zaterdag 16 juni 2012

'Fryske skriuwers hingje graach wat bryk'



Koos Tiemersma rikte as foarsitter fan It Skriuwersboun justerjûn de prizen út fan de ferhalewedstriid foar jong skriuwerstalint oantemei 25 jier yn de GJ-seal yn Tresoar. De byienkomst wie mei sa'n 40 belangstellenden goed besocht.

It wie my by binnenkomst opfallen dat der wat feroare wie yn de seal. Mar wat? Neffens Teake Oppewal wiene de petretten rjocht hongen, alteast, dat wie besocht, en ek wie it glês skjinmakke. Ien en oar joech de foarsitter de wurden yn (hy kin it ek krekt wat oars sein hawwe, mar hjir kaam it op del): "Fryske skriuwers hingje graach wat bryk." En sa is it mar krekt!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten