maandag 8 november 2021

'De Gysbert'? Tiid foar in oare priis

Ik lês in stikje yn ’e Ljouwerter dêr’t de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2021 yn oan it wurd komt. Wat seit de foarsitter? Oer de yllegale bekroaning fan tritich op in webside en yn kranten publisearre gedichten: ,,Wy fine dat gjin probleem.” 

De prizeferoardering fan de Provinsje Fryslân, fêststeld yn 2015, seit it oars. ‘Gysbert Japicxprijs: tweejaarlijkse prijs voor alle literatuurgenres in het Fries, zowel voor één werk als voor het gehele werk van een auteur (..).’

Wy sjogge, mei permisje, dus wol in probleem. Tritich losse, ferspraat publisearre gedichten binne net ‘één werk’. Dat se allegear ‘yn funksje’ troch in ‘Dichter fan Fryslân’ skreaun binne, makket se net ta ‘één werk’. It binne tritich wurken en sa binne se ek de wrâld yn stjoerd.

Stel, de advyskommisje kin gjin feroarderingen lêze mar wol regleminten. Dat helpt net, want der is gjin reglemint foar de Gysbert Japicxpriis. It tydskrift Fers2 hat dat oan it ljocht brocht, fan 't jier, yn in parseberjocht, op 11 maart.

Dat is in twadde probleem. De Provinsje hat ommers útdruklik yn syn feroardering fêstlein dat sa’n reglemint noadich is foar de Gysbert Japicxpriis (en foar alle oare provinsjale prizen). Logysk fansels, mei it each op kontrolearber bestjoer en om eigenwille tsjin te gean moat omskreaun stean wêr’t it prizeproses oan foldwaan moat.

It stiet swart op wyt yn de feroardering: ‘Gedeputeerde Staten stellen voor de adviescommissies per prijs een reglement vast.’

No is 11 maart alwer efkes lyn. 2015 oars ek. De tiid hâldt gjin skoft. Is der wilens al in reglemint? Net neffens de website fan de Provinsje Fryslân. 

‘Helaas, uw zoekopdracht voor “Gysbert” heeft geen resultaten opgeleverd.’ Faaks dat it opdûkt, meikoarten, benijd.

En tsja, no slagget it de foarsitter fan de advyskommisje (Jannes van der Velde) om yn de Ljouwerter noch in tredde probleem te feroarsaakjen. Nammentlik: it bewiis te jaan dat gjin fatsoenlike provinsjale priis sûnder in reglemint kín. 

It reglemint beskermet de literatuer tsjin polityk misbrûk. Fûgelfrij ferklearre moat Fryske literatuer sûnder oppen en oanen oprotte foar taalbefoardering. Harkje mar nei dizze advyskommisje. Oer it wurk dat yn de priisperioade ferskynd is seit de foarsitter:

,,In grut part fan de [beoardiele] bondels befetsje teksten dy’t (..) muoilik tagonklik of hast ûnbegryplik binne foar de lêzer.”

Wat seit? Poëzij soe ‘muoilik tagonklik’ of sels ‘ûnbegryplik’ wêze. Foar ‘de lêzer’. Dat komt, it is sa ‘persoanlik’, follet de sjoernalist yn. Kritearia en foarbylden ûntbrekke yn it stikje. Wa't dy lêzer is dy't mar wer ris út syn maklike stoel derby sleept wurdt, Jannes sil it witte. In stealtsje foarsitterlike taalbefoardering fan komsa, tusken twa heaken.

Wy fine dit allegear wól in probleem. 

Punt 1: de Gysbert Japicxpriis 2021 is net neffens de jildende provinsjale feroardering útrikt. Punt 2: de Gysbert Japicxpriis 2021 is bûtenreglemintêr útrikt. Punt 3: de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2021 lult út syn nekke(n) sa't de politike wyn waait.

Polityk-korrekt, jawis. Sûnt in tal jierren wolle Deputearre Steaten de Fryske poëzij om hals en kiel bringe troch alles wat gjin literêr nivo of literêre ambysje hat te bepriizgjen en te beneamen. Dat is algemien bekend. De metoaden en techniken binne simpel. Je stelle sjueryleden oan dy’t gjin Frysk skriuwe kinne, dy’t noait wat fan betsjutting oer Fryske poëzij skreaun hawwe. Je komme mei learkrêften út it middelber ûnderwiis oansetten, of mei sjongeressen, toanielspylsters, kommunikaasjemeiwurkers. Werklik alles en elkenien is goed, as se mar net fan literatuer hâlde. 

Want literatuer, dat moat derút. De Fryske taal moat deryn. Mei net tefolle drege wurden graach.

Tomke moat deryn.

Dêrom freegje ik, as lêzer, as leafhawwer fan Fryske poëzij, as oprjochter fan twa literêre tydskriften, én as (grutske) Laureaat: hâld asjebleaft op mei dy Gysbert. Hâld asjebleaft op mei dy Dichter fan Fryslân. 

Safolle haat tsjin keunst. Safolle leechachtsjen fan behoarlik bestjoer. Safolle totalitêre kultuertwang.

Wedzje dat de folgjende 'Dichter fan Fryslân' – wurdt oer twa dagen bekendmakke – krekt yn it plaatsje past?


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten