In genealogyske 'cold case' op it Bilt
Ien fan de âldere, net oploste kwestjes ûnder Fryske genealogen, mei faaks ek in foar de Fryske literatuer nijsgjirrige diminsje, treft men oan op syk nei it foarteam fan Waling Dykstra. Everardus Rollema wiisde dêr yn 2005 noch op. 'Destijds hebben de bekende friese genealogen: de heren R.S. Roorda, Hessel Bierma, Douwe van der Meer en S.van Gelder zich met dit thema bezig gehouden.'1 Ta klearichheid is it noch net komd. Der mist nammentlik yn 'e bewarre bleaune dokuminten in oer-oer-oerbeppe. En lit dat no krekt de oer-oer-oerbeppe wêze dy't de foarnamme 'Waling' yn it foarteam fan Waling Dykstra brocht hat. De, tajûn, miskien wat esotearysk oandwaande fraach is hjir no: wa wie dy Tryntje Walings? Wat moat men mei in foarfaar dy't op papier net bestiet?
Har bestean kinne wy inkeld basearje op in ôflieding út de praktyk fan it ferneamen troch de bern dy't Waling Dykstra syn oer-oer-oerpake (yn manlike line) hie. Dy oer-oer-oerpake wie Yde Lieuwes (1653, Sint Anne - f. 1728, Froubuorren). De kânsrykste hypotese is dat syn frou in dochter wie fan in Waling en in Antje (Pieters). Waling Buwes (1638-f. 1666) en Antie Pieters, beide út Sint Jabik en menist, komme dêr ûnder de dokumintearre echtpearen út it midden fan de 17e ieu yn Sint Jabik it earst foar yn 'e beneaming. Dat soe it foarteam fan Waling Dykstra in brêge jaan nei de frijsinnige 17e-ieuske menisten yn Sint Jabik, en tagelyk oansluting by it boerefolk dat op genealogie.online allegear mei weromwurkjende krêft en deftich klinkend 'Wassenaar' neamd wurdt.
Mar der is krekt op dit punt wat opfallends oan 'e hân. Dat betreft de administraasje fan de Ned. Herf. gemeente fan Sint Jabik, dêr't yn dy tiid ek houliken fan menisten ynskreaun wurde moasten. Neffens in trou-akte fan de gemeente is in Waling Buwes op 21-1-1655 troud mei in Antie Pieters;2 neffens in oare akte is in Waling Barthouts op 1 july 1666 troud mei deselde Antie Pieters.3 Giet it hjir om twa ferskillende minsken? Dat hoecht net per se. Wy witte ommers dat Buwes, Buwis, Bouwes, Bouw, Beer(t)s en Bartel(s)(e) nammen binne dy't yn befolkingsregisters en hypoteekakten yn de 17e ieu wol trochinoar hinne brûkt waarden foar deselde persoanen. Ek yn dit gefal is dat sa. Waling Buwes is deselde as Waling Barthouts. Mar wêrom is dan in twadde houlik registrearre nei syn dea?
*
Douwe Zwart melde yn de Bildtse Post yn 2005: 'Antie Pijtters was slechts een jaar getrouwd geweest met Waling Buwesz. In 1666 trouwde ze opnieuw, nu met Waling Barthoutsz. Dit huwelijk bleef kinderloos'.4 Lykwols kin Waling Buwes net al yn 1656 nei ien jier houlik stoarn wêze, sa't wy dalik sjen sille. Hy hat net ien, mar alve jier troud west. Hjir kin in flater by it ferwurkjen fan de jiertallen op de trou-aktes sels of yn it register yn it spul wêze: 1655 is maklik te fersliten foar 1666 en in 6 foar in 5 of oarsom. Ek de dei- en moannenotaasje jout de mooglikheid fan fersin of lettere feroaring: fan 1-1 nei 21-7 (in 2 byskriuwe en fan in 1 in 7 meitsje). Is hjir in trouregistraasje neimakke of oanpast, sadat it liket as hawwe der twa Walingen mei deselde frou troud west?
Fan Waling Buwes of Barthouts út it slachte Wassenaar witte wy spitigernôch net folle. Hy wie boer op lân oan de Nijebiltdyk fan de hannelsfamylje Ket, oarspronklik út Harns. Yn 1661 is er kurator - 'curator ad actum divisionis vaderlijke goederen' - oer de bern fan Maertie Buwes (sa. 1636-1671), ien fan syn susters. Yn 1662 komt er foar as 'doopsgezind'.5 Suster Maertie hie troud west mei Job Cornelis en trout op 4 juny 1665 opnij, no mei Gerrit Rommerts fan Sint Jabik.6 Sy stiet dan notearre as 'Maartie Buis', 'weduwe van Job Cornelis'.
As op 1 july fan it jier dêrnei har muoike Antie Pieters 'opnij' troud, diskear mei in Waling Barthouts, is yn de registraasje byskreaun: 'Zij is de weduwe van Waling Buis'. Dat Waling Buwes/Buis yndie foar 1 maaie 1666 stoarn is, wurdt befêstige troch in hypoteekakte fan dy datum dêr't syn frou syn widdo neamd wurdt.7 De skriuwpraktyk hat as effekt dat de âlde patronimen Buwes en/of Buis en/of Bartel(d)(e)s ferdwine en plakmeitsje foar it ek fierder yn de famylje wol hantearre 'Barthouts'.
Oer in âldere broer fan Waling Buwes/Barthouts is ek ûndúdlikheid. De stambeam Jellema meldt by Cornelis Barthouts Wassenaar it bertejier 1636, gjin jier fan ferstjerren, en heakket ta: 'Onzeker, jong overleden?'8 Mar Cornelis wie wol de erfsoan fan Barthout Cornelis Wassenaar en Tryncke Walingsdr. Soe dy samar weirekke wêze? Yn werklikheid troude er al op syn 22e, op 8 augustus 1658 mei Daniël ('Danjeltie') Heris. Hy wenne letter yn Stiens. Yn 1672 is dizze Claes Buwes, ynstee fan syn dan ferstoarne broer Waling Buwes, kurator oer de bern fan harren suster Maartie en Job Cornelis.9 As syn widdo Daniël yn 1682 opnij trout mei de weinmakker fan Sint Jabik, wurdt se 'weduwe van Claas Bouws' neamd. Dat om oan te jaan hoe fariabel de patronimen ynskreaun wurde koenen. Claes wie, lykas syn broer en syn heit, menist.
Dêrmei is it probleem fan de fermiste Tryntje Walings fansels noch net ta klearichheid brocht. Lykas sein, wurdt fan bern fan Waling en Antie gjin melding makke yn de berteregisters. Nei Litsehimmel op it genealogy-foarum fan Tresoar der yn 2008 (wer) op wiisde, is it lang stil bleaun om it houlik fan Waling en Antie hinne.10 Oant fan 't jier op de website fan Erfgoed Fundaasje dit útstel ferskynde: se soenen dochs twa bern hân hawwe.11 In Pyter Walings Buis en in (hypotetyske) Trijntje Walings. In berte-akte is der fan beide net; it giet dus om taskriuwingen op basis fan namme-oerienkomst. Dan moat men sjen hoe wierskynlik it ien en oar is, ek sjoen oare faktoaren.
De earste namme komt út in trou-akte út 1680. In Pyter Walings Buis trout mei in Antie Ariens, mei byskreaun: 'Beiden v. St. Jp. en beiden dienstboden bij Sijbe Andries'. Fan P.W.B. bestiet gjin bertebewiis. It ûngebrûklike neamen fan in twadde patronym falt hjir ek op. Dêrneist liket it ûnoannimlik dat de erfsoan út de meniste-elite fan Sint Jabik 'dienstbode' wurde soe.
De Trijntje Walings dy't oanwiisd wurdt - it tilde yn dy tiid yn Sint Jabik op fan de namsgenoates, wat it neiplúzjen bemuoilikt - bringt ús ek net fierder. Sy wie troud mei Johannes Bauckes, smid oan de Aldebiltdyuk en soan fan Baucke Feddes en Wapke Rommerts. Sy is stoarn foar 1704. Ek fan har bestiet gjin bertebewiis. Wol wurde bern fan in Johannes en in Trijntje neamd: Waling, Tet, Wapke. Tet past as namme neffens de ferneamingstradysje net by pake Waling Buwes of beppe Antie Pieters. De kurator oer de bern nei de dea fan beide âlden is in Kuik en gjin famylje fan Waling Buwes of Antje Pieters. It liket der op dat hjir mistaast is.
*
Oan de oare, Froubuurster kant fan it ferhaal is Yde Lieuwes dus de kaaifiguer. Hy, de fan stambeammen bekende herfoarme oer-oer-oerpake fan Waling Dykstra, wie nei syn houlik mei in ferûnderstelde Tryntje Walings, om 1680 hinne, boer wurden oan de Hamerenweg tusken Froubuorren en Bitgum. Dêr hie er sels lân, mar ek wie er pachter fan de Steaten fan Fryslân. Hy wie lidmaat fan de Ned. Herf. gemeente yn Froubuorren, dêr't syn âldste bern Lieuwe Ydes letter tsjerkfâd wurde soe.
Dy Lieuwe is fan 1681; syn heit wie doe 28 jier, syn mem sil ek om dy roai sitten hawwe. Dat smyt foar ús hypotetyske Tryntje Walings in bertejier fan 1653 op, mei in marzje fan in pear jier. Sy sil net lang nei it houlik fan Waling en Antie yn 1655 berne wêze. Mooglik wie se de twadde dochter, net neamd nei de mem fan de mem, in Jannichie, mar nei de mem fan de heit, ek in Tryn Walings. It foarteam fan dy Tryncke Walingsdr. (sa. 1614-n.1645) giet werom op guon fan de earst bekende meniste-learaars op it Bilt, Waling Walings en Arjen Simons. Sy wie berne yn Froubuorren.
Men kin jin yntinke dat Yde Lieuwes syn houlik mei in meniste út Sint Jabik oer de tonge gien is. Hoewol't sok tsjerklik grinsferkear ek wer net sa ûngewoan wie dat it op in skandaal útdraaie moast. It is ek net ûnmooglik dat Tryntje Walings by har houlik al gjin meniste mear wie. En dat har mem Antie Pieters dat ek net mear publyklik wêze woe by har dubieuze 'twadde houlik' yn 1666. Wissichheid oer it lidmaat wêzen fan minsken is der hjir faak net; de âldste bewarre lidmatelist fan menisten op it Bilt datearret krekt fan 1695, doe't de gemeente Sint Anne/Aldsyl lid waard van de Friese Doopsgezinde Sociëteit.12 Foaral rikere boeren op it Bilt wienen menist, it meast te finen yn Sint Jabik, Sint Anne en oan de Aldebiltdyk. De hannelsbelangen dy't de lânbou meibrocht, rûnen net altyd neffens religieuze skiedslinen. Ien fan de soannen fan Yde Lieuwes en Trijntje Walings, Andries, treffe wy yn alle gefallen oan as moolner yn Sint Jabik.13 Letter nimt soan Piter, dan moolner op 'e Ryp, it plak fan syn broer yn.
De menisten fan Sint Jabik hienen yn it earst fan de santjinde ieu gjin tsjerke yn eigen doarp; de gemeente Hendrik Klaas wie ien mei dy 'aen de dyck', fan Aldsyl. Kuiken ûnderstelt dat it yn Sint Jabik en Aldsyl meast gie om saneamde Waterlanders, in frijsinnige rjuchting ûnder de menisten, en neamt 'sociniaanse sympathieën op het Bildt'.14 As kontrast hie Sint Anne in folle strangere, ortodokse Jan-Jakobs-gemeente, mei menisten dy't tige op de eigen groep rjuchte wienen.
De Waterlanners knopen makliker saaklike betrekkingen oan mei oarsleauwigen en akseptearren ek wol funksjes yn it iepenbier bestjoer, mar har frijtinkerij beskerme har net tsjin assimilaasje yn oare leauwensgroepen. Al yn de earste helte fan de 17e ieu naam it tal lidmaten fan de Herf. gemeente yn Sint Jabik neffens Romein syn bekende nammelist fan predikanten (ûnder de populêre dûmny Willem Folkerts) ta fan 40 oant 200. Foaral yn de 18e ieu hawwe de menisten op it Bilt in protte terrein ferlern, safolle wol dat yn 1806 de oerbleaune fusygemeente Sint Anne-Aldsyl opheven waard. Krekt yn 1872 kaam der wer in meniste-gemeente, offisjeel in feriening.
It 17e-ieuske houlik tusken de herfoarme boeresoan Yde Lieuwes út Froubuorren en de doopsgesinde boeredochter út Sint Jabik sprong letterlik oer de ortodoksy hinne en jout in foarbyld fan assimilaasje fan Biltse menisten. De oergong nei de griffermearde tsjerke hoegde oars net by alle menisten te betsjutten dat sy ek it measte meniste gedachteguod farwol seinen. 'Undergrûns' koe dat meinaam wurde, as bygelyks saaklike of karriêrebelangen om (skynbere) assimilaasje fregen. Dat wol, tusken twa heaken, net sizze dat Waling Dykstra fan dizze famyljeskiednis yn syn tiid noch wat meikrigen hat. Orale oerlevering oer famyljetradysjes giet meastal net fierder tebek as twa, heechút trije generaasjes. Oan de oare kant kin it ferlies út de famylje wei fan in relatyf grutte pleats en buorkerij yn in boerefermidden lang bewarre bliuwe.
*
Noch in lêste dinkje. Nei de dea fan Yde Lieuwes is de pleats oan de Hamerenweg yn eigendom fan syn soan Lieuwe, dy't ek as keapman yn 'e boeken stiet. De twadde soan Waling Ydes, Waling Dykstra syn oer-oerpake, moat mei troch tadwaan fan ferervingskwestjes en in rjuchtssaak15 ta mei in lytsere pleats yn de saneamde 'Kapershoek' oan de Monnikebiltdyk, boppe Alde Leie, administratyf hearrend by Aldsyl. 'De Bildtse historie van de familie Dijkstra begint met pachter Waling IJdes, hier in Kapershoek', skreau Zwart. Dat is dan fansels bûten Yde Lieuwes en Tryntje Walings rekkene - alwer ferdwûn it earme sloof yn de mist fan de skiednis.
En noch hieltyd kin de offisjeel ûnbekende frou fan Yde Lieuwes net mei wissens oanwiisd wurde. Mar in oplossingsrjuchting foar in bysûnder, administratyf mystearje yn de 17e-ieuske trouregisters fan de Herf. gemeente fan Sint Jabik hoopje ik hjir yn 't koart al oantsjut te hawwen.
Noaten
1 Everardus Rollema, 'Wie was de eerste
vrouw van Yde Lieuwes X N.N. circa 1679?', ForumTresoar:
https://forumtresoar.nl/viewtopic.php?t=2169.
Krigen 21 septimber 2019.
2 Troureg.
Herf. gemeente Sint Jacobiparochie, arg.nr.
28, Tresoar;
ynv.nr.
123, aktenr. 1843. Byskreaun: 'Hij is woonachtig bij zijn vader'.
3 Trouregister Herf. gem. Sint Jabik,
arg.nr. 28, Tresoar; ynv.nr. 123, aktenr. 1828.
4 Douwe Zwart, 'Bildtse plaatsen. Nr. 16
- teugenover Ouwedyk 890', de Bildtse Post (20 april 2005).
Sitearre út:
http://www.erfgoed-fundaasje.nl/bildtse-plaatsen-deur-douwe-zwart/bildtse-plaatsen-nr-16-teugenover-ouwedyk-890/
. Krigen 21 septimber 2019.
5 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07,
Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 26, aktenr. 751.
6 Troureg. Herf. gemeente Sint
Jacobiparochie, arg.nr. 28, Tresoar; ynv.nr. 123, aktenr. 333. Hy is wierskynlik gjin menist; in bern en in bernsbern fan in Gerrit Rommerts wurde yn 1677 en 1680 doopt yn Ned. herf. gemeente fan Sint Anne.
7 Zwart, 'Bildtse plaatsen'.
8 https://www.genealogieonline.nl/stamboom-jellema/I151417.php.
Krigen 21 septimber 2019.
9 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07,
Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 27, aktenr. 54.
10 https://forumtresoar.nl/viewtopic.php?t=2169.
Krigen 21 septimber 2019.
11http://www.erfgoed-fundaasje.nl/bild-parenteel/parenteel-symon-lenearts/.
Krigen 21 septimber 2019.
12 Der wienen doe noch mar 118 leden. Kees
Kuiken,
'Harlinger en Bildtse doopsgezinden', De
Vrije Fries
83 (2003)
27.
13 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07,
Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 27, aktenr. 345.
14 Kuiken, 'Doopsgezinden', 25.
15 Sjuch noat 1.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten