vrijdag 21 februari 2025

Dit gedicht; in antwurd


dit gedicht

(jimme hearre it my net sizzen)

heart net by Fryslân

 

in gedicht (earste werhelling) is

samar in samling wurden

yn samar in folchoarder

mei samar in ritme

ast se earst net deasjitst

of ynslokst

 

dit gedicht

(twadde werhelling)

leit inkeld mar op myn tonge

 

dat sit sa, dit gedicht (tredde, ferfelend)

hat gjin website om yn te wenjen

der is gjin bankrekken foar iepensteld

der binne gjin advertinsjes foar opmakke

der binne gjin krantekolommen foar rommakke

 

kin ek net

want wa wit wêr’t it no is

dit flutgedicht

 

miskien leit it al ferjitten op in buro

neist in beliedsplan

miskien hie it himsels net sa werhelje moatten

en is ien kear taal al mear taal as taal genôch

 

al wol de mûle

ek noch sa faak de nippel

al komme de dichters

ek mei safolle pampers

oanswingen

dit gedicht

is gjin bernewein

is gjin doktersadvys

 

en it is mear as in kuierke troch it wintergrien

fan jim Fryslân

dit gedicht dit gedicht dit gedicht dit gedicht

 

ha se by de poat hân

oan it ynfús lein

yn in bilbonke stutsen

foar de gek holden

it murch derút leppele

de reade disel jatten

 

ja allegear al kut

foar gewoane minsken

lit stean foar in autonoom fers

dat nergens by heart en nergens thús is

 

mar dochs dúdlik it bêste mei jim foarhat

en altyd al by jim wie

as taal en nacht en bla bla bla

 

kniper op ’e skine

wat oerbliuwt is dit gedicht

foar jimme

lju dy’t fiele foar it frysk

 

in wurd foar de weeshuzen




[As de Dichter fan Fryslân mei in mânsk fers foar de kreamen komt, dan is dat, oft je it no in goed fers fine of net sa, in literêre ferklearring dy't om refleksje freget. Dat nimt dan wol in oerke, mar as nimmen op in Ynstitút antwurdet, wêrom ha wy it dan?]

Geen opmerkingen:

Een reactie posten