zondag 29 april 2012

It lânskip as metafoar

Lânskipsfotografy as keunstfoarm, wat is dat? Yn in tiid dat elkenien mei in mobyltsje foto’s meitsje kin? It antwurd hinget ôf, net fan de kamera en de lenzen dy’t de fotograaf brûkt, net fan de ‘skientme’ fan de lânskippen dy’t er op de gefoelige plaat fêstleit, mar fan it doel dat de fotograaf neistribbet.

Foto’s fan prachtige sinne-ûndergongen binne noch gjin prachtige foto’s. Foto’s fan djippe fiersichten mei rûzige wolkepartijen idem dito. It iennichste dat dêr oer te sizzen falt, is dat se in ôfbylding binne fan in realiteit dy’t yn de measte eagen ‘moai’ is. Mar om yn ’e beneaming te kommen foar it predikaat ‘keunst’ moatte sokke foto’s (ek) wat oars sjen litte. Op de fraach wat dat ‘oare’ dan is, of wêze kin, moat elke fotograaf mei wat mear ambysje as inkeld it fêstlizzen fan ‘moaie’ lânskippen syn eigen antwurd besykje te finen.

It antwurd dat ik hjir ûnder wurden besykje te bringen, is dus in subjektyf antwurd. It jildt foar myn eigen lânskipsfotografy en it is gjin kritearium om in oar sines mei te beoardieljen. Noch fierder taspitst kin it brûkt wurde om út te lizzen wat ik mei de (measte) foto’s fan de ekspoysje Rânelân yn Tresoar útdrukke wol – wat dat oanbelanget is it ek in tydlik antwurd. It kin ommers wêze dat ik aansen ris oare aspekten fan lânskipsfotografy nei foarren komme litte wol, en dus oare útgongspunten brûke sil.

Foar my – as dichter, as skriuwer, mar ek as net-akademysk fotograaf dy’t net bebiten is yn de kultus fan it ‘autonome byld’ – lizze wurd en byld ticht byinoar. In belangrike ferbining tusken beiden is de metafoar: de byldspraak, wêrby’t it wurd of it byld ferwize nei in oare betsjutting as de direkt sichtbere of werkenbere. In lânskipsfoto wurdt dan tagelyk wat er is én wat er noch mear fertelt. Metafoaryske foto’s binne dus foto’s mei in ferhaal, en it is – njonken normale, formele kwaliteiten as bygelyks beljochting en komposysje – benammen dat ferhaal dat de foto úttilt boppe de sljochtweihinne lânskipsfoto.

Wat foar ferhalen wol ik fertelle? Ik bin gjin dûmny, dy’t miskien benammen de pracht fan de skepping sjen litte wol, of dy’t sa noadich in sneinske moraal bepreekje moat fol mei-minsklikheid en barmhertigens dêr’t er yn syn eigen libben fan gjin kanten oan foldwaan kin. Ik bin ek gjin boer, dy’t it groeisume waar of it fruchtbere lân bejubelet wylst er tagelyk allerhanne kwaliteiten fan it lânskip ûndergeskikt makket oan de bedriuwsfiering fan syn buorkerij. It lânskip is foar my sawol in spegel fan myn siele as in boek mei ferhalen oer it libben sels.

As Peter Karstkarel it der yn syn karakterisearring fan Rânelân oer hat dat ik in “door contemplatie geplaagd” fotograaf bin, dan hat er in punt. It is yn dy kontimplaasje dat it metafoaryske karakter fan de foto ûntstiet. As in foto mear is as allinnich it direkt sichtbere, dan makket kontimplaasje it ûnsichtbere dúdlik. Dat klinkt yngewikkeld. Oan de hân fan de folgjende twa foto’s is it lykwols maklik út te lizzen.


Twa jonkjes drave achterinoar oan in grutte, griene romte yn. Se binne net hielendal skerp, wat de suggestje fan beweging fuortsterket. De fotograaf stiet achter in stek mei stikeltried en hat skerpsteld op dat stek, net op de jonkjes. De suggestje is dus dat dat stek belangryk is. Wêrom der oars op skerpstelle? It ferhaal dat hjir metafoarysk – it byld fertelt it – dúdlik makke wurdt, giet oer útbraak, frijheid, jonkheid en wille. De posysje fan de fotograaf achter (of foar, sa’t jo wolle) it stek suggerearret de útbraak. De romte de frijheid. De jonkjes de jonkheid. Hâlding en beweging de wille. De fotograaf wit boppedat dat de skôger fan it fotografysk byld meastentiids in folwoechsene wêze sil, dy’t sels jong west hat. Dy’t it metafoarysk fertelde byldferhaal miskien wol relatearje kin oan syn eigen ferline en oantinkens. Dat makket de kâns grutter dat de foto in emosjonele wurking hat op de skôger. Sa’n foto ‘docht’ dus wat mei jin. Foar my is it dan al mei al in goede foto.


In twadde foarbyld: in tsjustere loft op in betide simmerjûn, nommen tusken Easterbierrum en Seisbierrum. Opfallend is it himelljocht, dat folút losberst út in lytse kier tusken de wolken. Minder opfallend, mar by better skôgjen yntrigearjend, is it lytse ljocht ûnder yn it byld. Der ûntstiet in korrespondinsje tusken dat ‘ierdske’ ljocht en it grutte ljocht fan boppen. Is it iene in wjerkeatsing fan it oare, of binne beide autonoom en kommunisearje se mei-inoar? De setting, de omjouwing, is werombrocht ta inkeld kleur en foarm – in oranje-brunige loft, in swarte stripe mei beammen. Alle omtinken wurdt sa rjochte op de twa ljochten. It metafoarysk fertelde ferhaal giet fansels oer it ‘hegere’ en it ‘legere’ en dy’t leauwich is, mei syn eigen draai der oan jaan. Mar ek dy’t net leauwich is, sil wat werkenne. Hoe lyts wy binne, hoe grut de natuer is?

It ferhalende aspekt fan Rânelân komt net allinnich ta útdrukking yn de measte yndividuele foto’s, yn de metafoaren dy’t de foto’s bringe. It leit ek yn it dokumintêr-engazjearre karakter fan de eksposysje yn syn ûnderdielen (trijelûken) en yn syn gehiel. It organisearjen fan de foto’s yn trijelûken is in oare manear om in ferhaal te fertellen. In trijelûk mei twa foto’s fan in ôfbrutsen pleatske ûnder Seisbierrum dat ferdwine moast foar nije kassen, mei dêr tuskenyn in byld fan it bûtendyks droechfallen slyk en in rjochtopsteande túnklauwer dy’t liket te dûnsjen foar de ûndergeande sinne – hokker ferhaal fertelt soks?

Dy túnklauwerfoto is de iennichste foto dy’t ik yn sêne set ha. Al it oare is in werjefte fan de realiteit. In realiteit dy’t ‘lêzen’ is troch my en ferfolgens troch my ‘skreaun’ is mei in foto. ‘Visual poetry’ ha ik Rânelân as twadde titel meijûn. Mei in fariant op Von Clausewitz: dizze fotografy is de fuortsetting fan myn poëzij mei oare middels.

2 opmerkingen:

  1. Abe, skitterend en helder útleind. it is net inkeld wasto seist , it is noch mear en soks moatst fiele It is ek net inkeld, datst d'r each foar ha moatst, do moatst d'r ek gefoel foar hawwe en dr in stikje fan dy sels yn lizze.

    BeantwoordenVerwijderen