donderdag 27 februari 2025

Pilatus Pier wasket de hannen


Pier Boorsma út Grins is dichter en neamt himsels ek filosoof. Okkerdeis hie er in stik yn de Ljouwerter mei it boadskip dat Fryske literatuer ynternasjonaal net meikomme kin om’t syn besprekkers him net ferlykje mei ynternasjonale literatuer. ‘De Fryske skriuwer Anne Wadman’, neffens Boorsma, ‘skreau yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw dat de Fryske skriuwers stribje moasten nei Europeesk nivo. Mar dat kin allinne as de Fryske literatuer ferlike wurdt mei de Europeeske literatuer.’

Om’t ik ien fan dyjingen bin dy’t Fryske literatuer besprekke, ha ik mei mysels oerlein oft Boorsma miskien in bytsje gelyk hat mei syn krityk op de krityk. Mar dan moatte je earst derachter sjen te kommen oft Fryske literatuer kwa nivo yndie achterbliuwt, en op it twadde plak, as dat sa is, wa’t Boorsma dan krekt de skuld taskowe wol. Want in rigel earder hie er in, op it each, oare oarsaak oanwiisd foar it ûnderstelde achterbliuwen fan Fryske literatuer ferlike mei ynternasjonale literatuer: ‘Trochdat minsken yn in minderheidsgebiet it gefoel hawwe dat har taal en kultuer eftersteld wurdt, kompensearje hja dat fan en ta mei in oerskatting fan de eigen kulturele produkten.’

Dan giet it net sasear oer de literêre krityk, mar oer ‘minsken yn in minderheidsgebiet’ en har 'gefoel', en faaks giet it dan ek oer de minderheidstalige skriuwers sels. Dy’t blykber gjin weet hawwe fan wat der foarby de taalgrinzen skreaun wurdt, en dy’t dêrom har eigen wurk oerskatte soene. Mocht dat ‘minsken’ breder opfette wurde moatte – Fryskpraters yn it algemien –  dan moat it Fryske lêzerspublyk blykber beskôge wurde as in klupke omkoalen mei dûbeld fel foar eagen dy’t noait mei oarstalige literatuer yn ’e kunde komme.

Earst mar de earste fraach: bliuwt de Fryske literatuer ‘achter’? Dat soe bêst kinne, mar dêrfan jout Boorsma gjin inkeld bewiis, lit stean argumint, behalve dan dat de Skriuwersbûnkommisje dêr’t hy ferline jier sels diel fan útmakke, gjin Fryske proazaïst oanwize koe mei yn ’e fierste fierte in kâns op it takend krijen fan de P.C. Hooftpriis. Syn opinystikje is krekt in bibelsk toanielstikje: hy is de Pilatus dy’t in Skriuwersbûnplan om sjippe holpen hat, en no moat er syn hannen noch efkes waskje.

De twadde fraach easket mear omtinken: stel, de Fryske literatuer lit it yndie sitte, wat ynternasjonaal nivo oanbelanget, hoe komt dat dan? Op dy fraach binne ôfgeand op Boorsma syn stikje rûchwei trije antwurden mooglik. It komt om’t resinsinten net ynternasjonaal ferlykje, sa’t er úthâldt; miskien ek om’t Fryske skriuwers inkeld mar Fryske boeken lêze, of om’t it Fryske publyk oer ’t generaal sa dom is as oalje en fierstente gau ‘Fryslân boppe!’ ropt, ek in mooglikheid.

No is it idee dat literêre produkten yn ferskillende talen, út ferskillende lannen en ferskillende kultueren mei-inoar ferlike wurde moatte om in idee krije te kinnen oer har nivo nochal diskutabel. Dat idee is basearre op it tinken dat literatuer ‘autonome keunst’ is dy’t ûnôfhinklik bestiet fan syn persoanlike, talige of sosjaal-maatskiplike achtergrûnen. Ik tink dat sokke literêre keunst op syn bêst yn ’e marzje bestiet en dat men op grûn dêrfan gjin literatueren mei-inoar ferlykje kin. Literatuer kin net ‘ferlykber’ makke wurde troch simpelwei syn essinsjele konteksten fuort te litten. Literatuer moat op it foarste plak beoardiele wurde op syn eigen foarwearden, neffens syn eigen ambysjes, en binnen syn eigen mooglikheden en beheiningen.

Soene Fryske skriuwers dan inkeld mar Fryske boeken lêze, gjin weet hawwe fan oare literatueren, en dêrom har eigen pony foar in priishynder ferslite? Dat liket my ek flauwekul. Underwiis, ynternet en eigen belangstelling soargje al desennia lang foar in konstante oanfier fan ‘lânsfrjemde’ literatuer, en in bytsje skriuwer sjocht werklik wol hoe’t in oar it docht en wat in oar better docht. 

Ek noch mooglik: Fryskpraters binne dommer as filosofen. Dat sil sa wêze, of net, mar Boorsma syn opstiging hoege wy dêrom noch net hiel serieus te nimmen. Miskien is er op dit stik fan saken wat tefolle ‘filosoof’ en wat te min sosjolooch. Wa’t de Fryske literatuer yn in ynternasjonaal ramt delsette wol, kin der net ûnderút om earst mar ris syn smelle demografyske, sosjale en ûnderwiiskundige basis te sketsen, tinkt my. En dêrnei soe der miskien ris in wurd falle kinne oer de hegemony fan it Nederlânsk, ek in maatskiplik ferskynsel dat Boorsma net yn relaasje bringt mei literêr nivo. In wrâld fol realiteiten dêr’t er oan foarbygiet.

Ik leau net - mar earlik is earlik, ûndersyk ha ik der net nei dien - dat it wurk fan de bêste Fryske skriuwers en dichters sa meager ôfstekt tsjin dat fan Nederlânske of bûtenlânske auteurs. Knoffelders ha je oeral tefolle. Dat gjin Fries oait in Nobelpriis krije sil, dêr hoege wy net oer te harsensskrabjen. Mar it is sinleas om bygelyks Riemersma syn wurk neist dat fan Reve, Hermans of Mulisch te hâlden en dan wat algemiene útspraken te dwaan oer ferskil yn literêr 'nivo', sûnder rekkening te hâlden mei tiid, taal, plak en konteksten.

.

vrijdag 21 februari 2025

Dit gedicht; in antwurd



dit gedicht

(jimme hearre it my net sizzen)

heart net by Fryslân

 

in gedicht (earste werhelling) is

samar in samling wurden

yn samar in folchoarder

mei samar in ritme

ast se earst net deasjitst

of ynslokst

 

dit gedicht

(twadde werhelling)

leit inkeld mar op myn tonge

 

dat sit sa, dit gedicht (tredde, ferfelend)

hat gjin website om yn te wenjen

der is gjin bankrekken foar iepensteld

der binne gjin advertinsjes foar opmakke

der binne gjin krantekolommen foar rommakke

 

kin ek net

want wa wit wêr’t it no is

dit flutgedicht

 

miskien leit it al ferjitten op in buro

neist in beliedsplan

miskien hie it himsels net sa werhelje moatten

en is ien kear taal al mear taal as taal genôch

 

al wol de mûle

ek noch sa faak de nippel

al komme de dichters

ek mei safolle pampers

oanswingen

dit gedicht

is gjin bernewein

is gjin doktersadvys

 

en it is mear as in kuierke troch it wintergrien

fan jim Fryslân

dit gedicht dit gedicht dit gedicht dit gedicht

 

ha se by de poat hân

oan it ynfús lein

yn in bilbonke stutsen

foar de gek holden

it murch derút leppele

de reade disel jatten

 

ja allegear al kut

foar gewoane minsken

lit stean foar in autonoom fers

dat nergens by heart en nergens thús is

 

mar dochs dúdlik it bêste mei jim foarhat

en altyd al by jim wie

as taal en nacht en bla bla bla

 

kniper op ’e skine

wat oerbliuwt is dit kreupelskonkjend gedicht

foar jimme

lju dy’t fiele foar it frysk

 

in wurd foar de weeshuzen




[As de Dichter fan Fryslân mei in mânsk fers foar de kreamen komt, dan is dat, oft je it no in goed fers fine of net sa, in literêre ferklearring dy't om refleksje freget. Dat nimt dan wol in oerke, mar as nimmen op in Ynstitút antwurdet, wêrom ha wy it dan?]

donderdag 9 januari 2025

Brief oan X., of: Lang libje Mark Zuckerberg


Oer dyn yn myn eagen frij naïve opfetting fan ‘feiten’.

Do silst it wol mei my iens wêze kinne dat net alle feiten

in like feitlik karakter hawwe. Tink oan it ferskil tusken

dizze twa bewearingen: ‘Saniis gie myn telefoan’ en

‘Wy libje yn in demokrasy.’

 

Ek al wennesto yn Y., do silst wol fan my oannimme wolle

dat myn telefoan oergie saniis. Mar hoe sit it mei de twadde

útspraak? Jout dy in werjefte fan in feit? Of is er in ferhaal, in

ynterpretaasje?

 

De feiten dêr’t wy sinfol fan miening oer ferskille kinne,

binne yn ’e regel fan de twadde soarte,

en dan is it lang net altyd dúdlik

wat it feitlik karakter fan útspraken presys is.

 

Al hielendal net

as it ferwizingen oanbelanget nei saken dy’t yn it ferline spilen,

of wêrfan’t sein wurdt dat se yn it ferline spilen. It ferline

is der nammentlik net mear. Wy kinne net in útspraak

oer it ferline ferlykje mei it ferline sels en dan sizze

oft se aardich oerienkomme of net.


Wy kinne útspraken oer it ferline inkeld mar beoardielje

op konsistinsje, konsekwintheid, folsleinens,

ferhâlding ta kontekst, ymplikaasjes

en sa mear.

 

Sok filosofearjen is ferfelend

foar lju dy’t it leafst bûter by de fisk wolle.

 

En gelokkich mar

kinne wy alles wól roppe

(binnen de grinzen fan de wet).

 

Dat ha wy te tankjen oan de Frijheid fan Mieningsutering.

Dy’t yn ’e grûnwet, de lêste kear dat ik ’m lies,

net beheind wurdt troch dizenige groepkes ‘fact-checkers’

dy’t betelle wurde troch grutte bedriuwen en oerheden

en dy’t altyd beskate ‘feiten’ wol

en oare ‘feiten’ net tsjekke.

 

Groepkes dy’t funksjonearje as narratyf-ûnderstipers.

 

Ik wit wol, der komme hieltyd mear lju dy’t spûkbenaud binne

foar mear demokrasy, mar ik lit my myn rjocht om te sizzen

wat ik fyn, en it ek publyklik te sizzen,

net ôfpakke troch minsken dy’t bang binne foar har evenminske

en dy’t delsjogge op har evenminske

en dy’t har eangst ferpakke

yn ferwizingen nei boemannen (Trump)

dy’t it folk manipulearje en dy’t al it heilsume wurk

fan ’e foargongers (Obama, Biden) teneate dwaan sille.

 

Meast binne it ommers sokke bangeskiters sels dy’t,

by better sjen, likegoed besykje it folk te manipulearjen,

en meast blykt ek, by better sjen,

dat it mei dat heilsume wurk fan de earderen wol in slach tafalt.

 

Myn wapen is it wjerwurd, ûnderwiis, ûndersyk, tsjingas.

Wat se yn de 19e iuw ‘folksopfieding’ neamden.



(Dichte foar publyk dat mient dat de frijheid fan mieningsutering inkeld foar harsels bestiet. Aansens ek te lêzen yn myn tolfde dichtbondel Njoggen dagen yn it gers, dy't fan 't jier by Utjouwerij DeRyp ferskine sil.)


maandag 11 november 2024

Ondervraag de macht, ondersteun haar niet


De hoofdredacteuren van Nederlandse regionale kranten maken zich grote zorgen over de gevolgen van 21 procent btw op kranten en tijdschriften, getuige onder meer een open brief van die strekking in hun publicaties. En gelijk hebben ze: hoe duurder de krant, hoe minder abonnees, hoe minder journalisten, hoe minder verslaggeving, hoe minder commentaren. Hoe minder kennis over Nederland en de wereld tot u komt.

Toch is die btw-verhoging niet het grootste gevaar dat de journalistiek in ons land bedreigt, dacht ik. Ik kom daar op naar aanleiding van de verslaggeving van de rellen in Amsterdam tussen Maccabi-supporters en pro-Palestijnse Amsterdammers van vorige week. Gevestigde media (main stream media) spraken meteen over ‘antisemitisch geweld’ en een ‘Jodenjacht’. De vergelijkingen met de Kristallnacht van 9 op 10 november 1938 in Hitler-Duitsland waren niet van de lucht. En vier dagen later zijn ze dat nog niet.

Maar is daarmee een helder beeld geschetst van de gebeurtenissen? Het lijkt er niet op. Al snel doken op sociale media filmpjes op van omstanders die zagen hoe Israëlische supporters Palestijnse vlaggen van Amsterdamse huizen rukten, zich met geplunderde planken en paaltjes bewapenden, met stenen gooiden, en al marcherend door de stad foute liedjes scandeerden. ‘Kill all Arabs’, viva het Israëlische leger, en in Gaza zijn de scholen dicht want er zijn geen kinderen meer. Dat allooi. Een aantal ervan werd donderdag al in het voetbalstadion gezongen.

De populaire linkse, Britse journalist Owen Jones sprak naar aanleiding daarvan op zijn YouTube-kanaal (653.000 abonnees, méér dan NRC, de Volkskrant en Trouw bijelkaar) over ‘genocidal racism’. Niet van de Amsterdammers, wel te verstaan, maar van de Maccabi-supporters. Over hún geweld werd door onze msm echter niet bericht. Een van de beste verslagen van de rellen kwam van een 16-jarig streetwise jongetje met ballen, een microfoon, een camera en een grote toekomst bij PowNed of GeenStijl.

Buitenlandse nieuwsorganisaties zo uiteenlopend als Al Jazeera en SkyNews maakten wél melding van het Maccabi-geweld na de 5-0 nederlaag van hun club tegen Ajax. Een adequate reportage van SkyNews-reporter Alice Porter werd echter door haar werkgever haastig weer van het net gehaald. Té evenwichtig voor het publiek in landen waarmee Israël bevriend is. ‘Dutch, Israeli, and British leaders denounced the attacks as anti-semitic’, zei Porter, ‘and even referred to it as a pogrom, but their statements failed to mention the assault by Israeli hooligans against Dutch citizens.’

Natuurlijk, de voetbalwedstrijd vond plaats tegen de achtergrond van de Israëlische militaire campagnes in Gaza, in de Westelijke Jordaanoever en in Zuid-Libanon. Dat droeg niet weinig bij aan de spanningen in Amsterdam, een stad met een grote en groeiende moslimbevolking. Acties van het Israëlische leger ontmoeten daarnaast ook in West-Europa en de Verenigde Staten toenemende weerstand. Een groeiend publiek ziet met bezorgdheid, verbazing of afschuw toe hoe hun leiders er alles aan doen om vriend Israël zo veel mogelijk de vrije hand te geven.

Logisch dat de Israëlische premier Netanyahu er als de kippen bij was om de rellen af te schilderen als ‘antisemitisch’ geweld. Die interpretatie van de ongeregeldheden leidt de aandacht immers af van Israëlische mensenrechtenschendingen en oorlogsmisdaden. Natuurlijk floot EU-chef Ursula von der Leyen hetzelfde deuntje, waarmee in ieder geval de Brusselse machteloosheid in het Midden-Oosten werd gemaskeerd. Natuurlijk was ook de Amsterdamse burgemeester, Femke Halsema, blind aan één oog. In de hoop dat niemand het volslagen falen van de Amsterdamse ‘veiligheidsdriehoek’ (burgemeester, politiechef, hoofdofficier van justitie) zou opmerken?

Onnatuurlijk, echter, is dat vele kranten in Nederland pas op maandag, en dan nog maar héél voorzichtig, en met honderd slagen om de arm, melding maakten van ‘mogelijk’ en ‘naar verluidt’ Israëlisch supportersgeweld. Onnatuurlijk is dat vele kranten hun vingers niet wensen te branden aan het essentiële verschil tussen ‘antisemitisch’ en ‘antizionistisch’. En onnatuurlijk is al helemaal dat vele kranten het verschil niet durven op te merken tussen een voetbalrel en een pogrom, laat staan de Kristallnacht.

Wat zegt bovenstaande gang van zaken over de nieuwspositie van Nederlandse landelijke en regionale kranten? Toch op z’n minst dat zij soms struikelen over hun eigen oriëntatie op officiële overheidsbronnen. En dat zij daardoor soms, of niet zelden, de werkelijkheid misrepresenteren, met als gevolg dat ze op die momenten voor iedereen zichtbaar links en rechts worden ingehaald door nieuwsproducenten op sociale media. Ze verliezen die wedstrijd steeds vaker, op snelheid, op volledigheid, op betrouwbaarheid.

De uitdaging voor onze kranten betreft dus niet alleen het overwinnen van rampzalige btw-voorstellen. Die betreft ook het veroveren van een betere concurrentiepositie op de zich uitbreidende nieuwsmarkt. Niet alleen technisch (digital first) maar ook, en vooral, inhoudelijk. Kranten zouden, ten eerste, eens moeten ophouden om zich nog langer hermetisch af te sluiten van alternatieve nieuwsmedia op het www. Wat zich daar afspeelt, is eveneens een werkelijkheid, en eentje waarover de lezer dus evenwichtig dient te worden geïnformeerd. Het is een wereld die onze grote belangstelling verdient, simpelweg omdat ze ons raakt. Tip: meld ‘nieuws’ eens wat minder stellig als feit om boos of blij van te worden, en wat vaker als een informatiepositie temidden van andere informatieposities.

En punt twee: breng in het verlengde daarvan eens wat meer afstand aan tussen de 'macht' en 'commentaar'. Wantrouwen is een sleutelwoord in een gezonde democratie; wantrouwen ook tegen de nieuwsleverancier, die in veel gevallen niet behoort tot de eigen organisatie. Wantrouwen zorgt ervoor dat journalisten de macht ondervragen in plaats van haar te ondersteunen. Het zorgt ervoor dat politici zich moeten verantwoorden, en niet zomaar wegkomen met hun niet aflatende pogingen om ideologisch geladen panorama's te verkopen als de 'waarheid'. Dát is, althans naar mijn bescheiden mening, anno nu en anno altijd de belangrijkste uitdaging voor de vrije pers.

.

woensdag 6 november 2024

Europa, Europa, Europa!


Trump wist as gjin oar ‘de angst voor een veranderende wereld te exploiteren’ (Trouw). ‘Trumps christenen verliezen hun geloofwaardigheid’ (Trouw). Alle learlingen binne foar Harris, ‘dat krijg je op een gymnasium’ (Volkskrant). Trump krijt ‘veel ruimte om tegenstanders te vervolgen’ (NRC). ‘De wereld moet zich schrap zetten na Trumps overwinning’ (NRC).

Ik tocht, de sjoernalistyk moat heechnedich by himsels te riede gean nei Trumps oerwinning. De demonisearring fan Trump rûn yn de Nederlânske ‘kwaliteitskranten’ alle spuigatten út. De man mei dan in idioat wêze, Biden wie senyl, dat wêrom dy iensidichheid? Newsflash: de baas bliuwt toch de uniparty, de deep state, it militêr-yndustrieel kompleks, it oaljemonopoaljekaptaal, watfoar antydemokratyske klup jo politike kleur ek mar oansprekt. Tsjinstanners ferfolgje, die Biden dat net? Mei Trump? Nee, de wrâld hie him skrap sette moatten as Harris wûn hie. Dan hie de oarloch yn Oekrayne, dy’t no wierskynlik takom jier wol klear wêze sil, noch fiif jier duorre. Mei itselde resultaat, in Oekraynske kapitulaasje, mar mei folle mear deaden.

De makke fan it journaille yn A’dam is dat de demokrasy inkeld wint as hár man of frou wint. De makke fan it journaille yn A’dam is dat se mear as de helte fan de Amerikaanske befolking delsette as lytse bern, domme oksessen of gefaarlike nepperts. De makke fan it journaille yn A’dam is dat se deselde misjonêre sindingsdriuw hawwe dêr’t de U.S. of A. de wrâld al in hiele lange tiid mei kolonisearret. Us sjoernalisten binne allegear lytse Amerikaantsjes wurden. Sûnder Washington witte se har gjin ried. Sûnder Demokraten yn it Wite Hûs fergiet de wrâld. Sjochris hoe't oeral op Facebook it Frijheidsbyld de hannen foar de eagen slacht. Like me, like me please!

Tiid om oan Europa te tinken. Europa, dat himsels hast om hals en kiel brocht hat troch Bidens oarlochsklyk kritykleas te folgjen. Europa, dat suver gjin frije parse mear hat, no’t alles en elkenien wend is om de parseberjochten fan Washington te fersliten foar de Wierheid en alle oare teksten út te meitsjen foar fake news. Europa, dat de Amerikaanske sjitkeunsten, of shitkeunsten, ferslyt foar in rjochtfeardige krústocht út namme fan freedom en democracy. Europa, dat de eastlike helte fan syn kontinint op Amerikaansk befel nei de Sinezen jeid hat. Europa, dat syn autofabriken opofferet oan griene yllúzjes en syn arbeiders op it skavot set mei it boadskip dat se net mear smoke, drinke, neuke en, hielendal net bêst, autoride meie. Europa, dat krekt as Uncle Sam sa graach oarlochjes útlokket op oarmans grûn, it dien hat yn Joegoslavië, it ek dien hat yn Oekrayne, en it dwaan wol yn Moldavië en Georgië.

Woe, moat ik sizze. Want mei Trump oan it roer is dat foarby. Wat de man binnenslâns allegear útfret, dêr rêde de Amerikaantsjes har mar mei. It is dêr by einsluten the greatest democracy on earth, is ’t net sa? Nee, dat is net sa. Mar it binne har eigen miljardêrtsjes dy't politikus boartsje of politisy finansiere, dat wat soene wy dy liberale korrupte autoritêre autokraten oan ’e oare kant fan de dobbe bybringe moatte? Ja, dat se Israël by 't ear krije moatte, foar't der gjin Palestyn mear oer is. Want dat sil Trump lykas Biden en Harris ek wol net út himsels begripe (meie).

Europa, Europa, Europa. Ynklusyf Ruslân, graach. 

zaterdag 26 oktober 2024

'Om alles wat ik noch net sei' - Lofrede foar Eppie Dam

Utsprutsen op de earste Eppie Dam Dei, freed 25 oktober, yn De Koornbeurs yn Frjentsjer


                                                                  Foto: Marchje Andringa


In laudatio. Oarspronklik in komplimintearjende of oanbefeljende taspraak, in panegyricus, dy’t yn it âlde Grikelân mei syn oratoren en filosofen op folksfeesten hâlden waard, mei as doel om stêden en ynstellingen te ferhearlikjen.

By de Romeinen pakte sa’n taspraak al gau tige loovjend, sels flaaierich út, om’t er yn har kultuer meast rjochte wie ta, of hannele oer in bekend en machtich persoan. Ien fan de bekendsten is skriuwer Cicero syn laudatio op Pompeius út 66 foar Kristus. Dy wie stuolle op it grutte belang dat Cicero oan de republikeinse Pompeius hechte as ferdigener fan Rome tsjin de piratefloaten fan Sisilië. Of nim de slim oerdreaune lofrede fan skriuwer Plinius minor oer keizer Trajanus, út 100 nei Kristus. Earme Plinius, hy hie noch sá oan Jupiter bidden dat syn rede fierwei bliuwe soe fan de skyn fan flaaien. Ek hjir yn akademystêd Frjentsjer binne oan de eardere universiteit lofredes op it libben fan minsken fan kwizekwânsje hâlden.

Fansels, minsken, helje ik dy feitsjes efkes oan om dit praatsje fan my in heechgeleard smaakje te jaan. Mar ik ha der ek noch in oar doel mei, dêr kom ik aansen op.

Yn ús eigen wrâld, fast forward, giet it der wat earbetoanen oanbelanget in stik minder formeel oan ta as by de klassiken. Okee, der is sokssawat as lintsjes, mar dy moatte je mar krekt hawwe wolle. Meast kinne wy it wol ôf mei in praatsje en kofje mei oranjekoeke. Op de site Vance.nl (‘een Nederlandse nieuwssite voor een nieuwe generatie’) lês ik yn in stik út 2016: ‘Dat een compliment fijn is om te krijgen én geven, wist ik wel. Maar dat je het ook in je dagelijkse routine kan opnemen, net zoals je ‘hallo’ en ‘eet smakelijk’ zegt, níet. Ik zag het toch meer als een momentje, wanneer iemand is geslaagd, écht iets uitmuntend heeft gedaan of ach, gewoon een hele leuke broek aan heeft.’

*

In lofrede dus. No doar ik wol sizze dat Eppie – doopnamme Ebele – Dam fan oerdwealske plomstrikerij net folle hawwe moat. Publike wurdearring is fansels prachtich, mar it is gjin fergoeding foar al dy net te tellen safolle oeren fan pikerjen en ploeterjen, fan peazgjen bytiden, dat earmkedrukken mei taal en werklikheid. De swarte twivel as it tsjinsit, en it lok dat yn flitsen taslacht, of as in simmerwyntsje foarbystrykt, bywannear’t de rigels fan it fers har fal krije.

Likegoed hawwe wy Eppie Dam Dagen. En dêr is, út ús literêre en ek út in bredere Frysk-kulturele hoeke wei besjoen, alle reden ta. Sis mar gerêst, der is suver tefolle reden ta. Hoe moatte je oan sa’n skriuwerskip rjocht dwaan? Wat kinne je sjen litte, wat moat in oare kear? Dêr moat ik dalik by sizze, dat ik Eppie al sa’n tweintich jier ta myn freonerûntsje rekkenje. Dat wy inoars dichtbondels yn konsept lêzen en fan kommentaar foarsjoen hawwe, dat ik as skieden heit gauris mei de lytse jonkjes by Eppie en Lienke oanwest ha, dat wy as resinsinten inoars optinksels bûten roai posityf beskreaun hawwe. Ergo, dit myn ferhaaltsje sil skraachoan foar objektyf fersliten wurde kinne.

Ik bin dus in fan. De skriuwer Eppie Dam is foar my foaral in geweldige dichter. Immen dy’t mei en yn poëzij libbet. Doe’t er yn 2015 fan Kollum nei Sleat ferhuze, mailde er in ferhûsberjocht nei freonen: ‘Het moest er eens van komen: / Eppie gaat in Sloten wonen, / al wordt er plaatselijk beweerd: / hy komt gewoan yn Sleat. / Klinkt beide niet verkeerd.’

Oer syn liturgyske wurk, syn Fryske lietteksten, fan 1993 ôf op muzyk fan Hindrik van der Meer, syn berneboeken, gauris mei yllustraasjes fan partner Lienke Boot, oer dy hiele breedte fan syn skriuwerskip sil ik de mûle net spiele kinne. Dat soe foar in grut part in bedrôvjend tillen boppe de macht wurde. It binne syn gedichten dy’t foar my de kearn útmeitsje fan syn betsjutting foar de Fryske literatuer. En as ik dat útlizze moat, dan kom ik net by Plinius, mei ik hoopje, mar miskien wol by Cicero en de âlde Griken út. En by Eppie syn broek.

*

Myn lofrede priizget Dam syn gedichten as ferdigeners fan in stêd dy’t inkeld yn de geast bestiet, dy’t tagelyk hecht as in rots en fragyl as ryspapier is, en dy’t wy ek wol ‘de Fryske skriftkultuer’ neame. Dat ‘ferdigeners’ klinkt wat martiaal, mar dat is hjir presys de bedoeling: it bringt it foarbyld fan Cicero yn it spul. Dy Fryske skriftkultuer leit ommers lykas Rome oan alle kanten ûnder fjoer. Diskear fan byld en lûd, muzyk, spoken word, blogs, vlogs, apps. Lju mei talint foar keunst kieze noch minder faak as earder foar in bestean yn it Frysk en yn Fryske dichtrigels. En doedestiids hâlde it ek al net oer.

Wat talinten oer de streek helje kin, binne fersen dy’t mear wêze wolle as kontrastryk ynterdissiplinêr fermeits. Teksten dy’t langer hingjen bliuwe, om’t se djipper stekke. En mear sizze as dat se dogge, om’t se it better sizze. Sjoch bygelyks ris nei de bêste gedichten fan Eppie Dam. Gedichten, sa’t wy se nei myn smaak foaral lêze kinne yn syn bondels Neigeraden it noarden (2004), Blausucht (2009), Mem sjocht boi (2012) en Fallend ljocht (2014). Se nimme ús mei yn in persoanlik ferwurdzjen en ferantwurdzjen.

Soms binne it muorren. Dan ‘rost, rammelt, bonkt / om alles wat ik noch net sei, / it ferlossende wurd / oan de tichte doar / dy’t ik net iepenkrij’, seit it gedicht It bloed krûpt, de tiid fljocht út de bondel Blausucht. Soms binne it ruten, of finsters, lykas yn in oersetting fan in fers fan de Braziliaanske dichter Lêdo Ivo yn deselde bondel: ‘dan stelt it my gerêst om te sjen / dat oan ’e fiere eachein / achter in finster ljocht brânt. / En mear begear ik net.’

It bestean dat syn gedichten sjen litte, dat is in bestean yn taal. Yn it Frysk. In bestean dat dus tagelyk beheind en ûnbeheind, tagelyk werklik en optocht, tagelyk heroysk en tragysk is. It ûndersyk nei it eigen ferline, de foarstellingen fan goed en kwea dy’t jin bybrocht binne, de twivels mar ek de rêst dy’t relaasjes bringe, freugde oer de natuer, oer bern: yn Eppie syn dichterlik oeuvre binne sokke algemien-minsklike tema’s en motiven oanlieding foar persoanlike foarmjouwing yn persoanlike taal. Foar de yngreep fan de keunstner. Foar byld en metafoar, dat binne bern fan de fantasij. En foar rym en ritme, taalmuzyk, dat is it bern fan it liif. Soms is er oargelist, soms oesdript it pianissimo op in bekken.

*

Is Eppie Dam sadwaande wol sa’n bytsje myn Pompeius fan de Fryske skriftkultuer, hy is tagelyk mar gewoan in Fryske jonge út Kollumerpomp. In jonge mei in skuor yn ’e spikerbroek. Berne yn 1953, is er seis jier jonger as Wilco Berga en Piter Boersma, en twa jier âlder as Eeltsje Hettinga en Marga Claus. Syn skriuwersgeneraasje hat noch krekt as puber de sechstiger jierren meimakke. Yn dy tiid wie Fryslân noch in echte plattelânsprovinsje, it wie noch net de ‘ferûntmienskiplike’ suburbane regio dêr’t Goffe Jensma it okkerdeis oer hie. Doe koe men jin de nedige taalmacht noch maklik eigen meitsje. Troch Frysk te lêzen en nei in hieleboel Frysk praat te lústerjen, fan famylje, op it wurk, op strjitte, op it keatsfjild en yn de kroech. It is de fraach oft lústerjen hjoeddedei noch safolle nut hat, no’t op de skoalpleinen al mear Hollânsk as Frysk te hearren is, om fan de bûtenskoalske publike sektor mar te swijen.

Eppie hat gelok hân mei syn kristlik-Frysksinnige foarbylden op de kweek yn Dokkum. Foaral doe’t wy oan ús Slauerhoff-oersettingen wurke hawwe, yn 2019 en 2020, koe ik opmerke wat in earsten taalsmid er is, mei in oergeunstichmeitsjende wurdskat en in fyn gefoel foar talige kleur en nuânse. Dy kwaliteiten binne net inkeld it gefolch fan talint of sensitiviteit. Se binne ek it risseltaat fan ambachtlikheid. Talige ambachtlikheid is in ûnderskatte poëtyske kwaliteit. Al hielendal no’t mei it www en sosjale media ek rûnom in multymediale experience-kultuer opkaam is, in kultuer dy’t populariteit opeasket mei festivals, mei spoken word, mei shock & awe.

No moat ik oppasse om net yn it farwetter fan de flaaierige Plinius te bedarjen, mar it is dochs sa dat men – al hielendal yn it keunstfijannige PVV-klimaat fan hjoeddedei – in belangryk dichter as Eppie net folle en net faak genôch priizgje kin. In dichter dy’t al sa’n fyftich jier poëzij ûnder de minsken bringt, ek al sit it sjesa, dat dy prachtige bondels, mei in inkelde útsûndering, noait mear as in hûndert of twahûndert stiks ferkeapje. De marzjes binne foar elke Fryske taalkeunstner mar lyts. Ja, wat hat Eppie him yn it ferline as redakteur fan Trotwaer net lilk makke om ús kultuerleavjend mar noait in dichtbondel oantugend folk.

*

‘Oftaaste, weromfalle en wer opklauwe’, sette ik yn 2017 boppe in fraachpetear dat ik mei Eppie hie foar it Frysk Deiblêd. Mei it foarderjen fan syn sykte – Huntington, lykas bekend – binne syn gedichten rjochter en regelmjittiger wurden. Fêste foarmen lykas de fjouwerrigel komme faker foar, en faker lit de dichter him ynspirearje troch byldzjend, kleurich wurk dat assosjaasjes opropt. Fan de lêste sis fyftjin jier datearreat ek syn tanimmend oantal oersettingen fan fersen út útlânske talen, gedichten fan Milosz, Yeats, Ivo, Brodsky, Murray, Krog en oaren. In ryk korpus dêr’t noadich in moaie sammelútjefte fan komme moat. ,,Wat se mien hawwe is omtinken foar it ierdske, soms it smoarge en goare, en tagelyk de stille of ûnútsprutsen hing nei it geastlike”, sa ferantwurde er syn kar fan gedichten dy’t er yn it Frysk oerbrocht hie.

Fansels tocht er nei oer syn eigen wurk, oer hoe’t him dat ûntjoech. ,,Ik leau dat ik yn 2004 mei Neigeraden it noarden myn top berikt haw”, wie er fan betinken. ,,Dat wist ik doe al. Dêr haw ik, each yn each mei myn komôf, it djipst yn mysels taast, it earlikst mar ek it iensumst west.” In hiel oare kant fan syn dichterskip liet er yn 2017 sjen, yn de bondel De aap foar de bokkewein. Dêryn hat just it minskegewrimel yn de bûtenwrâld de haadrol. Sintraal stiet it lytse en it grutte nijs, en hoe’t in dichter dêr soms serieus en soms gekslaggerich nei sjen kin.

Mar dit is gjin oeuvrebesprek. Jo, achte taharker, jo witte wol dat Eppie Dam yn 2017 de Gysbert Japicxpriis takend krigen hat foar syn bondel Fallend ljocht út 2014. De dichter tocht doe noch dat ‘Hear H.’ soargje soe dat dat syn lêste wurde soe. Mar fan ’t jier docht bliken dat de populares fan Caesar de optimates fan Pompeius noch hieltyd net ferslein hawwe. Hjoed wurdt de republyk der letteren útwreide mei Eppie syn ‘autobiografy yn fersen’. De Pompster psalmen, 150 gedichten dy’t hieltyd bestean út fjouwer einrymjende fjouwerrigels. It is syn tweintichste eigen dichtbondel, as ik my net ferteld ha. In bondel yn it Hollânsk diskear. Mei as ûndertitel ‘Leven in verzen’. In earste ferzje is al yn de earste helte fan 2019 skreaun. ‘It is in spikerhurd ding wurden, en it taast tagelyk yn it moed’, mailde ik Eppie yn novimber fan dat jier oer it konsept.

Soe dit dan no syn lêste dichtbondel wêze? Dat soe net bêst wêze, want sines is in stim dy’t net mist wurde kin. Ik ken gjin Fryske dichter dy’t mei Eppie Dam te ferlykjen is. Nim syn religieuze toan, dêrmei swinkt er literatuerhistoarysk besjoen hinne en wer tusken de frijsinnige stikelrymkes fan Hjerre Gerrits van der Veen en, yn it Hollânsk, De Génèstet, en oan ’e oare kant rekket er de sêftere toetsen fan Kuitert. Miskien hie Eppie dûmny wurde moatten en gjin skoalmaster. Gelokkich is er dat net wurden, want dan hie syn skriuwerij nei alle gedachten in stik minder aventoerlik útpakt. Hy dichtet yn syn psalmen like maklik oer de rolstoel fan mem en oer ‘kleine zedenschilders’ lykas Trump en Wilders en Kuzu en Baudet as oer it feroarjende Fryske lânskip: ‘lang bloeide zuring aan de zwemmer / daar kuste klaver boterbloem / nu was het land van pomp tot lemmer / een rode zee egyptisch groen’.

*

Snijflakken tusken de predikant en de poëet treft de lêzer gauris oan yn Eppie syn gedichten. Hy moat altyd wer kontimplearje, hy moat soms oardielje, faak oer himsels, hy moat himsels fan skuld ferlosse, hy moat, sa’t ik sei, ferantwurding ôflizze. Ferantwurding dy’t ta befrijing laat. Treffend hat de lêste ‘psalm’ de titel Wederopstanding krigen. De gedichten yn de nije bondel binne te lêzen as it produkt fan kromme ‘levens / die nooit meer recht te krijgen zijn’, mar ek as it ferslach fan in ‘(..) wederopstanding des geestes / zodat je ademhalen kan’.

Dat útsjoch, dy ‘wederopstanding des geestes’ dy’t rjocht docht oan de minske, fan dat útsjoch is Eppie Dam yn Fryslân de dichter. Ik soe dat rommere sykheljen hjir behalve religieus of geastlik foaral literêr tsjutte wolle. Hoe neiby de snoade piraten ek komme oan de kusten fan de Fryske skriftkultuer, mei as doel om dy kultuer út te wiskjen, te marzjinalisearjen of har wil en har regels op te lizzen: se sille yn har kweade opset net slagje salang’t wy dichters hawwe dy’t ‘Rome’ heechhâlde en syn takomst mooglik meitsje.

En, ja, kom, dan meie se fan my bêst wol in kear, mar byleaven net te faak, in bondel yn it Hollânsk útbringe. Ik winskje Pompeius lok mei it ferskinen fan syn Pompster psalmen!

.

donderdag 12 september 2024

Wêrom bliuwt de Provinsje dôf en Tresoar blyn?


Asinus ad lapidem non bis offendit eundem, seit it sprekwurd. Trije jier lyn hiene Koos Tiemersma en ik sei de gek in tsjin-better-witten-yn-petear mei deputearre Poepjes oer de advisearring by de Gysbert Japicxpriis.

Wy wiisden derop dat yn literêre ‘sjuerys’ literêre spesjalisten hearre te sitten, en dêrneist dat it oansykjen fan sjueryleden troch Tresoar (mei advys fan de Fryske Akademy) dat ynstitút in ûnwinsklik grutte ynfloed jaan kin op de kar fan de priiswinner.

Us advys oan de deputearre wie om in grutte ‘Gysbertrie’ yn it libben te roppen fan in m/f as tweintich om oer de priiswinner te kedizen. Sa’n rie soe yn in langere perioade funksjonearje kinne en soe de mooglikheden fan besteande ynstituten en ynstellingen om it priisproses te stjoeren ôfdwaande tsjingean.

Om har movearjende redenen hat Poepjes ús útstel net oernaam. Mar der kaam wol in wiziging yn de regleminten fan de Gysbert Japicxpriis. Twa fan de trije advyskommisjeleden soene lykas altyd oansocht wurde troch Tresoar/FA, en de tredde beneaming soe no fia in ‘foardracht út it fjild’ ta stân komme (as hearre Tresoar/FA net ta ‘it fjild’, mar goed).

Yn 2022 gie it al dalik mis. Der wie gjin ‘foardracht út it fjild’ ynkaam, berjochte de Provinsje, dat de hiele sjuery kaam lykas altyd wer út de koker fan de ynstituten. Okkerdeis waard bekend dat ek foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025 gjin eksterne foardracht ynkaam is. De leden (Johanneke Liemburg, Sytse Jansma en Ytsje Hoekstra) binne dus alle trije gewoan wer oansocht troch Tresoar/FA.

En op ’e nij giet it mis. Yn 2022 waard Jelma Knol foar de advyskommisje frege, Knol dy’t as eardere redakteur fan de Friese Pers Boekerij hurd botste mei suksesskriuwer Hylke Speerstra – ien fan de grutte kânshawwers foar de priis yn 2023. Diskear krijt Sytse Jansma in sit yn de sjuery – in dichter dy’t de ôfrûne tiid dwaande west hat om wurk fan GJ-gadingmakker Albertina Soepboer yn ’e hichte te stekken. Sjoch ûnder mear ‘Leestip voor de zomer  #4” fan Tresoar (dd. 15 augustus) dêr’t Jansma de bondel Delta fan Soepboer oanbefellet. Earder, op 22 july, kaam Jansma oan it wurd yn De Poëziepodcast fan Daan Doesborgh, dêr’t er ien fers fan himsels en trije fan de troch him o sa bewûndere Soepboer foarlies.

No is Soepboer fansels in fantastyske dichter en it is moai dat Jansma har wurk sa tige wurdearret. Mar it literêre ‘fjild’ leit der tafallich fan ’t jier sa hinne, dat der eins mar twa reëele kandidaten binne foar de Gysbert yn syn fariant fan oeuvrepriis, sa’t elkenien begrypt dy’t it wrâldsje al langer as efkes folget. Dy twa binne Elmar Kuiper en, krekt, Albertina Soepboer.

Mei dy podcast is oars wat nuvers oan ’e hân, sa liket it. ‘De opname wordt uitgezonden op maandag 19 augustus’, neffens Jansma op syn eigen Facebook. Mar dizze ôflevering 93 is – oars as alle 92 foarôfgeande ôfleveringen – anno 12 septimber lykwols net op Spotify en net by de SLAA te finen en wurdt ek net fermeld op Jansma syn eigen promosite. Wie it sa'n beroerd petear?

No kin it fansels wêze dat Doesborgh al in moanne as twa op fakânsje is yn Nepal. Of soe Jansma, doe’t er noch net frege wie foar de advyskommisje fan de Gysbert, him ûntfalle litten hawwe dat Soepboer foar him in belangrike ynspiraasje en ek ‘meilêzer’ west hat foar syn Nederlânsktalige debútbondel Rozige maanvissen? Dy bondel is ferskynd by Atlas/Contact, dat ek de útjouwer is fan it Nederlânsktalige wurk fan Albertina Soepboer.

Oer Nepal of dat ‘meilêzen’ wit ik fierder neat hear. Ik ken Doesborgh net, en it petear mei Jansma kinne jo en ik dus net (mear?) beharkje. It punt is: Tresoar hie witte kinnen, en wist heechstwierskynlik, dat Jansma himsels resintelik nochal publyklik ta ‘fan’ fan Soepboer ferklearre hat. Ergo, om de skyn fan beynfloeding fan it prizeproses út ’e wei te gean hie Tresoar Jansma net freegje moatten foar de sjuery. Al hielendal net no’t der mar twa werklike kandidaten binne foar de priis, en ien fan dy twa hjit fan Soepboer.

In ezel stjit ’m net twa kear… mar dat sprekwurd giet yn Fryslân lang net altyd op. Dêrom noch mar werris itselde advys: stel in brede Gysbertrie yn. Dan binne wy hooplik fan dit amateuristyske gedonder ôf.

Wa’t no mient dat ik in persoanlik belang ha by dit stikje, hat it mis. Ik ferwachtsje foar myn Bloedprikke werklik net foar de twadde kear de priis en dat moat ek net. As de sjuery diskear gjin oeuvre mar ien dichtbondel bekroane wol, ek in mooglikheid, dan binne der wol oare kandidaten, alwer Soepboer en Kuiper, mar bygelyks ek Sipke de Schiffart. Mar it advyskommisjeprobleem feroaret dêr net fan. 

En nochrisom: Albertina Soepboer fertsjinnet yn myn eagen de priis likegoed as Elmar Kuiper. Beide binne it grutmasters. En beide hiene se him al lang krije moatten. Lykwols, in proseduere wêryn't de skyn net stelselmjittich út 'e wei gien wurdt, bedjert alles. Dat is al sa faak opmurken. Dêrom is it sa alderivichste spitich, foar de Fryske literatuer, dat op it stik fan de advysproseduere de Provinsje him dôf en Tresoar him blyn hâldt. 

Ik kin dêr mar ien ferklearring foar betinke. Wy ha hjir te krijen mei in Provinsjaal-Literêr regintekompleks dat leaver in priis nei gychem helpt as dat it de macht út hannen jout oan 'it fjild'.

.