zondag 19 december 2021

Gysbert Japiks, 'Tsjeskmoers see-eangst' [omstavere, bewurke]

 

Wize: Yets moet ick u Laura vragen; Jean de Nivelle


Wif woe, mei syn stomme holle,

Ta de wrâld út hollebolle:

Thús te bliuwen, heden! Nee.

Op in iken planke driuwe,

Rêst'leas op en del te kliuwen,

Lokke ’m mear as ’n lân fol fee.


,,Altyd thús is altyd finzen;

Al te lang al binnen grinzen

Achter kowekont en ploech,

Wol ik wylder aventoeren;

’n Ein oan lange leffe oeren

Yn moers skerte, sleau en slûch.


,,Grutte Pier wie lang ferjitten,

Al syn dwaan keard bûten witten,

Wie er stil bleaun by syn hurd,

Hie er net op seeën fochten,

Frjemde fuotten modderwosken,

Twong er net mei fjoer en swurd.


Mei in grutte float wol ’k skomje,

Op ’e kop fan Dúnkerk tromje,

Splinterslaan op ’t skolprich sâlt.” –

Dalik liet er plommen waaie,

t Gleone swurd oer ’e holle swaaie,

Sloech er de Spanjoal oan grôt.


Tsjeskmoer moast doe sjen fan fierren

Hoe’t de wyn syn seilen wierre.

Skriemde triennen, waard hast gek,

Doe’t se op ’e dyk delbokke,

t Lot woe beppe wol ferflokke,

Seach se seeën yn ’e bek.


,,Wif, (se gûlde) man! Wêrhinne?

Wif, wat silste nou begjinne?

Wif, is dy de wrâld net rom?

Wif, dyn mem dy silsto wekke!

Wif, it hert dat sil har brekke!

Wif, se keart har kroandea om.


Dêr’t de see sa groulik gappet,

En by tûzenen ferhappet

En by tûzenen ferteart,

Dy’t dêr sûnder rêsten rêste,

Dy’t de grutte fisken mêste,

Dêr’t men mei in sûn hert stjert.


Dêr’t men earst is yn ’e wolken,

Wurdt men djip treaun yn ’e kolken,

Ut ’e himel yn ’e hel:

Wa soe dêr de dea ontkomme?

Brekt in plankje as in tomme,

Drinkeldeaden sweve del.


k Soe ’t miskien wol rêste litte,

(Want fan sizzen wolst net witte,

Nou’t dyn sin nei see ta fljucht),

Woest mar nei de keapfardij en

Mij de wylde razernijen

Fan ’t ferskuorrend seegefjucht!


Dêr’t se triedden net ûntwike,

Sil de dead mei d’ eare strike!

Dêr’t de deadsneed helsk syn lûd

Bilet, en mei duvelstosken

Skip en lju ferslynt by bosken,

Of de lont al stekt yn ’t krûd.


Wie ’t net better yn ’e greide,

Mei de skiepkes op ’e heide,

Mei de fammen oan ’e hân:

Farre, fiskje, yn ’e sleatten

Fûketyskje, of yn netten

Fûgels fange, yn it lân?


Tún en fjilden te beweitsjen,

Hûs en hôving sterk te meitsjen,

Dat is echte wille, bern.

Deadlik is ’t yn see te swimmen.

Mar do litst my wol fernimme:

Hiel myn pleitsjen is ferlern.


Wol dan: syl yn himels hoede!

Dat it farren komt te’n goede!

Ik befel dy yn Gods hân,

Dy bringt dy út wetterweagen,

Klip-need, heil en twirrefleagen,

Troch syn ingels, wer oan lân.


Wif ontfart my, Wif ontkomt my,

Wif ontsylt my, Wif ontfljucht my,

Wif (hoe bin ’k nou ongerêst!)

Polsket yn ’e djipste rekken,

Dêr’t de fisken, út har bekken,

Brobbels blaze tsjin de mêst.


Skonken, earmen fiel ik skodzjen,

As ik tink hoedat se dodzje,

Hol oer bol, yn ’t sâlte skom:

Dêr’t se kabels slaan yn mêsten,

Dêr’t men lek slacht en te’n lêsten

Driuwt yn ’t grûnleas djip rûnom.


Dêr’t se ballêst sjitte litte,

Dêr’t de klippen wrekken stjitte,

Dêr’t it drechtou rêdt har lea,

Dêr’t se rinne op ’e sannen,

Dêr’t se lizz’ op drûge strannen,

Dêr in neilbrek is de dea.


Och! Hoe mei it komme kinne

Foar dy’t ticht by ’t stjerren binne.

Dy’t de dea al brinzgjen heart,

As de see spijt skom en wiette,

Om de stjerren te bejitten,

Gûlt en boppe tonger beart:


Straks, as yn Gods hânferwegen

Tonger, wyn en weagen hege

Plicht ta einlings stilte twingt,

Skuort deads bút wer út deads hannen,

As it skip syn waar en mannen

Yn behâlden haven bringt.


Dêr't se wonder, krêft en eare

Sjonge fan ús Leave Heare,

Oer de see hat Hy ’t bewâld.

Hoe soe ’t (sis ik nochris) komme

Dat sok folk (it fee ’s net dommer)

‘t Wonder Gods mar net onthâldt?


Dat it, feestend, falt allinken

Oan it fjochtsjen, dronken drinken,

Strjitteskeinen, op syn leechst,

Yn syn ûnbestjoerber wêzen

Skerven makket fan ’e glêzen,

Tjirget, flokt en ropt it heechst?


O! mar ek dy’t Him mar húnje,

As oeralle kij dy’t dúnje,

Wurde weide bûten wee.

Wol dochs, Himel! Wif fertelle

Om syn hoop op God te stellen,

As er thúskomt fan oer see.


*


Omstavere en bewurke, nei de werstavering fan Waling Dykstra (1853):

Tjesckmoars see-eangste


Wif woe, mei ien dolle holle,
Ta de wrald uwt hôllebôlle:
Thuws to blieuen wier nin tier.
Op ien iken boerd to drieuen,
Raestleas op in del to klieuen,
Karde er boppe ’t grien fol djier.
,,Altyd thuws is altyd finzen;
Al to lang it fjild beginzen,
Efter kous-ears, efter ploech:
Ik siik wylder aewentoeren;
Dat is Laefferts nuisk-bestjoeren;
Yn moars scerte, sleau in sluwch.
,,Greate Pier wier glaed forjitten,
Al syn dwaen wier buwten witten,
Hie hy stil libbe oan ein hird:
Hie hy net de sea besylle,
Uws lân-fyne foeten spylle,
In betwingd mei fjoer in swird.
,,Mei ien floot great scyps lawearje
Wol ik; scomje, romje in klearje,
Fen Duwnkerkers ’t scolprich salt.” –
Daermei liet hy plommen waye,
’t Gleaune swird oer’ holle swaye,
Dat yn moed Spek-Jan al daet.
Tsjesk-moar seach fen fiere weagen,
Ho se faest fen wâl oâf teagen.
D’ Eagen gald’se, earm-moar, koarts uwt,
Daer se opp’ hege wier del-bokke,
In fen beide ich ’t lân beloakke,
In de sea seach yn syn tuwt.
,,Wif, (sa kiermd’se) o tsjierl! waer hinne?
Wif, hwet wotte nou bigjinne?
Wif, is dy de wrâld t’ onrom?
Wif, mocht mem de holle opstekke!
Wif, it hert moast hja tobrekke!
Wif, hja kearde yn ’t graef hjar om.
Daer de sea sa gruwlik gappet,
In by tuwsenen ophappet,
In by tuwsenen forteart,
Dy daer soender raesten raestje;
Dy de greate fiscen maestje;
Daer min mei ien soun hert staert.
Daer me op-slingret oan ’e wolke,
In fen daer delduwkt yn ’e kolke,
As fen ’e hymmel yn ’e hol:
Hwa scoe daer de dead ontkomme?
Brekt ien tin boerdke as ien tomme,
Daer ’s de buwk salt wetter fol.
Yette lit ik ’t hwette waezze,
(Nou’t ik dy net kin belaezze,
Nou’t dyn sin nei sea ta fljucht)
Teachste oer sea yn keapfardye.
Och! hwet wylde rasernye
Drieut dy daer me op ’t wetter fjucht!
Daer me net ien traed ontwiket,
Scien de dead ien grime oankiket!
Daer fortwîw’ling helsc in luwd
Bilet, in mei dealsce tosken,
Scip in ljue forslynt by bosken,
Of de lonte stekt yn ’t kruwd.
Wier ’t net swieter yn ’e weide,
Mei ’e sciepkes oppe heide,
Mei ’e fammen oan ’e ring:
Farkjen’, fiscjen, yn ’e sljetten
Fuwken fânlen, of yn netten
Fougelt fean, op poâle of kling?
Tuwn in fjilden to beloaitsen,
Hoâf in beammen to beploaitsen,
Dat is wille oer wille, bern.
Deadlik is ’t yn sea to swommen.
Mar dou scoddest’ holle in plommen;
Al myn kaltsjen is forlern.
Wol den; syl yn’ Hymmels hoede!
’t Farkjen tîge dy to goede!
Ik befel dy yn Gods hân,
Dy stjoer dy uwt wetterweagen,
Klip-need, heil in twierrefleagen,
Troch Syn ing’len, bly to lân. –
Wif ontfart my, Wif onttsjocht my,
Wif ontsylt my, Wif ontfljucht my,
Wif (ho ’s nou myn hert yn laest!)
Polsket yn ’e djiepste kuwlen,
Daer de fiscen, great fen muwlen,
’t Wetter blieze oer seil in maest.
Al myn lea dy trilje en scodsje,
As ik tink ho dat se dodsje,
Hol oer bol, yn ’t salte scom:
Daer min keabels kerw’t in maesten,
Daer min lek drieut op ’e laesten,
Yn dat grounleas djiep rounom.
Daer se uwt needtwang ’t laest uwtsjiette,
Daer se oan’ klippe stikken stjitte,
Daer se oan’ draegg’-tou ride yn’ need,
Daer se plofje op hirde sânnen,
Daer se boarstje op droege strânnen,
Daer ien neilbrek is de dead.
Jeny! Hoe mei ’t komme kinne,
Dy sa nei by ’t stearren binne,
Dy de dea sa brinsgjen heart,
As de sea spy’t scom in wiette,
Dat hy ’t stiert’ koarts scoe bejiette,
Guwlt in boppe tonger beart:
Straks wer, as Gods hân optillet,
Touer, wyn in weagen stillet,
In as yn ’e teame twingt:
Scoert deads buwt wer uwt deads hannen;
Scip, mei keapenscip in mannen,
Yn behaldne hawen bringt.
Daer se wonder, kreft in eare
Sjonge fen uws Ljeauwe Heare,
Dy de sea sa struws bewaldt.
Hoe mei ’t (siz ik yette) komme
Dat sok folk (as djier fordomme)
Sa lyts ’t wonder Gods onthaldt?
Dat it, troch uwtlitne flinken,
Falt oan ’t bealgjen, beestich drinken,
Striettesceinen, duwn in fol,
Mei ien onbestjoersom waezen,
Bearen, smiten yn ’e glaezen,
Tierret, flokt in fjucht as dol?

O! dy d’ Heechst’ dos smaedsje in huwnje,
As forwyldde ky dy duwnje,
Weid’t Hy as spoarbjustre sciep.
Wol doch, Hymmel! Wif ynplansje,
Dat hy hin nei God moat kantsje,
As hy thuws komt uwt it djiep.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten