Ploeg syn wurk net te beneamen, mar ál hiene se tiid oer en jou yn it rapport de deputearre in adfys mei oer de takomst fan de GJ-priis.

Dat siet sa, de sjuery hie it nochal dreech hân om te kiezen. Van der Ploeg lei foar de hân.* Mar de roman Under wetter fan Koos Tiemersma wie ek in dúdlike kandidaat (al waard dat der net by sein). En hoe moasten jo no yn fredesnamme kieze tusken ien boek en in oeuvre? Om sokke ferlegenheid by in sjuery yn ‘e takomst foar te kommen, moast it oars. Tenei de GJ-priis reservearje foar oeuvres, dan ha sjuerys in moaier en makliker libben. En stel dan mar in ekstra priis yn foar it bêste boek. Wa’t dy priis betelje moatte, wit Verf fansels ek net. Boekhannels fertsjinje neat oan Fryske boeken, útjouwers ek net.

De arguminten dy’t op de temagearkomste fan It Skriuwersboun dd. 3 novimber oer tafel giene, dêr hat Verf gjin weet fan. Of hy docht krekt as wit er fan neat. Hy giet der yn alle gefallen net op yn, yn syn mail dd. 19 novimber. Wol sa maklik. Dat it gesach fan literêre sjuerys linea rekta gearhinget mei harren autonomy sil him woarst wêze. Blykber. Dat in GJ-oeuvrepriis delkomt op in tankewol-hjir-hast-in-gouden-horloazje-want-do-bist-de-santich-ek-al-foarby-priis idem dito. Tink ik. 

Gelokkich seagen de oanwêzige leden en belangstellenden plus de bestjoersleden fan it Boun der op 3 novimber in slach oars tsjin oan.

Earlik sein fyn ik it wat in ferfelend mailtsje, fan Verf. Dy’t mar dalik in ôfskrift stjoerde, net allinnich oan de oare sjueryleden fan doe, mar ek oan Tresoar en oan de Stichting FLMD. Ja, want Verf is behalve skriuwer en eks-sjuerylid ek bestjoerslid fan de Stichting FLMD. En boppedat is er bestjoerslid fan Tresoar. Itselde Tresoar, dat troch DS belêstige wurde sil mei de organisaasje fan de provinsjale prize-útrikkings.

Blykber fûn skriuwer-sjuerylid-bestjoerslid-bestjoerslid Verf dy spesjale temagearkomste fan It Skriuwersboun net belangryk genôch. Wierskynlik wie er behindere. Blykber fûn er it ek net belangryk om yn te sprekken by de kommisjebehanneling fan PS. Ek behindere. Blykber is Willem Verf sa’n burokraat oan it wurden dy’t tinkt it wol efkes mei in mailtsje oan de deputearre ôfhannelje te kinnen.

Syn ferlegenheid is sa grut dat allinnich Jannewietske him der fan ferlosse kin. Mei in bytsje help fan de Stichting FLMD en Tresoar.


*Op Wikipedia (Durk van der Ploeg) hjit it net al te sjarmant: “In 2011 werd Van der Ploeg voor zijn gehele oeuvre alsnog onderscheiden met de Gysbert Japicxkpriis.”

3 opmerkingen:

  1. Willem Verf hat Steatelid west en dan hearre jo by in oare kategoary.
    Wa makket eins de teksten fan Wikipedia, want dêr moatst wêze yn dit gefal. Ik nim net oan dat Verf c.s. it wurdsje ALSNOG yn har sjueryrapport hiene.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Goeie Josse, nee, ik tink it ek net. Ik wit net wa't dy Wiki-tekst oer Durk skreaun hat, faaks de ôfdieling bioskriuwers fan Tresoar, mar ik leau dat yn prinsipe elkenien wat op wiki sette kin.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Hi Abe, ALSNOG is in wat ferâldere wurd yn it Nederlânsk neffens my. It is in fersterking fan NOG. Yn de tekst oer Van der Ploeg is TOCH NOG bedoeld. Yn it Frysk DOCHS NOCH. Gjin mins hie it ferwachte, mar dochs noch de priis.
    Je kinne sizze dat it brûken fan ALSNOG it geheel wat fersachtet, en (dus) mei opsetsin sa formulearre is. Of der is Frysk tocht en Nederlânsk skreaun. As dat lêste it gefal is komt it faaks sast seist fan Fryske bioskriuwers. Sa't it der no stiet is it denigrearjend.

    BeantwoordenVerwijderen