Dichter Tsjêbbe Hettinga hat de Friese Pers Boekerij ynruile foar Bornmeer – blykber hat Steven Sterk wol jild foar de foarmjouwingswinsken fan in twatalige Equinox op kommendewei.
Boeken dy’t djoer en lúks útjûn wurde moatte, sa wit jo korrespondint, sloarpje subsydzjejild op en dogge tagelyk in graai yn de kas fan de útjouwer, ommers, de binnenkommende euro’s kinne gauris net tsjin de útgeande oan.
Bornmeer besiket op dizze wize faaks wat fan it prestiizje werom te winnen dat ferlern gie doe't Steven Sterk ferline jier yn in fraachpetear bekendmakke dat er eins net folle nocht mear hie om poëzij út te jaan.
Fierder stelt it skriuwersfolk op FaceBook fragen oer de stichting Boeken fan Fryslân, yn 2010 oprjochte troch de útjouwers en de bibleteektsjinst en riinsk fan subsydzjejild foarsjoen troch de provinsje. It wachtsjen is op berjochten yn de krante oer de opheffing fan de stichting.
De belangrykste reden foar de mislearring fan de mienskiplike ferkeap fan Fryske boeken (it doel fan de stichting) is, as it my net mist, dat de Afûk der gjin nocht oan hat. As provinsjaal útjouburo hat de Afûk sels genôch konneksjes yn de (semi-)oerheids- en ûnderwiiswrâld foar syn bûtenboekwinkelske ferkeap. Mar ek by de oare útjouwers ûntbrekt it entûsjasme. De konklúzje moat wol wêze, it is yn it post-Fryske Boek tiidrek wer gewoan elk foar himsels.
Foar de folsleinens: de subsydzje fan de provinsje foar BfF wie 190.000 euro.
BeantwoordenVerwijderenweismiten jild!
BeantwoordenVerwijderenLokwinske Tsjêbbe! Kwaliteit mei wol wat kostje.
BeantwoordenVerwijderenJawis. Mar tagelyk wurdt de subsydzje foar literêre tydskriften skrast. Yn skriuwersbeurzen snijd. Sette útjouwers de 'mindere goaden' by de doar. Nuvere wrâld.
BeantwoordenVerwijderenLekker maklik fan Sterk c.s. Lekker skoare mei in "grutte" namme en dan roppe fan "Wy hawwe Hettinga yn 't fûns! Wy sette ús o sa yn foar de Fryske literatuer!"
BeantwoordenVerwijderenIn knap staaltsje "window dressing".
Opportunisme fan it boppeste buordsje. Wat ik u brom.