zondag 29 april 2012

It lânskip as metafoar

Lânskipsfotografy as keunstfoarm, wat is dat? Yn in tiid dat elkenien mei in mobyltsje foto’s meitsje kin? It antwurd hinget ôf, net fan de kamera en de lenzen dy’t de fotograaf brûkt, net fan de ‘skientme’ fan de lânskippen dy’t er op de gefoelige plaat fêstleit, mar fan it doel dat de fotograaf neistribbet.

Foto’s fan prachtige sinne-ûndergongen binne noch gjin prachtige foto’s. Foto’s fan djippe fiersichten mei rûzige wolkepartijen idem dito. It iennichste dat dêr oer te sizzen falt, is dat se in ôfbylding binne fan in realiteit dy’t yn de measte eagen ‘moai’ is. Mar om yn ’e beneaming te kommen foar it predikaat ‘keunst’ moatte sokke foto’s (ek) wat oars sjen litte. Op de fraach wat dat ‘oare’ dan is, of wêze kin, moat elke fotograaf mei wat mear ambysje as inkeld it fêstlizzen fan ‘moaie’ lânskippen syn eigen antwurd besykje te finen.

It antwurd dat ik hjir ûnder wurden besykje te bringen, is dus in subjektyf antwurd. It jildt foar myn eigen lânskipsfotografy en it is gjin kritearium om in oar sines mei te beoardieljen. Noch fierder taspitst kin it brûkt wurde om út te lizzen wat ik mei de (measte) foto’s fan de ekspoysje Rânelân yn Tresoar útdrukke wol – wat dat oanbelanget is it ek in tydlik antwurd. It kin ommers wêze dat ik aansen ris oare aspekten fan lânskipsfotografy nei foarren komme litte wol, en dus oare útgongspunten brûke sil.

Foar my – as dichter, as skriuwer, mar ek as net-akademysk fotograaf dy’t net bebiten is yn de kultus fan it ‘autonome byld’ – lizze wurd en byld ticht byinoar. In belangrike ferbining tusken beiden is de metafoar: de byldspraak, wêrby’t it wurd of it byld ferwize nei in oare betsjutting as de direkt sichtbere of werkenbere. In lânskipsfoto wurdt dan tagelyk wat er is én wat er noch mear fertelt. Metafoaryske foto’s binne dus foto’s mei in ferhaal, en it is – njonken normale, formele kwaliteiten as bygelyks beljochting en komposysje – benammen dat ferhaal dat de foto úttilt boppe de sljochtweihinne lânskipsfoto.

Wat foar ferhalen wol ik fertelle? Ik bin gjin dûmny, dy’t miskien benammen de pracht fan de skepping sjen litte wol, of dy’t sa noadich in sneinske moraal bepreekje moat fol mei-minsklikheid en barmhertigens dêr’t er yn syn eigen libben fan gjin kanten oan foldwaan kin. Ik bin ek gjin boer, dy’t it groeisume waar of it fruchtbere lân bejubelet wylst er tagelyk allerhanne kwaliteiten fan it lânskip ûndergeskikt makket oan de bedriuwsfiering fan syn buorkerij. It lânskip is foar my sawol in spegel fan myn siele as in boek mei ferhalen oer it libben sels.

As Peter Karstkarel it der yn syn karakterisearring fan Rânelân oer hat dat ik in “door contemplatie geplaagd” fotograaf bin, dan hat er in punt. It is yn dy kontimplaasje dat it metafoaryske karakter fan de foto ûntstiet. As in foto mear is as allinnich it direkt sichtbere, dan makket kontimplaasje it ûnsichtbere dúdlik. Dat klinkt yngewikkeld. Oan de hân fan de folgjende twa foto’s is it lykwols maklik út te lizzen.


Twa jonkjes drave achterinoar oan in grutte, griene romte yn. Se binne net hielendal skerp, wat de suggestje fan beweging fuortsterket. De fotograaf stiet achter in stek mei stikeltried en hat skerpsteld op dat stek, net op de jonkjes. De suggestje is dus dat dat stek belangryk is. Wêrom der oars op skerpstelle? It ferhaal dat hjir metafoarysk – it byld fertelt it – dúdlik makke wurdt, giet oer útbraak, frijheid, jonkheid en wille. De posysje fan de fotograaf achter (of foar, sa’t jo wolle) it stek suggerearret de útbraak. De romte de frijheid. De jonkjes de jonkheid. Hâlding en beweging de wille. De fotograaf wit boppedat dat de skôger fan it fotografysk byld meastentiids in folwoechsene wêze sil, dy’t sels jong west hat. Dy’t it metafoarysk fertelde byldferhaal miskien wol relatearje kin oan syn eigen ferline en oantinkens. Dat makket de kâns grutter dat de foto in emosjonele wurking hat op de skôger. Sa’n foto ‘docht’ dus wat mei jin. Foar my is it dan al mei al in goede foto.


In twadde foarbyld: in tsjustere loft op in betide simmerjûn, nommen tusken Easterbierrum en Seisbierrum. Opfallend is it himelljocht, dat folút losberst út in lytse kier tusken de wolken. Minder opfallend, mar by better skôgjen yntrigearjend, is it lytse ljocht ûnder yn it byld. Der ûntstiet in korrespondinsje tusken dat ‘ierdske’ ljocht en it grutte ljocht fan boppen. Is it iene in wjerkeatsing fan it oare, of binne beide autonoom en kommunisearje se mei-inoar? De setting, de omjouwing, is werombrocht ta inkeld kleur en foarm – in oranje-brunige loft, in swarte stripe mei beammen. Alle omtinken wurdt sa rjochte op de twa ljochten. It metafoarysk fertelde ferhaal giet fansels oer it ‘hegere’ en it ‘legere’ en dy’t leauwich is, mei syn eigen draai der oan jaan. Mar ek dy’t net leauwich is, sil wat werkenne. Hoe lyts wy binne, hoe grut de natuer is?

It ferhalende aspekt fan Rânelân komt net allinnich ta útdrukking yn de measte yndividuele foto’s, yn de metafoaren dy’t de foto’s bringe. It leit ek yn it dokumintêr-engazjearre karakter fan de eksposysje yn syn ûnderdielen (trijelûken) en yn syn gehiel. It organisearjen fan de foto’s yn trijelûken is in oare manear om in ferhaal te fertellen. In trijelûk mei twa foto’s fan in ôfbrutsen pleatske ûnder Seisbierrum dat ferdwine moast foar nije kassen, mei dêr tuskenyn in byld fan it bûtendyks droechfallen slyk en in rjochtopsteande túnklauwer dy’t liket te dûnsjen foar de ûndergeande sinne – hokker ferhaal fertelt soks?

Dy túnklauwerfoto is de iennichste foto dy’t ik yn sêne set ha. Al it oare is in werjefte fan de realiteit. In realiteit dy’t ‘lêzen’ is troch my en ferfolgens troch my ‘skreaun’ is mei in foto. ‘Visual poetry’ ha ik Rânelân as twadde titel meijûn. Mei in fariant op Von Clausewitz: dizze fotografy is de fuortsetting fan myn poëzij mei oare middels.

maandag 23 april 2012

Utsjoch achter

Brûsplak


Luuk yn panel oer nútsjesmoar: 'Dit kan echt niet. Dit is geen pindakaas'

Luuk siet ferline wike yn in ekspertepanel fan it Noordhollands Dagblad (21 april) om ferskate merken nútsjesmoar te priuwen.

Yn ‘e race: Horizon (priis 2,59 euro), Vita D’or (1,49), Calvé Creamy (1,95), Albert Heijn (1,21), 1 De Beste (1,12), Calvé (1,67) en Albert Heijn biologisch (2,19).

Earst tinkt er dat Calvé wol de lekkerste wêze moat. Mar sitaat: “Luuk stuit in zijn zoektocht naar Calvé zelfs op een pindakaas die hij nog lekkerder vindt. ‘Ik ga mijn moeder vragen of ze deze wil kopen’.”

Oer de Horizon wie er net te sprekken. “Dit kan echt niet. Dit is geen pindakaas. Wordt dit echt ergens verkocht?” Mar de Vita D’or “is eigenlijk precies goed”. De Albert Heijn is “niet te zout en ook niet te zoet”.

Fan 1 De Beste tinkt er dat it in oar merk is. “Dit is volgens mij Calvé.” Mar by it priuwen fan de echte Calvé: “Ik denk bij nader inzien toch dat dit Calvé is. Ik herken de smaak, maar of ik hem ook beter vind dan de vorige, dat weet ik niet.”

Yn alle gefallen kin it neat wurde mei de Albert Heijn biologisch: “Ik heb nog nooit pindakaas gezien die er zo uitziet. Van mij krijgt hij echt niet meer dan een 5. Een onvoldoende.”

Dan de einsifers fan it ekspertepanel: 1 De Beste 8,8, Vita D’or 8,5, Albert Heijn 7,5, Calvé Creamy 6,4 en de beide biologyske nútsjesmoaren Horizon en Albert Heijn biologisch einigje yn ‘e sturt mei elk in 4,5.

No sa.

donderdag 19 april 2012

Grytsje Kingma - Doarp fan doe



De molkboer dy't altyd fluite, wie in omke fan my, Freark de Vries (1930-2006). Syn heit, dus myn pake, ha ik oer skreaun yn 'It oerset'. Dat fluitsjen, dat komt by him wei...

De teloargong fan de pleats Nijenhuis tusken Feinsum en Alde Leie



Foto's út 2009, noch makke mei myn âlde Canon 300D (it filmke komt fia skriuwster Hilda Talsma, waans pake en beppe noch op it pleatske wenne ha):



Foto's eksposysje Rânelân te keap!

Fansels binne de foto’s dy’t diel útmeitsje fan de eksposysje Rânelân yn Tresoar (noch oant 28 juny) ek te keap! De grutte formaten jilde 150,- euro, de lytse 80,- euro (prizen sûnder list). Te bestellen mei fermelding fan fototitel by Abe de Vries, Ds. Marinus Mooijstrjitte 24, 9078 VX, Aldsyl. Nei’t it bedrach oermakke is op rekken 2890194 mei fermelding fan adres wurdt de foto tastjoerd.

En ik sil sjen oft ik net in bettere fotosite meitsje kin.. Foarearst binne de measte foto’s ek te sjen op www.flickr.com/photos/abedevries.


dinsdag 17 april 2012

Nij útjou-inisjatyf HotSum foar essees en twatalige poëzij

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.

De gearwurking mei de Contrabas smyt in struktureel nasjonaal poadium op foar Fryske poëzij. Sa’n ferbreedzjen fan de hoarizon is nedich. HotSum rêdt mei de akwisysje, redaksje en foarmjouwing, de produksje en distribúsje nimt de Contrabas op him. Op de drokbesochte webside fan de Contrabas (www.decontrabas.com) sille de nije útjeften folop omtinken krije.

Dêrneist set HotSum ek út ein, yn ’e mande mei it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert en de al earder neamde Contrabas, mei in rige esseebondels. Essees oer Fryske literatuer wurde der in bytsje skreaun, wylst der wol ferlet fan is: refleksje op de Fryske literatuer ferdjippet en fersteviget it literêr klimaat. Yn dizze (Frysktalige) bondels bûge skriuwers har oer in tema. Se ferskine neffens plan yn 2013, 2014 en 2015.

*

Mear ynformaasje:
Abe de Vries, mobyl 06-29393440. Email: hotsum@hotmail.com;
Chrétien Breukers, mobyl 06-15103593. Email: chretien.breukers@lombok.nl

zondag 15 april 2012

Keunsthistoarikus Peter Karstkarel oer eksposysje Rânelân yn Tresoar

Opening Abe de Vries in Tresoar

In de geschiedenis van de beeldende kunst in Friesland is het thema landschap slechts smal vertegenwoordigd. Het landschap was kennelijk zo vanzelfsprekend dat het niet verbeeld hoefde te worden. Er kon geen speciale boodschap in worden gelegd. Er zijn wat incidentele uitzonderingen. De mooiste is een serie grote landschappelijke behangsels, in het begin van de negentiende eeuw geschilderd door Aldert Jacobs van de Poort. Ze werden aangebracht in een salon van een herenhuis aan de Nieuwestad hier in Leeuwarden. De idylle van het landschap en het landleven zijn er prachtig op verbeeld. Een eeuw later zijn de behangsels in Den Haag geveild en gekocht door een diplomaat. Ze zijn via Parijs en Marokko in een kasteel in Bourgogne terecht gekomen. Ik heb ze daar bezocht, een glorieus bezoek. De eigenaresse wilde ze desgevraagd wel voor een tentoonstelling uitlenen, maar de culturele instanties in Friesland waren niet geïnteresseerd. Teleurstelling. Vorig jaar doken de prachtige behangsels weer op. De eigenaresse, madame le général de Nadaillac, was overleden en ze werden hier te koop aangeboden voor een stevig, maar voor de kwaliteit bescheiden bedrag. Sommige instanties hebben de aanbieding verkend, maar tot aankoop is het niet gekomen. Weer teleurstelling.

Voor dat ik me opnieuw boos maak terug naar de landschapsverbeelding. Pas vanaf het begin van de twintigste eeuw wordt het landschap echt een thema voor kunstenaars, voor schilders vooral, want in de fotografie, nog niet erkend als een kunstgenre, bleef het landschap stiefmoederlijk bedeeld. De verzamelingen van de grote fotografen worden geleidelijk geïnventariseerd en ontsloten, en er blijkt maar weinig landschap bij te zitten.

Het ‘rânelân’, zoals Abe de Vries de noordelijke kuststrook van Friesland noemt, hebben kunstenaars pas na de oorlog, pas vanaf de jaren vijftig opgepakt. Kunstenaars uit de kuststreek zelf en van de eilanden: Deodatus (die zijn voornamen Jan Arien zelden gebruikte), Jo Rispens en de architect-schilder Pit van Loo, allen afkomstig uit Groningen en Drenthe, raakten verknocht aan de kuststreek, het Wad en de eilanden. Later Fred Landsman uit Holwerd, afkomstig uit de Zaanstreek, die tegenwoordig heel andere thema’s verbeeldt en Henk de Vries, ook uit Holwerd. Toen kwam ook Geurt Busser die met zijn schuit-atelier het wad opging. Er is tegenwoordig zelfs een Waddenkunstkring. De fascinatie voor de kust en het Wad zullen altijd blijven.

In de periode dat ik deze schilders leerde kennen – ik schreef toen kunstrecensies voor het Friesch Dagblad - raakte ik zelf aan het wadlopen, met Jan Tulp en Albert Nauta, afkomstig uit Franeker. We waren wilde lopers toen het georganiseerde wadlopen net begon. We waren serieus. We werkten elk jaar na een vroege zomerse verkenning onze kaart met slenken en prielen bij. Serieus, maar we hadden veel plezier. Met gasten tot een man of tien liepen we van Holwerd naar Ameland of terug of we deden een retourtje Engelsmansplaat. De stilte die manifest werd door wat vogelgeluiden is een dierbare herinnering. De stank van het slik zit me nog in de neus. De stilte konden sommige kunstenaars wel verbeelden, de stank niet. Op één na: de Leeuwarder kunstenaar Jan Stroosma ging in het midden van de jaren zeventig materieschilderijen maken, tondo’s met zandstructuren waarin hij de rotzooi die hij op het Wad en het strand vond verwerkte. Het waren heel tastbare aanklachten tegen de vervuiling van de natuur. Ze vormden voor mij een groot dilemma: inhoudelijk bewonderde ik ze, maar ik vond ze kunstzinnig niet zo sterk: wat decoratief en anekdotisch.

Al eerder had ik de schoonheid van dijken ontdekt, in mijn jeugd al de prachtige Hemdijk, de binnendijk van Sneek, langs Westhem en Blauwhuis naar Tjerkwerd. Toen daar veel later een paar boeren de stront en dong over de dijk lieten kwijlen, heb ik een giftig stukje in de krant geschreven. Het zijn, een kwart eeuw later, woonboerderijen geworden met tuttige Intratuinen, omdat elders gigastallen zijn gekomen. Wat is erger? Ruzie kreeg ik ook met een boer die op het laatste stukje Kattendijk tussen Witmarsum en Wons aardappelen had gepoot – nota bene een restant van de bedijkingen van de Marneslenk. De boer pikte het krantenstukje niet waarin hij voor cultuurbarbaar werd uitgemaakt. Laatst was ik weer eens in Stavoren en ik ergerde me opnieuw aan de dikke appartemententorentjes die boven op de oude Zuiderzeedijk zijn gebouwd. Dijken horen onaantastbaar te zijn en het daarbinnen gevangen landschap ook. Het rânelân is mededeelzaam uit zichzelf, daar mag niets aan worden toegevoegd of van worden vervreemd. Ze mogen hooguit landschapseigen monumenten krijgen: de Stiennen Man, de obelisk voor Willem Loré bij Dokkumer Nieuwezijlen en het mooist van al: de tempel van Ids Willemsma op de dijk boven Hallum-Marrum.

Dijken vertellen van het wezen van ons land en het land ligt er dan ook respectvol achter. Dit rânelân is het motief van de tentoonstelling van fotobeelden van Abe de Vries. Dit rânelân, het landschap van de Waddenkust tussen Harlingen en Lauwersoog, is niet een zelfkant van Friesland, wel een zoom van het vertrouwde land, onze kleine wereld. Een landschap dat inderdaad is afgezoomd door de hoge zeedijk. In de vroege Middeleeuwen was de overgang van land en zee geleidelijk, gekarteld door inhammen en slenken. Wij hebben het land ingekaderd in dijken en het land zelf gestructureerd om er akkerbouw of veehouderij op te bedrijven. Deze structuren hebben nederzettingen opgeleverd van verspreid liggende boerenplaatsen tot talrijke kleine dorpen. Weids is het en op droge, scherpe dagen kun je kilometersver in het rond kijken. Laatst reed ik op zo’n dag van de Trynwâlden over Dokkum naar Raard. Dan is de grote molen van Burdaard onderweg een ijkpunt. Maar even eerder zag ik een kerk op een terp liggen: Wânswert. Het was me nog niet eerder opgevallen dat die op zo’n afstand zo goed was te herkennen. Even verder zocht ik naar de kerk van Raard; die staat per slot ook op een hoge terp. Al rijdende is dit niet gelukt.

De ruim twintig beelden van het Fryske rânelân die hier in Tresoar getoond worden, zijn signalen van een fotograaf die door contemplatie wordt geplaagd. Zelfs beelden van de dynamiek van de zogenaamde vooruitgang en afgang in deze stille rand, bijvoorbeeld van de havens van Harlingen en Lauwersoog, drukken een grote mate van overdenking uit. Soms lijkt het alsof de fotograaf het zelf allemaal heeft bedacht, de taferelen heeft gearrangeerd. Meestal is hij de denker, de filosoof, of nog beter: de poëet achter de beelden, van stil tot heftig. Soms is hij een echte regisseur van de beelden of maakt hij bij culturele momenten gebruik van een regie. Of bij heel persoonlijke beelden van zijn jonkjes in dit rânelân. Straks zullen we een van die jonkjes horen.

De meeste beelden lijken de werkelijkheid te zijn, maar dit is niet het geval. Ik bedoel niet dat ze met de huidige digitale mogelijkheden zijn gemanipuleerd. Ik bedoel dat ze niet de werkelijkheid zijn, omdat het platte beelden van ruimtelijke vista’s zijn. Dit is bij kunst altijd de makke: de werkelijkheid kan nog steeds niet worden vastgelegd, alleen maar verbeeld. Zelfs zogenoemde 3D-beelden bieden geen werkelijkheid. Daar gaat het ook niet om. Om het in juridische termen te vatten: het gaat om waarheidsvinding. Wil je dan beelden als deze kunnen scheppen, dan moet je heel goed kunnen spelen met de karakteristiek van landschap en vooral met wat de bewoners er mee doen en willen of wat ze nalaten. Dat kan alleen als je de maatschappij door en door kent en je dus de waarheid van Friesland en de Friezen kunt treffen.

Als we het zelf willen ervaren, moeten we het rânelân in. Niet met iedereen tegelijk, want dan verknoeien we de ervaringen net als bij de georganiseerde wadlooptochten en als een archeoloog die bij het graven zijn object van onderzoek aantast.

De waarheid van het Friese landschap en zeker van het rânelân is de weidsheid. Niet een lege weidsheid, maar een die allerlei structuren bezit en een podium biedt aan de bewoners en hun gasten. Een steeds wisselende weidsheid waarvoor de fotograaf steeds weer een bijzondere positie moet kiezen. Een goed waarnemer als Abe de Vries doet dat. De meeste foto’s bieden beelden van landschappen, van heel gewoon tot in bijzondere situaties. Meestal met een serene sfeer, zoals het landschap dit waard is.

U merkt dat ik vooral op sferen afga; mijn kennis van de fotografietechniek is lousy. Maar mij is wel opgevallen - want ik ken de barokstijl - dat Abe de Vries zo nu en dan een stevig clair-obscur effect of een expressieve situatie nastreeft en dat zo nu en dan bij een laag staande zon of met andere lichteffecten fotografeert. Dat geeft zijn werken dramatiek. Zelfs de verstilde en statische taferelen krijgen daardoor warmte en een ingetogen dynamiek. Elk beeld heeft een Abe-verhaal, maar die ga ik u niet vertellen. Verken zelf de beelden meng het beeldverhaal van Abe de Vries met uw eigen verhalen.

Ik feliciteer Tresoar met deze bijzondere tentoonstelling. Ik bedank Abe de Vries voor dit opmerkelijke, compacte beelddocument van het rânelân. Ik beloof dat ik voortaan nog aandachtiger en vooral in alle rust – dat ontbreekt er bij mij nogal eens aan - zal kijken.

15 april 2012 Peter Karstkarel
foto Karstkarel: Reyer Boxem
foto Tim: Alfred Miedema

Snein yn Tresoar, 15.00 oere: Iepening 'Rânelân'


zaterdag 7 april 2012

Selspetret 2

Selspetret

KOLLUM (34): En hy pakte har beet, en se skodde mei har dikke reet

De Moanne hat in priisfraach útskreaun. Skriuwers wurde oproppen om “yn helder Frysk in goede eroatyske sêne of ferhaal te skriuwen, ûnder it motto: ‘De leafde bedreaun’. Tûzen wurden, mar it kin ek mei folle minder ta.”

