dinsdag 5 juni 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Surf Effekt Rapportaazje

Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer it nij te bouwen wynmûnepark yn de Iselmar lâns de Ofslútdyk lyk foar de snuffert fan Makkum. Megamûnen fan 120 meter heech, 190 meter as de wjukken meiteld wurde...

"Soe der behalve in miljeu-effektrapportaazje (MER) ek sokssawat as in surf-, swim- en kuiereffektrapportaazje komme? Noch driuwender is in antwurd op de fraach hoe’t provinsje en gemeenten it foar mekoar bokse sille en kom de tasizzing nei dat der tagelyk bulten wynmûnen op it plattelân ferdwine sille. Dy dingen hawwe ommers eigners. En eigners hawwe rjochten."

2 opmerkingen:

  1. Ús regear docht wat har goedtinkt en dat is op elts nivo sa, der haw ik as ynwenner fan Makkum neat oer yn te bringe. Dat jild foar Den Haach, likegoed as foar gemeenten, provincies, wetterskippen en gean sa mar troch. En dan is dr dat 'domme' argumint: 'Dan hiene jo mar oars stimme moatte'. Krekt as dat wat helpe soe. Sitte jo op it plúche, dan binne je machtig en dan kin it kloatjesfolk ferekke. Hoe gong it ek wer yn syn wurk mei it salt en mei de REC? Emigreerje nei in 'bananerepubliek'?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Toeristen foetsy, mar ál griene stroom!

    BeantwoordenVerwijderen