It Skriuwersboun ropt my op (en noch in hieleboal oaren) om myn tastimming te wegerjen foar it opnimmen fan in gedicht yn in noch (by Bornmeer) te ferskinen samling fûgelgedichten.
Dichters dy’t in fers bydrage krije twa presinteksimplaren as beleaning en dat is net yn ‘e heak, neffens it Boun. Dichters soene gewoan betelle wurde moatte.
No is dat yn ’t ginneraal in sympatyk stânpunt dêr’t gjin dichter it mei ûniens wêze sil. Mar dizze Krystaksje fan it Boun ropt lykwols fragen op.
Wêrom no pas oan ‘e bel lûke oer fergoedingen foar skriuwers? Wêrom in sammelbondel mei poëzij útkieze om dat te dwaan? Wêrom net de pylken rjochtsje op de tydskriften, dy’t wurk pleatse tsjin in fergoeding dêr’t in putsjeskepper noch net iens syn skonken foar út it bêd glydzje lit, tydskriften dus dy’t sadwaande ek noait in fetsoenlik ûndersyksstik ynstjoerd krije, mei as gefolch dat de literatuer hjir te uzes mear en mear begjint te lykjen op de skriftlike delslach fan in net al te geweldich slagge bûnte jûn fan makket net út hokker geitefokferiening?
It stiet wol aktyf fansels, sa’n aksje. Yn it jierferslach aansen. En ja, ik jou gewoan myn tastimming.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten