It is 15 novimber, 12.23 oere, it Rapport fan de Advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis swevet noch altyd earne yn it hielal. It is yn alle gefallen net te finen dêr’t it heart te stean. It hie al op 6 novimber oankomme moatten, mar it is ûnder wetter. Ra, ra.
Fan ’t wykein krige ik mei de digitale post lykwols in ôfskrift fan de Taspraak fan de foarsitter fan dy Advyskommisje tastjoerd. Holden op de útrikking. Boppe it bledsje stiet net: Rapport. Dêr stiet: ‘Taspraak Gysbert Japicxpriis foar poëzij 2021’. Mei oare wurden, it is dus gjin rapport. Wêr is it Rapport? Is de Gysbert Japicxpriis 2021 útrikt sûnder rapport? Dat soe samar kinne. Foarskreaune regleminten binne der ommers ek net.
De tekst fan it rapport dat gjin rapport is hie al lang publisearre wêze moatten, mar om ûnbekende reden is dat net bard. Dêrom jou ik ’m hjirûnder. De wurden binne útsprutsen troch dhr. Jannes van der Velde. De Taspraak begjint mei wat skoalboekjeproaza oer dichtsjen, om mar sa gau mooglik út te kommen by de priiswinner fan tsjinst.
*
Taspraak Gysbert Japicxpriis foar poëzij 2021
Froulju en manlju,
It is in grutte ear dat ik hjir it wurd fiere mei út namme fan Nynke Heeg en Hein Jaap Hilarides, dy’t mei my de advyskommisje foarmen foar dizze Gysbert Japicxpriis.
It wurk dat wy as kommisje dien hawwe, wie in syktocht nei de bêste poëzijbondel yn de Fryske taal fan de ôfrûne fjouwer jier.
Dy syktocht bestie út it lêzen fan 50 dichtbondels. Dy bondels hawwe wy hifke en ferlike en doe hawwe wy fan gedachten wiksele oer de ynhâld.
Dat proses wol ik hir yn trije stappen koart behannelje.
Bepale hokker skaaimerken meitsje dat in gedicht of in bondel fan gedichten better is as de oare. Mei oare wurden: op hokker kritearia basearje jo jo oardiel?
Bepale hokker bondels it bêste oan dy kritearia foldogge.
It bepalen fan de winner.
Stap 1. De kritearia
Poëzij is foarm, mar dy foarm moat de ynhâld stypje. Net oarsom. Uteinlik moatte jo de kwaliteit mjitte oan it effekt dat in tekst – koart of langer – hat op de lêzer. Rekket it jo? Docht it jo wat? Goede poëzij set de holle en de sintugen yn beweging. In goed gedicht makket jo lilk, bliid, tryst, dêr kinne jo om laitsje, of slacht jo de grûn ûnder de fuotten wei.
De tekst moat wat mei jo dwaan. Dat waard ús útgongspunt.
It foargeande - poëzij moat wat mei jo dwaan - makket ek dat de tapassing fan kritearia it karakter hat fan in rasjonalisaasje efterôf. It is net sa dat jo sizze: it gedicht moat tusken de 10 en 20 wurden wêze, it moat rymje en dan is it goed. Nee, it is yn alle estetyske prosessen oarsom. Jo sjogge in prachtich skilderij en jo freegje jo ôf werom oft jo it prachtich fine. Jo lêze in prachtich gedicht dat jo rekket en dêrnei freegje jo jo ôf werom oft jo it prachtich fine.
Wêr’t wy foarôf net perfoarst nei sochten, mar dat wy achterôf al tsjin oan rûnen, wienen saken as:
De gedachte, de tematyk en foaral hoe dy ferwurde wurdt. Sit der in djippere betsjutting yn? Wurdt der mei taal boarte? Is de taalkar ferrassend, aardich, djipsinnich?
De foarm. Stipet de foarm de ynhâld? Wurdt yn in sonnet, bygelyks, de fal, de omslach tapast om it ferrassingseffekt te krijen dat de measte goede sonnetten hawwe? Wurdt it ritme konsekwint brûkt. Is der sprake fan twongen rym?
Technyk. Helpe dichtmiddels as rym, metrum en enzjambemint – as dy al brûkt wurde – om de ynhâld te fersterkjen.
Wy hawwe faak praat oer de fraach of de fakmjittigens fan de dichter al of net yn de gedichten ta utering kaam. En wêrom by de iene wol en by de oare net? Stike it op it brûken fan tefolle wurden, of just te min? Dogen de metafoaren net? Wienen de fersen te hermetysk of fertelden se just fiersten tefolle? Sokke dingen hawwe wy as kommisje befrege.
In goede dichter kin mei wurden en techniken in tekst meitsje dy’t effekt hat. Goed dichtsje is net allinne de útdrukking fan talint, mar ek de útdrukking fan ien syn ûntwikkeling en ynteresses.
Dat is fakmjittigens. Metrum, wurdlingte, sinslingte, foarm, ynhâld, toan: alles moat klopje. De lêzer moat by it lêzen net stroffelje oer in strofe, in sin, in wurd, in lêsteken. En op syn aldermoaist is it fers dan ek noch goed foar te dragen.
Stap 2. De bondels.
De rispinge fan de Fryske poëzij yn de ôfrûne 4 jier wienen 50 bondels fan ûngefear 40 skriuwers.
In grut ferskaat kwa tematyk, foarm, lingte, toan.
Wat falt op:
It ferline liket by in protte Fryske dichters grutter as de takomst. It giet faak oer doe. Dat soe wolris wat sizze kinne oer de leeftiid fan de dichters...
Wat wy ek seagen, wie in soad twatalich wurk – Frysk en Hollânsk. By guon hawwe wy ús ôffrege wat de oarspronklike taal wie. Net dat dat hiel relevant is, mar dochs...
De fisuele kultuer dy’t oeral opkomt, hat ek de Fryske dichters te pakken. In protte bondels binne in kombinaasje fan tekst en byld, faak foto’s.
In hiel opfallend skaaimerk fan de bondels sit yn it persoanlike karakter fan in soad teksten. Dat fertsinnet mear taljochting.
De yndividualisearring is sûnt dy tiid fierder gong – yn de maatskippij, mar ek yn de literatuer en foaral yn de poëzij. Kloos hat ynfloed hân – poëzij wurdt hjoed de dei faak sjoen as in persoanlike utering. Soms hiel persoanlike uteringen. Dat blykt ek út de rispinge fan de Fryske poëzij fan de ôfrûne jierren. In grut part fan de bondels befettet teksten dy’t sa ticht by it hert fan de skriuwer lizze dat se muoilik tagonklik foar in lêzer binne.
Dat fenomeen bringt my werom op ús útgongspunt: poëzij moat wat mei jo, de lêzer, dwaan. Dat is in mjitstêf dêr’t de ‘alderyndividueelste ekspresje’ net altyd oan foldocht.
Tsjin de ein fan de njoggentjinde iuw waard it Hollânske literêre lânskip oerhearske troch in streaming dy’t harsels de ‘Tachtigers’ neamde. Fan har foaroanman Willem Kloos is de definysje fan keunst en literatuer as “de allerindividueelste expressie van de allerindividueelste emotie”.
Wy hawwe as advyskommisje socht om teksten dy’t eat oerdrage, teksten dy’t kommunisearje. Teksten dy’t betsjutting hawwe foar lêzers. Teksten dy’t rekke binne en dy’t reitsje.
It wie op grûn fan dizze kritearia net hiel dreech om in skifting te meitsjen en ta in koarte list te kommen. Der wienen in stik of 8 bondels dy’t der nei ús tinken boppenút stutsen.
Stap 3. De winner
It bepalen fan de winner. Dat wie in stik dreger. Hokker fan dy bondels is de alderbêste?
Dat wie it stuit dat wy breder sjen moasten. Hoe stiet de dichter bygelyks yn de Fryske tradysje fan it dichtsjen? Lûkt sy of hy de line fan Gysbert Japicx, de bruorren Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Obe Postma, Hessel Miedema en Tsjêbbe Hettinga troch nei it no?
Dy dichter en dy bondel hawwe wy by eintsjebeslút fûn.
Wy hawwe útsteld om de Gysbert Japicxpriis 2021 ta te kennen oan Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as ‘Dichter fan Fryslân’.
It giet dêrby net om in bondel yn tradisjonele sin, mar om in webside en in bylage by de beide Fryske kranten. Wy fine dat gjin probleem. It is gewoan in moderne publikaasjewize.
Yn ‘Dichter fan Fryslân’ wurdt poëzij op in geweldige wize mei polityk en mei de dwylsin fan de dei ferbûn. It wurk hat in rykdom oan sitaten, altyd te plak, út literatuer, skiednis en (pop)muzyk. Boppedat is de behearsking en kennis fan de taal en fan it ûnderwerp fan skriuwen fabeleftich.
Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die yn oare bondels. Hy slagget der no ek noch yn om de aktualiteit te ferbinen mei poëzij. Hy makket fan it nijs in fers en fan in fers it nijs of in stik skiednis.
Ien koart foarbyld út it gedicht ‘De fearten’:
... As bloed rûn molke
de fearten yn: in ferset tsjin alles wat
it hert út djipste fan frijheid helle.
Op in geweldige poëtyske wize lit de dichter de lêzer de pine fan de Molkestaking fiele.
Ek in dreech ûnderwerp as de Brexit wurdt yn ‘Dichter fan Fryslân’ ta poëzij makke. Yn ‘Westminster Bridge’ wurdt yn dichtrigels skynber achteleas sawat de hiele Brexit ferklearre en tagelyk it gefoel fan ûnmacht ynfielber makke.
Foar alle protesten, nijsberjochten, klachten, mar ek oades en memoria fynt Hettinga in nije foarm. En dy foarm jout de ynhâld fan it gedicht altyd ekstra krêft en lading mei.
Dat alles makket ‘Dichter fan Fryslân’ yn ús eagen ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.
Dêrmei earje wy ek in dichter dy’t al in ryk oeuvre op syn namme hat.
Ut namme fan de advyskommisje de hertlike lokwinsken oan Eeltsje Hettinga.
(..)
*
Oant safier de Taspraak. It is it meast sneue samlinkje obligate prytpraat oer poëzij dat in Advyskommisje fan de belangrykste provinsjale priis fan Fryslân oait op papier set hat, útsein de wanprestaasje fan de kommisje dy’t Eppie Dam de priis joech.
Tink derom: net dat beide manlju, Hettinga en Dam, de priis net ferstjinnen. O jawis wol. Mar de Gysbert Japicxpriis is net samar in dinkje dat wy efkes mei wat basaal reklamepraat útrikke kinne. Utrikke meie. Dêr is ús priis te weardefol foar.
It oan alle kanten sjoemeljen mei dizze priis docht sear. No is in soadsje losse gedichten bekroane, wylst de provinsjale feroardering (2015) foarskriuwt dat it gean moat om of ‘één werk’ of in hiel oeuvre. No is in priis útrikt sûnder reglemint. Dat is al seis jier pleite. Handich, as der gjin regels binne, kinne presedinten skoepen wurde. Aansens de Gysbert mar foar in film? In performance? In dichterlike muorreprojeksje? Anything goes, it is mar krekt wa’t op it Provinsjehûs it meast te fertellen hat. De Afûk. Tresoar. Willem Verf.
Der komt in nij reglemint hear, seit Verf, foarsitter fan It Skriuwersboun. De deputearre hat It Skriuwersboun frege om te advisearjen. Seis jier nei’t de provinsje sels foarskreaun hat dat der in nij reglemint foar de Gysbert komme moat.
Jo en my wurdt neat frege. Wy moatte mar ôfwachtsje hoe’t it beteart. As it resultaat my net sinniget, kom ik myn Gysbert Japicxpriis-oarkonde persoanlik ynleverjen op it Provinsjehûs.
As útsmiter noch in briefke dat ik skreau oan Verf. Juster. Ik hie tasein om takom jier in lêzing oer Waling Dykstra te hâlden foar in aktiviteit fan It Skriuwersboun. Mar om’t It Skriuwersboun leaver teedrinkt mei de deputearre as myn belangen behertiget, tocht ik, drink dan tee.
*
Bêste Willem, bêst bestjoer,
(..)
Miskien is sa’n tekst wat foar de beukerklasse Poëzij, dat soe kinne. Mar dy tekst is in skande foar in Advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis. Ik sil dat net allegear útlizze, dêrta ûntbrekke my tiid en nocht.
Hoe’t dêr mei wat obligate opmerkingen út in skoalboekje 50 bondels yn in sucht en in skeet weiset wurde, inkeld mar om sa gau moogllik by de DfF-gedichten út te kommen, dêr’t ék neat fan wearde of betsjutting oer sein wurdt - fan hoefolle respekt tsjûget soks foar al dy dichters dy’t har bêste kinnen dellein hawwe yn dy bondels? Fan hoefolle respekt, ynsjoch yn en leafde foar Keunst tsjûget soks?
Wat like slim of noch slimmer is, de regleminten ûntbrekke al op syn minst sûnt 2015. Dat is moai foar de Afûk, Tresoar en wa wit wa noch mear, frijheid blijheid netwier, mar it is in mislediging foar skriuwers en dichters en in ramp foar it oansjen fan de priis. De jierrenlange stilte fan It Skriuwersboun op dit punt is dat likegoed. En de beneaming sûnt in jier as wat fan lju yn sjuerys dy’t neat oanwiisbers mei Fryske literatuer hawwe is dat ek.
Ik bin yndie gjin lid fan It Skriuwersboun en der is op dizze wize ek gjin útsjoch op feroaring. Mei respekt foar al it goede wurk dat jim ék dogge, ik kin mysels sjoen it boppesteande en sjoen it ûntbrekken fan publyk protest fan jim kant der net ta sette om entûsjast te reitsjen oer it jaan fan dy lêzing. It spyt my. Ik wurdearje it o sa dat jim oan Waling tocht hawwe as in nijsgjirrich skriuwer om wat oer te fertellen. Mar ik ferrek it om de clown te spyljen yn dit provinsjalistyske sirkuske, mei as publyk lju dy’t harsels altyd de bek bine op stuiten dat der wat sein wurde moat.
Mei freonlike groetnis,
Abe
Geen opmerkingen:
Een reactie posten