Fan takom wike woansdei ôf ha ik elke wike – op gehakdei – in kollum yn de kultuerbylage fan it Friesch Dagblad. Oer kultuer en kultuerpolityk yn Fryslân, it hoe en wat en wêrom.
De fraach tsjinne him oan, hoe moat dy kollum hjitte. De namme moast wat mei niteljen te krijen hawwe. Skroeier is in wurd út it keatsen: in bal dy’t mei in protte gong en leafst nuver draaiend of stekkend opslein wurdt. In moaie metafoar foar it kollumskriuwen, fyn ik. Net dat skoaren dêrby sa belangryk is - mar it giet al om de beweging fan it wurd. En wat dat wer yn beweging bringt. Of sokssawat. Koart sein, jim sjogge it wol.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten