vrijdag 25 november 2011

KOLLUM (22): Dy't de oar it earst ferjout, hat wûn

Leave minsken, sa’t jim witte komt de ein fan it jier deroan. Tiid om te sjen wat de altyd mar trochtikjende klok ús brocht en nét brocht hat.

Tiid ek om ús eigen plak yn it grutte ferbân fan de dingen mei wat mear ôfstân te skôgjen, miskien om ús sels gelokkich te priizgjen mei wat wy goed dien hawwe, miskien om ferjouwing te freegjen oan ús neisten foar wat wy net goed dien hawwe.

Sis mar gerêst: foar wat wy grandioas ferknald hawwe. Ferknald, miskien om’t wy gjin oare wei seagen. Of de oare wei wol seagen, mar net doarden te rinnen. Of miskien boeide it ús efkes net oft wy wol etysk en yn de geast fan de hillige skriften hannelen. Om’t wy gjin hope mear hiene: de hope, dy’t de hegere machten ús bytiden ynflústerje, mar bytiden ek likehurd wer útflústerje.

Ferjouwing. Is it in yngewikkeld spultsje? Wolnee. Dy’t de oar it earst ferjout, hat wûn. Dy moaie rigel stiet yn neon te lêzen op in tsjerke yn Ljouwert.

Jo kinne der stúdzjes oer lêze, jo kinne Life of Brian nochris wer yn de dvd-spiler triuwe, jo kinne der fromme praatsjes oer hâlde tsjin oaren, jo kinne der in eigen slinger oan jaan sa’t it jo past, mar wêr’t it op oankomt is dat jo sels earne oerhinne stappe.

Net om’t noait bard wêze soe wat bard is, mar om’t jo as minske fierder ljeppe kinne as de pols fan jo eigen egootsje lang is. Net om foar jo sels in nij begjin op in stik wyt papier mooglik te meitsjen, mar om de oar sa’n stik wyt papier ta te skikken.

Leave minsken, sa kin der dochs noch in moai ein komme oan in ferlern jier. Sa kinne wy de boppe ús stelde bestjoerders ferjaan dat se hjir in jiskefabryk en dêr in sneldyk ha wolle – om se de kâns te jaan de folgjende kear better te bestjoeren.

Wy kinne ek ús kollega’s ferjaan dat se ús achter ús rêch om berabben – om se by steat te stellen de folgjende kear de goede wurden te finen. Us freondinne kinne wy ferjaan dat se wie dy’t se wie – om har by steat te stellen de folgjende kear harsels te wêzen. En we kinne ús sels ferjaan dat wy oars neat betinke kinne as in machteleas kollumke oan ’e ein fan it jier. Oer (en by wize fan) ferjouwing.

3 opmerkingen:

  1. hesto ek smookt as miskien sels promke ûnder de tariedings foar dizze preek Abe? Wer komt oars de ynspiraasje wei? Do kinst fuortendaliks op 'e kânsel.
    Old Mac

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Jo hawwe josels yn walchlikens oertroffen, De Vries. Chapeau!

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Jo leauwe net, Klaas, dat sil it probleem wêze.

    BeantwoordenVerwijderen