zaterdag 29 mei 2021

Kultuer as frijhaven foar ûnsin en goedbedoelde boadskippen?



Alle utering is ‘kultuer’ en dus belangryk. Wat moat it doel fan kultuerbelied dan krekt wêze? Politike propaganda útsutelje of it ryk fan de frijheid befoarderje? De klucht fan de ‘letters’ op it Saailân bewiist de needsaak fan net inkeld in kultuer- mar ek in keunstbelied.

Abe de Vries


‘Nee jonge ja juh!’ stie fan maaie 2018 oant maart dit jier yn koweletters te lêzen op it dak fan de Ljouwerter rjochtbank oan it Saailân. Oan de oare kant fan it plein it spegelbyld: ‘Ja jonge nee juh!’ Nei trije jier ferhuze dit wûnder fan skeppingskrêft en maatskiplike relevânsje – tink bygelyks oan it provinsjale en gemeentlike beliedsdoel ‘de sichtberens fan it Stedsfrysk fergrutsje’ – lykwols nei in B-lokaasje. Frouwe Justitia woe har dak skjinmeitsje en oan de oare kant fan it plein hienen se wol nocht oan sinnepanielen.

Mar wa’t net ‘nee jongen, ja joh!’ sizze kin is gjin echte Nederlanner. Dat wit elkenien. Oanfitere troch de Ljouwerter FNP-fraksje kaam de Ljouwerter Identiteit yn Kneppelfreed-stân te stean. Mei sukses: de letters op de rjochtbank binne weromset. ‘Dy kosten sil de provinsje Fryslân foar de kommende fiif jier op har nimme’, neffens deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes.

It is mar ien foarbyld fan de ûneinige stream kwasy-kulturele, troch ûnderskate oerheden inisjearre en bestuivere happenings dy’t dizze provinsje sûnt it jubeljier 2018 oerstreamt en dêr’t de keunst jammerdearlik yn fersûpt. Unsichtber yn wurdt. Ik jou noch wat mear foarbylden, want jo wolle bûter by de fisk.

Sosjaal gedrach

De ‘Dichter fan Fryslân’. Nei in hoopfol begjin mei Eeltsje Hettinga is dat ynstitút wilens in bykantoarke wurden fan LF2028, dat op syn bar wer in bykantoarke is fan de provinsje. De Dichter fan Fryslân skriuwt/sjongt/ferfilmet koarte teksten foar klupkes. De iene kear is dat LF2028, de oare kear City of Literature, of Silence of the bees, of Merk Fryslân, of Praat mar Frysk – koartsein, it giet faak om troch oerheid of semy-oerheid bestelde of inisjearre of oanmoedige nuttige en begryplike boadskippen dy’t hoop of treast of oar fan hegerhân propagearre sosjaal gedrach befoarderje moatte.

City of Literature. In moaie UNESCO-titel foar Ljouwert, sûnt 2019. Mei in budzjet fan pak ’m beet 400.000 euro it jier kin de haadstêd fan Fryslân mar omraken literatuerje, soene je sizze. Dêr is noch net folle fan te merkbiten. Wol kamen der kaartsjes mei gedichten foar minsken yn fersoargingstehuzen. Sympatyk konsept: dêrnei folgen ferlykbere gedichten, diskear ek mei tekeningen, op kaartsjes foar de klanten en it personiel fan de fiedselbanken.

Yn gearwurking mei sa likernôch alle klupkes fan saniis moasten doe ek noch gedichten fan tsien rigels maks oan ’t ljocht komme, mei ferplichte posityf boadskip, om op alle skythúskespegels te plakken fan alle hoareka-etablisseminten dy’t ús skoandere provinsje ryk is. In krêftich oantrunen om yn koaroanatiden it hanwaskjen net te ferjitten, allinnich, it lân wie yn lockdown en de kroegen wienen ticht.

De Gysbert Japicxpriis. Belangrykste literêre priis yn en fan Fryslân. Foar de provinsje in ynstrumint om kultureel prestiizje oan te ûntlienen. Fandatoangeande is it net ûnlogysk dat de lêste jierren hieltyd mear net-literêre figueren beneamd wurde yn de advyskommisjes foar dit sadwaande oan literêr prestiizje ferliezend monumint.

Goed – jo binne gjin literatuerleafhawwer? Stappe wy oer nei de muzyk. De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe op dat mêd lykas bekend foaral belang by grutte festivals wêrby’t in lytsere of gruttere groep faak net iens lokale ûndernimmers it jild yn ’e ponge waait. Mar wêrom meie eveneminten dy’t fiif- of tsientûzen beteljende besikers lûke samar in graai yn ’e subsydjepotten dwaan? It beliedsdoel is: ‘Fryslân moat op de kulturele kaart set wurde’.

Soks is bêst as alles út ’e romte kin en it muzykûnderwiis yn de provinsje soe op oarder wêze. Sadat deagewoane bern feardichheden oanrikt krije dy’t se noadich hawwe om keunst meitsje te kinnen. Mar lykas it ûnderwiis yn it Frysk is ek it muzykûnderwiis yn Fryslân skeind troch politike desynteresse. Muzykskoallen binne of opheven, of út har gebou ferdreaun en dwaande west om de dosinten te ûntslaan dy’t mar zzp’er wurde moasten.

De breder de better

Om it ûndiplomatyk te sizzen, Fryslân, lân fan molke en huning, feroaret sa stadichoan yn in frijhannelssône foar goedbedoelde boadskippen foar de ien, foar de oar yn it lân fan ferlet. Dat komt om’t wy net prate oer it ferskil tusken kultuer en keunst. Alle utering is ommers ‘kultuer’ en dus belangryk. Dy tinkwize leit oan de basis fan de frijmoedichheid om gjin keunstbelied te fieren. Om kultuernoata’s of beliedsbrieven te produsearjen sûnder in keunstparagraaf. It jout de provinsje it frij om kultuer tydlik en pleatslik te brûken foar eigen doelen en selsrjochtfeardiging, en altyd is it adagium: de breder de better.

Dizze ûntjouwing is fansels wol earder sinjalearre. Lykwols driget tsjintwurdich, sa’t ik hjirboppe koart sjen litte woe, suver in oanslach op demokratyske prinsipes. De oerheid jout út de hjouwerbak oan kliïnten dy’t tsjinstich binne foar ien of oar belied (sabeare grien & duorsum, sosjaal, net al te Frysk, wol mei omtinken foar oare minderheden). Tagelyk en útsoarte wurdt beknypt op keunst dy’t gjin lid wurde kin of gjin brûkber program neistribbet. Of it dwersom oars wol.

Keunstfoarmen en -uteringen dy’t har net goed liene foar publyksmobilisaasje wurde faak bestimpele as amateuristysk, folks, útwrydsk, te kritysk, te privee of foar in te lytse groep. Bedoeld wurdt: net opportún om subsydzje oan te ferlienen, mar kritearia binne swak of poater. It punt is, de provinsje stjoert de kulturele produksje sûnder dat werklik oer artistike motiven en kritearia of oer sosjale gefolgen praat wurdt. Lit stean yn in iepenbiere politike diskusje.

Hoe lang slikt spektakelgefoelich Fryslân noch in kultuerbelied dat ôfrekkenje wol mei it ryk fan de frijheid, troch krekt te dwaan as bestiet it net en is it net de muoite wurdich om dêrhinne ôf te reizgjen?


Friesch Dagblad, 29 maaie

Geen opmerkingen:

Een reactie posten