Foar 1 juny ynstjoere nei demoanne@afuk.nl, it mei ek anonym, en it moaiste ferhaal wurdt ôfprinte yn it hite simmernûmer fan de Moanne. Skriuwt Moanne-redakteur Karen Bies yn it jongste nûmer fan it tydskrift.

Bies siet ek yn de sjuery fan de Rink van der Velde-priis ferline jier, dy’t wûn waard troch Ferdinand de Jong. Hy krige de priis nettsjinsteande de “yntime sênes” yn de priiswinnende roman It dak fan de wrâld. Neffens it sjueryrapport like de skriuwer mei dy sênes “ferlegen te wêzen, want de dialogen dêr binne de knoffelige kant it neist”. Mar Bies wit ek net hoe’t it al moat, seit se no, al jout se al in pear foarbylden fan skriuwers dy’t it wól goed dogge mei dy seks.

Riek Landman liet har heldinnen sopjend troch it gea gean.”

Dat kaam dan miskien om’t it bûten krekt eaze hie?

Dy’t nei eigen sizzen neat sizze kin oer seks yn ’e literatuer, moat him neffens my oer it ûnderwerp dan ek mar stilhâlde. Dy’t yn ’e sjuery sit en mient dat er yn in rapport mei oppen en innen en oanen komme moat, dy soe dochs op syn minst winken jaan kinne oan de skriuwer yn kwestje hoe’t de sjuery it graach oars sjoen hie. Lekker maklik, nochal ja.

Dan no de priisfraach. Ik wit net hoe’t it op jim oerkomt, mar skriuwers oproppe om ferhalen yn te stjoeren, en der dan by sette dat mar ien ferhaal ôfprinte wurde sil… Sjoch bygelyks hjir hoe't it ek oars kin. Se tinke dêr by de Moanne seker dat it sa’n godfergetten grutte eare is om yn it blêd te stean, dat elk wol meidwaan wol, ek al ferdwynt dus 99,99999 persint fan de bydragen aansen yn it rûne argyf. No, ik tocht fan net. Wêrom gjin boekje meitsje fan de ynstjoerings? Sa’n oprop op dizze wize tsjûget net fan in protte respekt foar skriuwers. Ek hjir jildt: lekker maklik, nochal ja.

En om’t noch de RvdV-sjuery noch de redaksje fan de Moanne paadwizers jout dy’t skriuwers feilich troch de ivich sjongende moerassen fan de knoffelseks hinne helpe, hjir dochs mar wat goerie om op papier in stevige hite punt te setten.

Seks en leafde, dat wurdt fansels neat. Lit soks mar yn de eigen sliepkeamer gewurde. Nee, seks en lust. Oars komt it net klear. Lust is ôf te lêzen oan beskate lichamelike skaaimerken, mar it geheim derfan sit yn ‘e holle. Dy’t bûten de holle om skriuwe wol, kin better dalik ophâlde – allinnich gewrimel fan swittende liven smyt út noch yn gjin spannende tekst op. Sykje yn ‘e holle nei de dynamyk fan de ôfhinklikens: de gefoelstemperatuer fan lust hat dêr mei te krijen. En as lêste: kies ûnferwachte spilers, dekors en dito hannelingen.

De Tataarske konduktrise skullfucke op in húske yn de stampfolle yntercity tusken Moskva en Smolensk. Sokssawat.

Kinst it ek gewoan simpel hâlde. In brechje yn de Fryske greiden. Ut de evergreen ‘De boeretrien’ fan de Stampers: “En hy pakte har beet, en se skodde mei har dikke reet.”

Johnny Cash - Ain't No Grave

vrijdag 6 april 2012

Nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2012!

Myn esseebondel út 2008, Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer is nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2012. De shortlist mei fiif debuten is hjir te finen. Dêr kin ek stimd wurde (earst efkes  registrearje!) foar de Fedde Schurer Publykspriis 2012.

Unnoadich te sizzen dat it literatuerbedriuw hjir yn Huize de Feartfisk der hast feralterearre fan is. Ik leau ek dat de Fryske literatuer in protte ferlet hat fan mear essays en goede, langere kritiken. Mar it is in sterk fjild fan dielnimmers, dat sjoch mar efkes. Stimme kin noch oant 10 oktober.

Sjoch hjir foar in resinsje troch Harmen Wind fan de essaybondel en hjir foar Michaël Zeeman dy't ek de blomlêzing Het goud op de weg besprekt.


woensdag 4 april 2012

KH 2018-bestjoerslid Klaas Dijkstra: 'In slinger jaan oan in nij perspektyf foar Fryslân'

KOLLUM (33): Stappeplan foar de programmamakker

Stel, do bist programmamakker of sjoernalist of hoe hjit soks by de regionale omrop. Do hast 2 minuten en 2 sekonden stjoertiid beskikber foar in tillevyzjeberjocht oer de earste plannen fan Leeuwarden/Ljouwert 2018. Dy wurde op in parsekonferinsje bekenmakke.

Dy earste plannen, dêr hasto al moannenlang op wachte. En do hast al mear as ien kear der op om sangere datst dat hiele 2018 eins mar twa kear neat fynst. Wat dochst dan mei dyn 2 minuten en 2 sekonden?

Trendsettende binnenkommer fan ferslachjouwer Henk te Biesebeek: “Nei in oanrinperioade fan hast twa jier kinne de gemeente Ljouwert en de Stifting Kulturele Haadstêd lang om let har projektplan foar 2018 presinteare.”

Stap 1: do sjitst dyn earste pylk ôf op de lange perioade dat der saneamd neat dien is. “In oanrinperioade fan hast twa jier.” “Lang om let.”

Stap 2: do lulst der mar wat hinne. Want der is nét hast twa jier wachte op dat presintearre projektplan. Dat projektplan fan juster is net mear as in priuwke fan en in foarskotsje op de earste fersy fan it bidbook, dy’t pas yn oktober klear hoecht te wêzen.

Okee, do bist ek de beroerdste net, do litst efkes de KH-foarsitter oan it wurd en do nimst krekt de tiid om ien (1) idee út it projektplan te neamen yn in tuskensin, nammentlik it grutte festival dat takom jier plakfine moat. In festival yn gearwurking mei Tryater en Oerol wêrmei’t Ljouwert himsels as Kulturele Haadstêd op de kaart sette wol.

Stap 3: do begjinst sa gau mooglik, dus dalik, oer jild. De ferslachjouwer: “Oan dit festival hinget in priiskaartsje fan 1 miljoen euro, wat ek wer foar it grutste part mei mienskipsjild betelle wurde moat.”

“Wat ek wer mei mienskipsjild betelle wurde moat”? Fan jild of bedragen wie noch gjin sprake yn dyn útstjoering. Mar handich hast op dizze wize efkes oanknope by besteande foaroardielen, dy’t mei troch dysels de wrâld ynholpen binne. Dat it dochs allegear jildfergriemerij is fan bobo’s dy’t der goed fan ite.

Hokker priiskaartsje soe der eins oan Te Biesebeek hingje, kwa skaal 12 bedoel ik? Dat is pas weismiten mienskipsjild. Mar dat tusken twa heaken.

Hast it bedrach dat it feest kostet noch amper útsprutsen, of do setst mei faasje dyn stratezjy fierder fuort. Do konstatearrest dat “de polityk noch net sa fier is”.

Stap 4: do joust bûter by de fisk, dus do sleepst in bekende tsjinstanner fan KH 2018 foar de kamera. Wurket altyd goed. VVD-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten Aukje de Vries. Soundbites: dit is in grut fraachteken, it sil in hele dobber wurde, safolle jild yn dizze tiid, it sil hiel swier kealje.

Tankewol Aukje, dat wie krekt wat noadich wie. En do, tink derom: net fermelde dat de achtenearre sprekster hielendal gjin bliksem te fertellen hat en allinnich mar foar har eigen bankjes praat, want dat har partij net ienris diel útmakket fan Deputearre Steaten.

Fansels stapst dêrnei de strjitte op. Gjin nijs-item sûnder de strjitte. It gesundes Volksempfinden moat syn gerak ha, sa wol it dei yn dei út praktisearre omropklisjee hawwe.

Stap 5: do fregest dus ‘gewoane’ minsken wat se der fan fine. Wêr presys fan fine? Dat flikkert neat. As se mar wat fine.

Earste reaksje: “Dat wurdt niks! Dêr is Ljouwert net geskikt foar.” Hoesa dan net, wêrom dan net? Dat fregest fansels net. Bist net wiis, dit is de Omrop, it moat popy-jopy bliuwe. Twadde reaksje, foar it lykwicht, want oars soe dyn ynkleurjend stappeplan wat al te trochsichtich wurde: “Nou, dat is hartstikke moai. Ik bin der foar.”

Hmmm. Gau de boel wer efkes op skerp sette. Doch sa as Te Biesebeek, jou dyn slachtoffer nûmer 3 mar efkes in foarsetsje: “It feestje moat 65 miljoen euro kostje!”

It útlokke antwurd: “Skandalich.”

Dramatyske stilte. Ja, dêr komt er al, de genedeslach: “Kenst beter in gedeelte derfan an de foedselbank geve.”

Sjoch: mei sa’n reaksje kinne jo as programmamakker 2.0 foar de kreamen komme. No mei nûmer 2 ek noch wol efkes werom yn byld. Hjir kin ommers net ien mear tsjinoan. “Mar der komt oek feel foor terug.” Ein.

No kin ik my fersinne, mar wiene it net ék benammen omropmeiwurkers dy't konkrete plannen hearre woene? En wêr gie dizze útstjoering oer?

Goeie God, it is hast Peaske. Lit dan asJebleaft dizze omrop ek opstean út de dea. Of ferlos him oars mar út syn lijen, as mooglikheid 1 ûnmooglik is.

dinsdag 3 april 2012

Film oer Jacqueline du Pré en Elgar syn 'farewell to beauty'

The Boxtops - The Letter

Wyklikse kollum yn kultuerbylage fan it Friesch Dagblad

Fan takom wike woansdei ôf ha ik elke wike – op gehakdei – in kollum yn de kultuerbylage fan it Friesch Dagblad. Oer kultuer en kultuerpolityk yn Fryslân, it hoe en wat en wêrom.

De fraach tsjinne him oan, hoe moat dy kollum hjitte. De namme moast wat mei niteljen te krijen hawwe. Skroeier is in wurd út it keatsen: in bal dy’t mei in protte gong en leafst nuver draaiend of stekkend opslein wurdt. In moaie metafoar foar it kollumskriuwen, fyn ik. Net dat skoaren dêrby sa belangryk is - mar it giet al om de beweging fan it wurd. En wat dat wer yn beweging bringt. Of sokssawat. Koart sein, jim sjogge it wol.

zondag 1 april 2012

Dietrich Fischer Dieskau - Die Nebensonnen

Jan Wybenga en it parhelium by Bunzlau

Lit my wer ris in gedicht ûnder it loerizer lizze. Diskear (sjoch hjir foar de earste ôflevering yn wat miskien mar in rige wurde moat) ien fan de net-publisearre fersen fan Jan Wybenga, waans Samle fersen letter dit jier ferskine sille.

It gedicht ‘Bijzonnen’ is it op ien nei lêste út de syklus ‘Eine kleine Winterreise’, in Hollânsktalige rige dy’t Wybenga skreau yn 1944 en 1945 doe’t er yn it ramt fan de Arbeitseinsatz by it Dútse fleantúchfabryk WeserFlug tewurksteld wie. Yn dy syklus, dy’t ek wat de nammen fan de gedichten oanbelanget ferwiist nei de ferneamde ‘Winterreise’ fan Wilhelm Müller (bekend fan de lieten fan Franz Schubert), reizget Jan Wybenga troch it hert fan it meunster. Hy belibbet de ein fan in Europa. Oarloch, bombardeminten, hoerekasten, in leafde. Foar syn wurk (wierkynlik as tolk en oersetter) hie er tastimming om gebrûk te meitsjen fan de Reichsbahn. Ut in by Tresoar bewarre bleaun dokumint blykt dat er yn alle gefallen mei de trein nei it Silezyske Bunzlau (Poals: Boleslawiec) west hat, dêr’t WeserFlug ien fan syn fabriken hie. De reis einiget feitlik yn gedicht 23, ‘Bijzonnen’, dat ik hjir besjen wol.

‘Eine kleine Winterreise’ bestiet út 24 koarte, op it each ienfâldige fersen, mar by better skôgjen blykt de heale wrâldliteratuer mei te dwaan. In leafde yn oarlochstiid is op ’e non útrûn; de ik-dichter komt mei in rige somtiden grouwélige oantinkens en beskriuwingen fan de (syn) aktualiteit. It lân stiet yn ’e brân, lykas de moraal. Yn Sileezje – de lânstreek yn it tsjintwurdige Súdwest-Poalen wurdt ek by namme neamd yn in earder fers fan de syklus – komt it ta in apoteoaze fan de apokalyps.

23 Bijzonnen

De tunnel raakt niet rechtstreeks bij de dag betrokken
de zon drievuldig die met violette vingertoppen
de blanke flanken van silezië aftast

langs de tegels strijkt het licht verkild en asgrauw
met vermoeide handen

en in de vale koker golven af en aan de horden
belaste en beladen genoten van de draak
die zwart en dreigend naar het zenit reikte
nevenlichten die beangst de dag ontvluchten
in duistere tunnels
nu het gericht op felbelichte heuvels
zijn kille schaduw werpt
hoogmoed die vergaat in hysterie

dronken soldaten houwen op de zachte lijven
met harde kolven in

gillend laat een vrouw
haar doodgevroren zuigeling vallen
kristallen pop die tinkelend breekt.

It korrespondearjend fers fan Wilhelm Müller hjit ‘Die Nebensonnen’:

Drei Sonnen sah ich am Himmel stehn,
Hab’ lang’ und fest sie angesehn;
Und sie auch standen da so stier,
Als könnten sie nicht weg von mir.

Ach, meine Sonnen seid ihr nicht!
Schaut andern doch ins Angesicht!
Ja, neulich hatt' ich auch wohl drei:
Nun sind hinab die besten zwei.

Ging’ nur die dritt’ erst hinterdrein!
Im Dunkeln wird mir wohler sein.

Yn dat fers fan Müller besjongt de ik-figuer de yllúzje fan leafde en de werkenning dat dy leafde noait foar him bedoeld wie. It wie in hallusinaasje. Hy ferliket de twa eagen fan syn leafste mei de sinne; no binne de earste twa fuort, allinnich de lêste bliuwt oer en dy kin wat him oanbelanget ek likegoed ûndergean. Yn guon oare kommentaren steane de trije sinnen by Müller foar spirituele wearden: de leafde foar in oar, de leafde foar God en de leafde foar jinsels.

Dêr’t Müller syn fers gjin dekor jout, komt Jan Wybenga mei in heislik tafriel. Wy sjogge in berchrêch yn Sileezje, sykljochten dy’t de nacht yn skine, in tunnel dêr’t oan wurke wurdt troch slaven dy’t op ’e bealch krije fan harren bewekkers. In neiere oantsjutting fan it tema wurdt pas ynbrocht yn de lêste trije rigels: “gillend laat een vrouw / haar doodgevroren zuigeling vallen / kristallen pop die tinkelend breekt.”

Mar lit ús by it begjin begjinne.

It begjin is de titel, ‘Bijzonnen’. Dy ferwiist nei it atmosferysk haloferskynsel dat bekend stiet ûnder de Latynske namme parhelium. As de sinne leech oan de himel stiet en troch in tinne wale fan wolken hinne skynt, kin it troch refleksje op iiskristallen sa lykje as ferdûbelet of sels fertrijedûbelet de sinne him. De âlde Griken (bygelyks Aratus) koene it ferskynsel ek en beskôgen it as in foarteken fan stoarm en reinwetter. Ek yn de lettere literatuer is it gjin ûnbekend fenomeen, sjoch bygelyks Shakespeare’s Henry VI. Edward en Richard sjogge in parhelium by Mortimer’s Cross, flak foar’t se hearre sille fan de dea fan harren heit:

Edward: “Dazzle mine eyes, or do I see three suns?”
Richard: “Three glorious suns, each one a perfect sun;
Not separated with the racking clouds,
But sever’d in a pale clear-shining sky.
See, see! they join, embrace, and seem to kiss,
As if they vow’d some league inviolable:
Now are they but one lamp, one light, one sun.
In this the heaven figures some event.”

Yn de Ingelske skiednis is oerlevere wurden dat der in parhelium mei trije sinnen wie foarôfgeand oan de Battle of Mortimer’s Cross in Herefordshire yn 1461. Edward VI koe syn bangwurden leger der fan oertsjûgje dat it ferskynsel te krijen hie mei de Hillige Trije-ienheid en dat it sadwaande in geunstich teken fan God wie – en doe wie de oerwinning foar him.

Goed. Wybenga lit syn gedicht begjinne mei spesifike geografyske oantsjuttingen:

De tunnel raakt niet rechtstreeks bij de dag betrokken
de zon drievuldig die met violette vingertoppen
de blanke flanken van silezië aftast

Beneamd wurde in tunnel yn in berchrêch (“blanke flanken”) en in lânstreek (Silezië). De sinne is “de zon drievuldig”, hat “violette vingertoppen”, skynt op de bergen mar berikt de tunnel net, dy’t yn it tsjuster bliuwt. De trije sinnen hawwe in konnotaasje mei de Trije-ienheid, mar wêrom hawwe dizze trije sinnen “violette” fingerseinen?

De kombinaasje Trije-ienheid en pears (fiolet) docht tinken oan in blomke, it Trijekleurich Fioeltsje (herba trinitatis, it krûd fan de Trijefâldichheid). Dat stie yn âlde tiden symboal foar it oantinken. It waard gauris op grêven plante. Oan ’e ein fan Wybenga syn gedicht, dêr’t it giet oer in poppe fan kristal, blykt dat hjir mooglik ek de Grykse myte fan Amethystos in rol spilet. De god Dionysos siet achter de faam Amethystos oan, dy’t him ôfstegere. Sy bea de goaden dat se in jongfaam bliuwe soe, in bea dy’t troch de goadin Artemis beändere waard troch har yn in wite stien te feroarjen. Dionysos liet doe as in offer reade wyn oer de stien rinne, wat de kristallen pears makke.

De folgjende trije strofen by Wybenga jouwe it oarlochsbyld. It ljocht yn de tunnel (“langs de tegels”) hat gjin fiolette fingerseinen mear, mar is “verkild en asgrauw” en hat “vermoeide handen”. Bûten wurdt it ljocht assosjearre mei godlikens, mar hjir is it in oar ferhaal:

en in de vale koker golven af en aan de horden
belaste en beladen genoten van de draak

De ôfdaling komt út yn de hel, dêr’t de draak (de duvel) tsjinne wurdt troch syn “genoten”. De draak docht – ek sjoen alle eardere ferwizingen yn Wybenga syn syklus nei Goethe – tinken oan Goethe’s fers ‘Mignon’ út Wilhelm Meisters Lehrjahre: “In Höhlen wohnt der Drachen alte Brut; / Es stürtzt der Fels und über ihn die Flut.” It is in synysk hinnewizen nei de faam Mignon, dy’t yn it fers fan Goethe stiet foar de langst nei it suden en nei Itaalje.

Goethe – benammen syn Faust – is noait fier fuort yn Wybenga syn syklus. De kombinaasje fan in grot (tunnel), leafde, in frou en in dea bern docht fansels dalik tinken oan de stoarje fan Mefistofeles en Margarete (Gretchen) út Faust 1. Earder yn de syklus liet Wybenga syn protagonisten fleane nei de Blocksberg, yn de Harz, by Goethe de setting fan de heksesabbath yn de Walpurgisnacht. Mefistofeles wol Gretchen rêde fan har lot – sy hat har krektberne bern ferdronken en driget yn de hel te bedarjen – en besiket har yn de grot der fergees fan te oertsjûgjen dat sy him folgje moat.

Ek in wjerlûd út Faust 2 klinkt miskien op de achtergrûn troch, dêr’t Mefistofeles wurden útsprekt dy’t ek opgean kinne soene foar Wybenga sels:

Wer lange lebt, hat viel erfahren,
Nichts Neues kann für ihn auf dieser Welt geschehn.
Ich habe schon in meinen Wanderjahren
Kristallisiertes Menschenvolk gesehen.

Lykas wy seagen, wurdt it helsk-Danteske tafriel troch Wybenga ôfsletten mei de hast surrealistyske rigels:

gillend laat een vrouw
haar doodgevroren zuigeling vallen
kristallen pop die tinkelend breekt.

De frou mei hjir beskôge wurde as in eidolon (in byld, ferskining, geast - ek in soarte fan parhelium dus) fan har, dy’t troch Wybenga earder yn de syklus ek wol mei de Grykse Helena ferlike wurdt. Nijsgjirrich is dat yn it toanielstik fan Euripides (Helena) sy sels in eidolon is: neffens de skriuwer gie sy hielendal net nei Troje, mar wie it har ferskining, har dûbelgonger dy’t Paris de holle op ’e rin brocht. De “doodgevroren zuigeling” kin stean foar de leafde dy’t bestie tusken de frou en de ik-dichter: een “kristallen pop die tinkelend breekt”. It kristal út dizze lêste rigel heakket wer oan by it herba trinitatis op it grêf en by it tryste ferhaal oer Amethystos. It is dan wol dúdlik: in leafde is hjir ferlern gien, wie in yllúzje.

Nijsgjirrich is it feit dat de grutste tunnelwurksumheden yn Sileezje plakfûnen net hiel fier fan Bunzlau, nammentlik by Wüstegiersdorf (Poals: Gluszyca). Underskate Dútse fabriken wiene fan doel om in part fan de produksje dêrhinne te ferpleatsen. Ek soe Hitler it kompleks brûke hawwe wold as ien fan syn ûndergrûnse haadkertieren. It bunkerkompleks is mar foar in part yn gebrûk nommen.

Hoe treffend soe it wêze, as  oait ris bliken dwaan soe dat Jan Wybenga krekt mei dat plak yn gedachten oan syn lytse winterreis in dramatysk hichtepunt jûn hat.


.