woensdag 27 mei 2020

Waling Dykstra - 'Sjen foar eagen is gjin gûchelspul' (1875)

Praatsjes fan in klokmakker en in smid 

Yn de moanne fan july 1874, dus yn ’t langste fan de simmerdagen, sieten op in moaie jûn om tsien en alven Lykle Klokmakker en Gatse Smid op in bank foar de doar, om nei de sturtstjer te sjen. 

Dy twa mannen wienen buorlju. Mar as ’t op tinkbylden en mieningen oankaam, dan rûnen se gâns út elkoar. Gatse wie in man dêr’t de lju fan seinen: hy leaut oan neat en beredenearret alles út de natoer. Dat is nou by in hele bulte minsken itselde as modern, en dat is wer allike folle as goddeleas. – Lykle Klokmakker wie in man dy’t it mei de âlde leare hâlde. Mar hy wie lang sa bekrompen en neargeastich net as in hele bulte fan dy lju. Sipke Potskipper, dy’t de tale Kanaäns spriek, dy sei: ,,Lykle Klokmakker is in man dy’t de wierheid tastimt, mar hy hat se net troch geastlike befininge oan syn siele kennen leard.” Dat woe sizze: Lykle hie de bekearing noch net krige. 

Ik tink der sa oer: Lykle hie tefolle alderhanne boeken lêzen, oars sein, hy wie net dom genôch om in echte dweper te wêzen. Hy lies wolris oer de wrâldskiednis, oer de ierdrykskunde, ja, ek wolris oer de natoerkunde. Nou, as immen dat docht, al stiet er oars stiif op syn stik, sa’t er mient, dan slite de fynste puntsjes der al gau wat ôf. Dy’t in echte gelovige, dweperige, neargeastige, haatlike, grimmitige, nasjonale kristen bliuwe wol, moat oars net lêze as sokke dierbere boeken dêr’t de ûngelovigen skandalich yn útskolden wurde. Mar de alderechtste soarte hat men eigentlik ûnder de lju dy’t sawat neat lêze, omdat se ’t hast net kinne, en dan har fan oaren alles yn ’e holle blaze litte. Under sokken hat men de geloofshelten, dy’t graach in ûngelovige stiennigje wolle soene of him de glêzen ynbruie. Lykle Klokmakker hie mei syn kennis en ferstân ek noch wol haatlik en grimmitich wêze kind en falsk en skynhillich derby. As er nammentlik yn ’t sin hân hie om mei syn gaven oan ’e kost te kommen, as evangelist of kolporteur of sawat. Mar dêr tocht de man net oer; hy hâlde him by syn klokmakkerij. Hy wie ferdraachsum en ynskiklik tsjin elkenien. Hy hâlde en droech him as in achtensweardich doarpsboarger. Dêrtroch koene syn ûngelovige buorman Gatse Smid en hy ek goed mei elkoar oerwei. Se praten wol gauris wat tegearre. Want Gatse wie net sa’n hjithollige skimper en gekoanstekker, lykas men se hat ûnder de lju dy’t liberaal hjitte te wêzen. 

Nou, se sieten dêr tegearre op ’e bank, en der wienen dy jûns mear lju op in baan om nei de stjer te sjen. 

De smid sei: ,,Nou kin men wer sjen dat de minsken dochs wizer binne as foar in hûndert en twahûndert jier.” 

,,Wêr kinne je dat nou krekt oan sjen?” sei Lykle. 

Gatse sei: ,,Dat sil ’k jo sizze. Sjuch, dêr op ’e dyk steane in tropke minsken nei de stjer te sjen. Manlju, froulju en grutte bern. De iene seit koelbloedich: sa’n sturtstjer, dat is dochs wat bysûnders. De oare seit allike koelbloedich: ik kin der net folle bysûnders oan sjen. De optocht fan ’t Amerikaanske hynderspul, dêr wie ferline jier folle mear oan. Guon dy’t wat fan de stjerrekunde witte of miene te witten, dy begjinne der oer te redenearjen. Oaren dy’t der neat fan begripe en dêrom der ek gjin nocht oan ha, begjinne te mâlfarjen, te praten en te laitsjen. Mar se hawwe allegearre ûnder de ferskining fan dy bûtenwenstige stjer sawat neat te dwaan.” 

,,Is dat in bewiis”, sei Lykle, ,,dat de lju nou wizer binne as de minsken yn foarige tiden wienen?” 

,,It bewiist teminsten dat se nou net, lykas by âlds, yn noed en freze binne oer sa’n sturtstjer. Doe wienen de lju deabenaud as der sa’n stjer skynde, want se mienden dat dat in foarteken wie fan djoere tiid, pestilinsje, oproer, oarloch, bloedferjitten en noch mear slimme en ôfgryslike dingen. En dat allegearre ta straffe fan de minsken en har ûndogensheid. Sa’n sturtstjer wie doe yn de eagen fan de minsken it teken fan in roede of in bosk biezemriis, dêr’t de beul yn ’t foarige de dieven mei gisele. Witte je wol, Lykle, wat Eise Eisinga oanlieding jûn hat om syn planetarium te meitsjen?” 

,,O, je miene dat geande wurk dêr te Frjentsjer”, sei Lykle, ,,dêr’t it beloop fan de sinne en de moanne en de stjerren yn ’t lyts neimakke is. Dêr ha ’k wolris wat fan lêzen, en ik soe ’t ek wolris sjen wolle. Ik wit ek wol dat it makke is troch in ienfâldige wolkammer dy’t Eise Eisinga hjitte. Mar dat dy man dêr in bysûndere oanlieding ta hân hat, dêr bin ’k just net mei bekend.” 

,,Ja”, sei Gatse Smid, ,,dêr haw ik fan lêzen. Yn ’t foarjier fan 1774 kaam der in oankundiging yn ’e Ljouwerter krante, dat der in boekje útjûn wurde soe dat skreaun wie troch in leafhawwer der waarheid, oer de konjunksje fan de planeten Jupiter, Mars, Venus en Merkurius mei de moanne – op de 8e maaie fan dat jier. Dat woe mar sizze, dat dy fjouwer planeten en de moanne op de 8e maaie allegearre ticht byinoar te sjen wêze soene yn it stjerreteken fan de Raam. De leafhawwer fan de wierheid kundige dêrby oan, dat dy bysûnderheid wolris tewei bringe koe it fergean fan de hele wrâld. 

Dat brocht in hele bulte minsken alderfreeslikst oerstjoer. Want mei ’t oer en wer fertellen en ’t folle bepraten kaam der ek noch in hele bulte by. Boekedrukkers en lietsjongers krigen der in bûtenkânske mei, allike goed as dat der yn ús tiid in oranjefeest op hannen is dêr’t lietsjes by de hele bult foar drukt wurde moatte. Op strjitten en brêgen, op diken en wegen waarden de stichtlike sangen opdreund en de boekjes derby ferkocht. Dy boekjes spoarden de bange minsken oan ta gelove en bekearing, om de freeslike ûndergong fan de wrâld op ’e 8e maaie mei in from gemoed ôf te wachtsjen. In hopen boeren en arbeiders lieten it wurk stean. Wêrom soene se ploegje en eidzje, plantsje en wjudzje en ’t lân ynoarder meitsje, as op ’e 8e maaie dochs de hele boel trochinoar fleach en alles út wie? As de lju mar safolle iten yn ’t foar hiene dat se dy dei bekomme koene, dan koene se har mar stil deljaan en mei earnstige oertinkings, suchtsjen en bidden har freeslik útein ôfwachtsje. Mar in hele bulte hoegden ek net folle, om’t se fan klearebare ûntsteltenisse net ite koene. De dokters en masters hiene ’t alle dagen drok hinne en wer rinnen, nei lju ta dy’t litten wurde moasten. Dat wie doedestiids it middel dêr’t se de taflecht ta namen as de minsken danich oerstjoer wienen. Der rûnen ek wol guon nei de stêden om dêr knappe kundige lju ris nei de saak te freegjen. Mar as dy de ienfâldige bange minsken terjuchte wize woene, dan waarden se net leaud, mar hâlden foar sliependen ûnder ’t gefaar. Dominys dy’t mei bewizen út de skrift de lju delbêdzje woene, waarden útmakke foar blinen, dy’t gjin ynsjen hiene yn de grutte saak. De Steaten fan Fryslân achten ’t nedich om deryn te foarsjen. Se lieten it boekje dat útjûn wurde soe, ûndersykje troch twa kundige mannen. Doe’t dy ferslach fan har ûndersyk jûn hiene, lieten de Steaten bekendmeitsje dat de berekkeningen yn dat boekje net doogden en dat der op de 8e maaie gjin gefaar te freezjen wie. Mar dat holp allegearre neat. It waard ferbean om it boekje foar de 8e maaie yn ’t ljocht te jaan en de lietsjongers waarden tekear gien en oppakt. Mar dat kaam ek al te let. 

Yn de nacht tusken de 7e en 8e maaie gyngen in hele bulte lju net op bêd, sawol yn ’e stêden as yn ’e doarpen. Se stiene op ’e bolwurken of rûnen yn ’t iepen fjild, om oeral de loft sjen te kinnen. Want se tochten dat it lichtwol begjinne soe mei tige swier waar, mei geweldige skokken yn ’e grûn of sawat. En wat foel der nou foar op dy ûntsachlike dei? De hele nacht en de deis ek wie ’t sok alderleafst moai stil waar, dat men ’t noait moaier winskje kinne soe. De loft wie sa klear as in gril en der barde de hele dei neat bûtenwenstichs. En doe wienen de minsken fansels ek gau wer bekomd. 

Eise Eisinga, de Frjentsjerter wolkammer dy’t ek in bult noch oan stjerrekunde hie, en dêrby in tige knappe rekkenmaster wie, wist ek wol wat der op ’e 8e maaie barre moast. Hy hie ’t ek wol ynsjoen en útrekkene dat der yn ’t alderminst gjin gefaar by wie. Mar dat brocht him op ’t tinkbyld: as de minsken wat begryp hân hiene oer it berin fan sinne, moanne en stjerren, dat hoegden se har sa bang net prate litten te hawwen. Fierder tocht him, as der ris in ienfâldige begryplike foarstelling fan dat berin makke waard, da soe wol in goede saak wêze. – Sa kaam hy der ta om ’t meitsjen fan syn planetarium te ûndernimmen – dat sa’n grut keunststik wurden is.” 

Lykle Klokmakker sei: ,,Dat sil wol wier wêze, ik wol ’t alteast wol leauwe. Mar dat de lju doe sa bang wienen en nou sa ûnferskillich, dêr woene je, miende ’k, út bewize dat de lju nou wizer binne. My tinkt, it kin ek wol in bewiis wêze dat se nou folle mear yn ’t kwea behurde binne.” 

,,Dat leau ’k hast net”, sei Gatse. ,,De lju wienen by âlds al wakker bang en oer har siele bekommere as der sokke tekens oan ’e loft te wachtsjen of te sjen wienen. As se de gleone roede dêr oan ’e loft seagen, dêr’t se mei gisele wurde soene, sa’t se mienden, och, dan wienen se sa earmelyts. Mar wie de roede wer fuort en har banges besakke, dan ferfoelen se ek wer ta deselde sûnden en ûngerjuchtichheden. Dat it algemien folk nou wizer is as doe, it kin wol wêze dat dat safolle net skeelt as men faak wol mient. Mar de lju dy’t it folk te lieden en te stjoeren hawwe, en leare en fermoanje moatte – dy lykje nou dochs wol wizer te wêzen as doe – of teminsten de saak heel oars te begripen. As der nou sa ris oer dy komeet preke en beard en jammere waard as by âlds, dan waarden in heleboel ienfâldige lju ek wer deabenaud, dat kin men wol foar fêst oannimme. – Der wie mei sa’n prekerij of kranteskriuwerij noch bêst in heleboel ûnrêst ûnder ’t folk te bewurkjen. Dêr ha wy ommers foar koarte jierren wol wat fan sjoen, doe’t de wet op ’t pok-ynintsjen yn Den Haach behannele waard. Oer de komeet hâlde de moard-en-brân-roppers har nou stil, sa’t it liket. Ik haw der teminsten neat fan fernomd dat se deroer op har âlde trant oan ’e gong west ha. En dêrom bliuwt ’t folk nou ek rêstich. Mar dêroan soe men dan dochs ek alwer sizze dat de wierheid oan feroaring ûnderhevich is. – Dêrom net, as der ris in wet op ’e kometen makke wurde moast, dan koe ’t wol wêze dat se har sa koest net hâlden. Want it striden oer in wet is ek wolris in striid om in plak op ’t kessen.” 

,,De wierheid is net oan feroaring ûnderhevich”, sei Lykle. ,,Witte je dan net dat der by âlds ek wol knappe lju west hawwe dy’t de minsken ûnder ’t each brochten dat se gjin bygelovige heidenske tinkbylden ha moasten oer sokke tekens oan ’e loft? Lykas wy ek lêze by Jeremias 10 fers 2: ‘Leert den weg der heidenen niet en ontzet u niet voor de tekenen des hemels, dewijl zich de heidenen voor dezelve ontzetten’.” 

,,Ja”, sei Gatse, ,,dat wit ik wol. Mar de lju dy’t oan ’t lyntsje rûnen fan safier en net fierder, dy makken dat sawat heal en heal. Se seinen, men koe net foarút sizze, sa’n komeet of sinneklips of oar teken oan de loft betsjut dit en ’t betsjut dat: pest, oarloch, it stjerren fan in kening of keizer, of wat men doedestiids der mear fan betinke mocht. Dat wiene ferburgenheden dêr’t in minske net yn komme mocht, seinen sokke lju. Mar, foegen se derby, it wienen dêrom wol warskôgjende tekens, om de minsken te fermoanjen ta bekearing. As de lju dan diene lykas de Nineviten yn Jonas syn tiid dan gyng it harren goed ôf, mar sa net, dan hiene se straffe te ferwachtsjen. – Mar mannen, dy’t der flink mei delkamen en seinen: kometen of sinneklipsen of oare bysûnderheden dy’t oan ’e loft sjoen wurde, dat binne natuerlike ferskynsels, dêr is gjin gefaar by en se betsjutte ek neat: sokke lju waarden útmakke foar ketters en godslasteraars. 

Balthazar Bekker, dy’t him yn syn tiid sa ward hat om spoeken en tsjoensters en alle oare duvelerij út de wrâld te ferdriuwen, hat ek in boek skreaun oer de kometen dy’t yn syn libbenstiid skynden. Dêr seit er yn dat syn bern, dy’t mei gjin foaroardeel ynnomd wienen, har fermakken mei ’t oanskôgjen fan de sturtstjer, en se wienen jûns hast net op bêd te krijen as se de komeet earst net sjoen hiene. Soks yn ’t iepenbier skriuwe te doarren, dat neamden de stiifsinnige lju destiids ‘een uitwerpsel van menselijke hovaardije ende eene terging Gods’. Nou fermeitsje de bern har ek mei ’t sjen nei de sturtstjer, en nimmen sjucht der kwea yn, sa fier as ik it merke kin. Dêrom liket it wol dat de lju fan ’t âlde en fan de skrift har yn dizze saak dochs wat ta swijen bringe litten ha troch de natoerkennis dêr’t se oars sa fij fan binne.” 

,,Dat is gauwer te sizzen as te bewizen”, sei Lykle. ,,Al hâlde de lju har oan ’e skrift, dêrom kinne se in ding wol ferkeard begripe en ek wol tige oerdriuwe. Dat dogge se nou noch wol en dat hawwe se by âlds noch folle mear dien, as ik it wol ha, foaral mei dizze saak dêr’t wy nou oer prate. Ik haw ek wol wat nocht oan ’e natoerkunde. Ik sjuch yn dy stjer ek gjin foarteken fan dit of fan dat. It foarsizzen út de stjerren wurdt ommers yn ’t âld boek ferbean en ôfkard, omdat dat thús hearde by de heidenske ôfgoaderij. Dat âlde boek stiet by my boppe alles. Dat is in iepenbiering bûten de natoer om. Dêr moatte wy ús oan hâlde, oars reitsje wy ús grûn ûnder de fuotten kwyt.” 

,,Grûn ûnder de fuotten moat in minske nedich hâlde”, sei Gatse, ,,oars is er ferlegen. Mar dy’t in pear goede stevige skonken hat hoecht net mei in kruk te rinnen. Om nou ris fan ’t ien yn ’t oar te praten, je seinen niis, Lykle, je soene dat planetarium fan Eisinga wolris sjen wolle. Ik bin der ek wol nijsgjirrich nei. My tocht, dan moasten wy dêr tegearre mar ris hinne.” 

,,Dêr bin ’k net tsjin”, sei Lykle. 

Gatse sei: ,,Dan moatte wy dy dei ek mar net fan hûs stelle. Ferline jier ha je nei ’t sindingsfeest west en ik nei Ljouwertermerke. Fan ’t jier geane je net nei Assen en ik sil nei Ljouwertermerke net omsjen. As wy nou tegearre in reiske nei Frjentsjer dogge, dan ha wy dochs ek noch in útflechtsje. Dat is foar jo alheel saak. Je binne ek in man fan geande wurken, je hawwe der mear ferstân fan as in oar.” 

,,Se neame my ek wolris rêdsjeknoeier”, sei Lykle. ,,Ik bin neat mear as in ienfâldige doarpsklokmakker en by Eise Eisinga ferlike, dan bin ’k safolle as in eintsje kears by de Sint Martens-toer fan Grins. Mar dat kin ek allegearre neat skele, dat reiske dêr ha ’k wol sin oan. Wannear sil ’t mar wêze? Yn de oare wike mar, net?” 

,,It is my goed”, sei Gatse. ,,Nou haw ik in omke yn de greidhoeke wenjen, dy is troch oantrouwen alhiel yn ’e fierte wat ferbûn oan ien fan Eisinga syn neikommelingen. Sa moat omke yn ’t besit komd wêze fan in âld boek dat hannelet oer de rekkenkeunst, oer stjerrekunde, oer wurktúchkunde en mear fan soks. Omke begrypt der sels net folle fan, wol ’k leauwe, mar hy stiet der fêst op dat dat boek skreaun is troch Eise Eisinga. It is krekt oft ik dat net goed leauwe wol; mar it titelblêd, dêr’t de namme fan de skriuwer trochgeans op stiet, mist foar dat boek wei. Sadwaande kin ’k it omke net bestride. En hy hat dat troch oerlevering fan syn wiif en har folk; nou is ’t by him in ding dat sa fêst stiet as in hûs. Dy’t him dat ôfprate wolle soe, soe de wyn fan foarren krije. Mar wat ik sizze wol. Omke sil mei in wike as fjouwer by uzes útfanhûs komme. Ik sil him skriuwe dat er dan dat âld boek meinimt. Ik wit wol, dat wol er wol graach dwaan. Sjuch Lykle, dan kinne jo en ik dat boek ris tegearre trochnoaskje. As wy dan earst it planetarium besjoen ha, dan ha wy licht noch wat better begryp oer de dingen dy’t yn dat âld boek stean. Jo sille der teminsten wol wat oer oardielje kinne, tinkt my.” 

Lykle sei: ,,Sa’n boek moast men earst lêze kinne, licht wie dat wol better om wat mear begryp oer it keunstwurk te krijen.” 

,,Mooglik wol”, sei Gatse, ,,mar dat kin nou net wurde. ’t Sil ek wol sawat op ’t selde delkomme, wol ’k ha. Ik sil ús omke deroer skriuwe, al is ’t moarn de dei; en wy reizgje yn de oare wike tegearre nei Frjentsjer.” 

Mei dy ôfspraak gyngen de twa lju byinoar wei, want it wie hege tiid wurden om it bêd op te sykjen. 

Nou, de twa mannen reizgen de oare wyks tegearre mei de spoarwein nei Frjentsjer. Se namen yn de herberge efkes hichte en doe sochten se ’t hûs op, dêr’t mei fergulden letters boppe de doar stiet: Planetarium van Eisinga. Se waarden dêr yn in keamer brocht fan trettjin foet breed en in foet as sechstjin lang. Dy keamer hie in dûbele souder. De boppeste, dy’t op ’e balken lei, wie yn de keamer net te sjen. De ûnderste lei amperoan seis âlde tommen leger as de balken. Sadwaande wienen der yn de keamer gjin balken te sjen. Oan dy ûnderste souder seach men it eigentlike planetarium, dat in foarstelling is fan ’t berin fan de sinne en de moanne en de planeten. Yn dy rûmte tusken de beide souders wie ’t rêdwurk fan it planetarium. Yn ’t midden fan dy ljochtblau ferve souder seagen se de sinne, in ferguldene bal. Fierder seagen se dêromhinne wite ringen, de iene al grutter as de oare. Dat binne de banen fan de seis planeten Merkurius, Venus, de Ierde, Mars, Jupiter en Saturnus. Dy planeten wurde dêr foarsteld troch houten baltsjes, oan de iene kant swart ferve en oan de kant dy’t nei de sinne ta stiet fergulde. Dy baltsjes sitte mei sultjes troch de souder elk oan in rêd fêst dat yn beweging is. Sa komt dêr elke planeet krekt op syn tiid ienkear om ’e sinne. De ierdbol krekt yn de tiid fan in jier. Merkurius, dy’t it neist oan ’e sinne stiet, komt yn achtentachtich dagen ienkar rûn, en sa ek de oaren, krekt op har tiid. It hout baltsje dat Saturnus foarstelt hat 29 jier en 164 dagen mei noch wat oeren en minuten wurk om ienkear dy lytse keamer yn ’t rûn te kommen. Dat is, lykas men wit, krekt allike folle tiid as de eigentlike planeet Saturnus nedich hat om ienkear syn baan om ’e sinne lâns te kommen. – De moanne ha men der ek by. Dy reizget net allinne mei de ierdbol ienkear yn ’t jier om ’e sinne, mar tagelyk ek alle fjouwer wiken ek ienkear om de ierde en draait dan wilens ek noch om har eigen as. Sa kin men dêr ek in klear begryp krije oer sinne- en moanneklipsen. – Dan is der ek noch in ring dy’t de stjerretekens oanwiist, en wer in oaren de tolf moannen en de datums. Oan de iene kant stiet oan de souder it jiertal dat wy skriuwe. Dat bliuwt allyk stean fan 1e jannewaris oant de lêste desimber ta. Aldjiersjûn, as ’t tolve oere is, ferskoot it en in nûmer heger komt dêr wer foar yn ’t plak. Bûten dat alles sjucht men oan ’e souder en ’t bedsket noch ferskate lytse ringen mei wizers. De iene wiist dit oan en de oare dat. Ien fan dy wizers komt wyks ienkear yn ’t rûn en wiist oan wat dei oft wy binne en wat oere fan de dei. Eltse dei kin men dêr ek sjen wannear’t de sinne opkomt en ûnder giet. Itselde wurdt dêr ek oanwiisd fan de moanne; ek it oanwinnen en ’t ôfgean fan de moanne, en de omrin fan de stjerren, sa’t wy se jûns mei ’t bleate each oan ’e loft sjugge. Nochal mear dingen fan dy aard hat men dêr, dy’t foar lju dy’t der wat begryp oer ha tige de muoite wurdich binne om se ris te besjen. – Al dy ferskate bewegingen, dy’t sa grif geane dat der gjin sekonde oan skeelt, wurde oan ’e gong hâlden mei in slinger-oerwurk, dat mar fjouwer rêden hat en mar ienkear yn ’e wike opwûn hoecht te wurden. 

Dat grutte keunststik hat dy ienfâldige man alhiel sels útfûn en makke, mei behelp fan in pear oaren dy’t wat bywurk foar him ree makken. Yn de frije oeren dy’t him fan syn wolkammerij oerskeaten, arbeide er deroan. Sa krige er yn wat minder as sân jier tiid it hele spul klear. 

Professors en grutte gelearden, wit wêr earne wei, hawwe dat fernimstige wurk mei ferbazing beskôge. It is in keunststik lykas der yn de hele wrâld net ien mear bestiet. 

Lykle Klokmakker wie gjin professor of grutte gelearde. Mar hy wie foar in sljuchtwei man dochs ek sa mâle dom net. Hy koe heel wol wat fan dat wurk begripe, en hy hie der ek nocht oan. Hoe better en hoe langer er alles neigyng, wat mear hy it keunstige en fernimstige der fan begûn yn te sjen. Hy moast ek by de souderstrep op, der wie gelegenheid om it rêdwurk te benoaskjen. Hy sei: ,,It muoit my mar dat wy sa gau wer fuort moatte, want ik ha myn nocht der noch lang net fan.” 

Nou, se moasten dochs wer fuort en nei hûs, dat wie net oars. Doe’t se wer tegearre wienen, sei er tsjin Gatse: ,,Ik bin lang net yn steat om ’t allegearre te begripen en nei te kommen. Dêr is myn ienfâldich klokmakkersferstân fuotten en fiemen te koart ta. Mar ik haw der dochs safolle al fan sjoen en begrepen dat ik rûnút sizze doar: it is in tige by tige grut keunststik.” 

,,Dat ha ’k wol tocht”, sei Gatse. ,,Ik hie der ek wol nocht oan en ’k mien der ek wol wat fan begripe te kinnen, mar je hawwe der dochs folle better oardeel oer as ik.” 

,,Dat wit ik salyk net”, sei Lykle, ,,mar ik haw nou langst nei dat boek fan jimme omke, dêr’t je oer praat hawwe. As Eise Eisinga dat boek skreaun hat, dan sil der ek wol wat út te learen wêze, om noch better begryp oer syn keunststik te krijen.” 

,,Nou”, sei Gatse, ,,ús omke komt mei gauwens útfanhûs, dan sil er ’t âld boek wol meinimme. Ik haw him der al oer skreaun en ’t goed oanskroefd, dat er ’t net ferjitte moast.” – 

Omke kaam by Gatses útfanhûs en hie ’t âld boek net fergetten. Doe moast Lykle ’t mar gau te lêzen ha. Gatse liet him der mar stil mei oanpiele. Mei in goed wike kaam Lykle der al mei oan en sei: ,,Nou Gatse, hjir is ’t boek wer. Mar dat kin ûnmooglik skreaun wêze troch in man as Eise Eisinga, dat doar ik rûnút sizze. It stiet fol ûnsin en dwaasheden, ûnbegryplike dingen en tsjinstridichheden. Dêrom soe ’k folle earder leauwe wolle dat sa’n kwaksalver lykas dokter Ludeman of syn gelikens it skreaun hat. Teminsten hat de skriuwer in man west dy’t lang net op ’e hichte wie fan de saken dêr’t er oer hannelet. Hy hat der mar wat nei ta skreaun, soe ’k sizze. En Eise Eisinga hat in man west mei in heldere holle en in skerp ferstân, dat sprekt fansels.” 

,,Dan tinkt jo”, sei Gatse, ,,dat de makker fan sa’n grut keunststik, dêr’t in sljuchtwei minske foar stil stiet, sa’n boek fol dwaasheid en tsjinstridige dingen net yn ’e wrâld holpen ha kin?” 

,,Welnee”, sei Lykle, ,,dat kin ommers net wier wêze.” 

,,Nou, ik tink der ek sa oer”, sei Gatse. ,,Mar nou meie je wol wat oppasse en praat der net oer wylst omke der by is. As je tsjin him sa rûnút as tsjin my jo miening seinen oer dat âld boek, dan soe ’t der wol raar by stean. Je meie der sa moai en sa foarsichtich mei oankomme as ’t jo mar dwaanlik is – hy hâldt grif syn string fêst. Der wie grutte kâns dat er springende lilk waard as je sa tsjin him begûnen.” 

,,Ik rekkenje”, sei Lykle, ,,dat dy man fan dat hele boek sa goed as neat begrypt.” 

,,Sa sil ’t wol wêze”, sei Gatse. ,,Mei dy âlde boeken is ’t soms in boel, Lykle. De minsken hawwe yn foarige tiden nuvere begripen yn ’e holle hân en op ’t papier set. Der is ek sa’n Oere-Linde-boek, dêr tinke de gelearden ek danige ûngelyk oer. ’t Sil my ek ris benije hoe’t it der by slot fan rekken mei útkomme sil. It keunstwurk fan Eisinga ha wy sjoen, en wy kinne mar grif leauwe dat it echt is. ’t Is meastentiids de baas mar, Lykle, dat men jin hâldt oan ’t sprekwurd: ‘Sjen foar eagen is gjin gûchelspul’.” 

,,Dêr is al wat fan oan”, sei Lykle, en doe gyng er yn ’e hûs.

.

Ut: De Byekoer, 1875. Yn 1874, doe't it ferhaal skreaun is, wie it hûndert jier lyn dat dûmny Eelco Alta fan Boazum it ein fan 'e wrâld oankommen seach. Hjir troch my selektyf omstavere.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten