dinsdag 29 november 2011

KOLLUM (23): Explore de Fryske literatuer, wêrom net?

It is nuver, mar justerjûn kaam it petear wer op it lot fan it Fryske boek.

By de evaluaasje fan de Moanne fan it Fryske Boek, bedoeld foar de dielnimmers oan it programma, wiene bûten de meiwurkers fan Tresoar fiif (5) minsken oanwêzich.

Miskien om’t de opkomst net heger wie, koe de seal it al rillegau iens wurde oer de needsaak fan in nije opset.

Troch de Moanne mear it karakter fan in regionaal rûnreizgjend multydissiplinêr festival te jaan, sil it better mooglik wêze om omtinken te freegjen foar Fryske skriuwers en Fryske boeken. Spearpunten meitsje, dêr giet it om. Elke kear twa dagen lang alles út ’e kast lûke wat muzyk en optredens oanbelanget, en dat op fiif of seis plakken yn ’e provinsje. Dêrby ek bûtenlânske bands op de planken bringe. Explore de Fryske literatuer, wêrom net?

De fraach wie al of it allegear yn dy fiif wike moat, of better útspraat wurde kin oer it jier.

Mar yn alle gefallen: mikke op de gruttere sealen. Want it kin moai wis net allinnich komme fan aktiviteiten yn kafeetsjes, bibleteken en âldereinhuzen. Foar de kosten fan sa’n oanpak - der is in festivalorganisator noadich - kin miskien sjoen wurde nei sponsoren en organisaasjes lykas Ljouwert/Fryslân 2018.

Fan de nije stichting Boeken fan Fryslân wurdt te min fernaam, wie de communis opinio ûnder de dielnimmers, ik bedoel Hylke Speerstra, Pieter de Groot, Douwe Kootstra, Ferdinand de Jong en mysels. Ek foel der wol ris in ûnfoechsum wurd oer de ûndúdlike besteging fan in hiele hoop sinten, de ferdwinende expertise by de provinsje en de skandalige winstpolityk fan de net-ûnôfhinklike boekhannels.

Nimmen wit fansels wat der mei de ynput yn dizze evaluaasje dien wurde sil mei it each op de output derfan. Mar it bier nei ôfrin, ûnder de luifel by de oranjebaarnende bûtenkachel, smakke der net minder om.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten