woensdag 16 november 2011

KOLLUM (19): Partoer bestjoerders jout skroeiende sitbal

Bytiden soene jo de boppe ús stelde bestjoerders wol fergrieme wolle. Bygelyks as se beslute in jiskefabryk te bouwen dêr’t elk woltinkend minske dalik fan sjocht: dy hoege wy hjir net. Of as se wer ris kreatyf mei asfalt mar destruktyf mei de natoer omkloaie. Sokke mominten binne der spitigernôch by de rûs. It docht wat mei jo godsbetrouwen. Mar… sa út en troch past it ús ek om in bestjoerlik beslút mei waarme ynstemming te begroetsjen, ja, sels om der in slokje op te nimmen.

Hjoed is sa’n dei. It is fiif earsten gelyk seis gelyk en it partoer B & W fan Ljouwert en Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân jout in skroeiende sitbal.

Se hawwe besletten om folle kracht foarút te gean wat de útferkiezing oanbelanget fan Ljouwert/Fryslân ta Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Tsjin alle synisme yn. Tsjin de winsk yn fan de beropsmjittige swartsjoggers. Tsjin it ûnbenul yn fan elk dy’t net wit wêr’t er it oer hat, mar wol graach rabje en oardielje wol. Tsjin de stream yn hawwe Ljouwert en Fryslân keazen foar in takomst. Dat is hjoed dúdlik wurden.

Gysbert yn Boalsert is al dwaande mei in lofdicht op boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert, Grutte Pier fan Kimswert makket mei syn mânsk twasnijend swurd net allinnich sûkerbiten mar ek rankuneuze mantsjes as Andries Veldman fan liwwadders.nl in kopke lytser, Sikke fan Goslinga lobbyt al foar it heitelân wei yn Brussel en Douwe Kalma komponearret út folle boarst op in Skylger dúnkop de ûnferjitlike dichtrigel “Fryslân! De wrâld!”

Mar sûnder gekheid. Op 16 novimber 2011 hawwe Ljouwert en Fryslân besletten dat it nó tiid is foar fernijing. Ferjonging. Of mei in dreech wurd: refitalisearring.

Ljouwert/Fryslân 2018 jout ús de kâns om sosjale, ekonomyske en kulturele tema’s mei-inoar te ferbinen op in wize dy’t oars net mooglik wêze soe. It jout ús de kâns om op ’e nij oer ússels nei te tinken. Dat nije begjin is needsaaklik. It giet net om lúkse, it giet net om it safolste kulturele feest, it giet net om hobbys. Op it spul stiet in nij perspektyf foar in meartalige provinsjestêd en in minderheidstalige plattelânsregio. Op it spul steane oplossingsrjochtingen dy’t foar in protte ferlykbere gebieten yn Europa nijsgjirrich wêze kinne. Wy sels en ús bern steane op it spul.

De kommende tiid sil wis dúdliker wurde yn hokker rjochting wy it sykje moatte, wolle wy in kâns hawwe om fan konkurrinten as Den Haach, Utert en Maastricht te winnen. Dêrby moat ien ding no alfêst dúdlik wêze: it giet op it foarste plak nét om hoefolle jild jo deryn stekke. It giet der ek net om hoe lang jo al dwaande binne mei de tariedings. Wat telt, is it ferhaal dat jo presintearje kinne.

Oan dat ferhaal wurdt op dit stuit hurd wurke, no noch troch in lytse groep minsken, aansen troch hieltyd mear. It sil in ferhaal wurde dêr’t wy ússels as Friezen mar ek as wrâldboargers yn werkenne sille, dat ús oansprekt, dat ús nitelet, mar dat ek de Europeeske sjuery derfan oerstsjûgje sil dat der mar ien werklike kandidaat foar 2018 is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten