zaterdag 9 april 2011
Wreed goed: de nije Schoorstra
Utjouwer: Friese Pers Boekerij
Meikoarten te keap
Yn Rêdbâd – kronyk fan in kening lit Willem Schoorstra syn ljocht skine op it libben en de dieden fan de legindaryske Fryske kening. De krêftige, byldzjende taal en it faak wrede ferhaal meitsje grutte yndruk.
Schoorstra syn earste romans, Swarte ingels (2004) en De ôfrekken (2007) wienen in grutte ferrassing fanwege de styl en faak kontroversjele ynhâld. Mei dizze boeken krige Schoorstra daliks namme as ien fan de belangrykste moderne Fryske skriuwers fan nei 2000. Zwarte engelen, de Nederlânske oersetting, ferskynde yn 2007. Dat boek waard bekroand met de Fedde Schurerpriis yn 2005.
Presintaasje – Sneon 16 april 2011 is de presintaasje fan Willem Schoorstra syn nijste boek Rêdbâd – kronyk fan in kening. Foar it earst is de skiednis fan de legindaryske hearsker yn it Frysk fêstlein, yn de foarm fan in histoaryske roman. Lyksa is it foar it earst yn de Fryske literatuer dat in bûtenlânsk ûntwerper it omkaft foar syn rekken naam hat. De ynternasjonaal ferneamde tekener Kris Verwimp út België is dêr ferantwurdlik foar. De folk-metalband Baldrs Draumar sil de presintaasje mei harren enerzjike optreden krêft by sette. It feestlik barren begjint om 15.30 oere yn Zero yn Dokkum en is foar elkenien tagonklik.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten