Melleboer en Jisseltsje, in pear bejierre ljutsjes, wennen op in greidpleats deun oan 'e buorren fan in doarp yn 'e Wâlden. Hoewol't hja de skiepkes aardich op 't droege hienen, buorken se lykwols stadichjeswei fuort, want hja tochten: onder in steand seil is 't maklik kloetsjen, en as wy de ears ta knipe, sil 't net oan pongen stean, dy't as jonge protters gapje.
Troch de bank gong it mei har, sonder goarrich te wêzen, by de streek lâns; mar by heechtiden, en as er guon te pizeljen wienen, dan seagen se op in inkel gûne en in dikketon net. Dat wie op krysttiid wichsop mei skinke en pikelflesk; op Peaske aaien mei krintebôle, en rizenbrij dêrnei, mei bûter en sûker en pypkeniel deroer. Dat wie op 'e jierdei fan 'e boer en de boerinne, middeis, grouwe earte mei rezinen, en joons, oaljekoeken mei seane antsjes. En hoewol't hja gjin lju wienen, dy't it op in priuwen en sopeljen leinen, by sokke tiden hienen se der de lantearne by, en brochten se luftich om. Hja tochten: as men de wein net smart, rint er net licht, en as men de tongen net salvet, reitsje se net los. Yn 'e tsjerke sit men as waaksen bylden, yn 't selskip moat men ris in foech wurdsje meidwaan.
Simmerdei kaam der net folle fan besytsjen; mar hjerstmis en yn 'e lange winterjounen sa folle mear. Dan hienen se om 't hurdsje ris in pear mannich op in potsje, en dy't dan it measte nijs útkrantsje en de kluchtichste setten opdisse koe, wie de bêste man. Dit barde noch al meast, as boer Melle joonpraters op in pypfol by him hie; dan gong it der soms snijsum troch. In mannich stealtsje út ien fan dy joonpraatsjes wol ik jimme hjir fertelle: licht dat immen him der noch wat mei fermakket.
It joonpraatsje, dat ik mien, foel foar om Sinteklaas hinne, wylst it selskip bestie út Melleboer en syn wiif, keapman Minnes, de âld kofskipper Jochum Hayes, de horloazjemakker Nolles, Jurjen útdrager, en de skútmakker baas Lútsen Krol. Nei in mannich ôfslitene praatsjes oer waar en wyn en hoe't it thús stie, hienen de freonen it folgjende praat, dat neiernôch hjir op del kaam.
Jochum Hayes
Kom, boer Melle! je hâlde it noch mei in fjoer op 'e hurd, al is 't wat âlderwetsk; nou hja meie prate wat se wolle, dat giet der mei; ik haw in ferdomde hekel oan dy deade kachels.
Melleboer
Alderwetsk of net, dêr steur ik my net oan; mar sa'n kachel, man, it mei sa nij dwaan as fleanen. Lêst joons siet ik in pear oere by ús nije dokter. De kachel bromde as de Noardsee en hy stiek sa danich ôf, dat ik om 't hurdsje efterút skikke moast; ik wie der glêd mislik fan en heal en heal bedwelme, kin ik jimme sizze.
Keapman Minnes
Ik slyt se ek foar danige ûngesûn. Dy't wat folle by in kachel sitte te brieden, hawwe kleuren as geasten, en as se mar in foech wynpûstke fetsje, hawwe se it dalik foar 'e krint.
Baas Nolles
Pake Bilderdijk seit yn ien fan syn fersen, dat de dompige kachellucht it ferstân ferstompet en de geast dodzich makket. En hoewol't er nijichheden soms danich hikkelje koe, dat wie, tinkt my, de spiker op 'e kop.
Jochum Hayes
My tinkt in kachel past dokter, sa min as wat. Hy is altyd sa rûpsk as in hin dy't ferfearret, en as er ris efkes de noas yn 'e wyn stekke moat, sit er deryn, as soe er op reis nei Grienlân of straat Davis.
Baas Krol
Mar jo moatte tinke, skipper: it studintelibben bringt dat sa mei, en dat is der mei dokterom noch lang net út. Tink der mar ris om: wat hat er soms nuvere fatsoenen fan rokken en broeken; wat hat er nijmoadrich húsrie en in frjemde wein.
Keapman Minnes
Ja, dat skeelt al wat by âlde master Keimpe, as er mei in sarjes rokje oan en in rûge mûtse op, mei syn âlde sylpream nei de boeren sukkele; wat wie dat in dea-ienfâldich man der by.
Baas Nolles
Mar jo kinne sa'n man as dokter net by master Keimpe ferlykje; dokter hat jierren oan de Akadeemje west en fiks studearre, sa't men seit, en master Keimpe, - nou, as je syn potsjelatyn, syn drankmingen en plastersmarren derôf nimme, bleau der in danich bytsje oer. Wat figuer soe sa'n stakker ek al meitsje?
Baas Krol
Mar om nochris op 'e sylpream fan master Keimpe del te kommen, dêr hat âlde al frjemde toeren mei dien, sa as ús heit my wol ferhelle hat. Ien foarfal leit my noch libben yn 't geheugen; dêr haw ik dan wol smaaklik om lake: dy sil ik jimme ris fertelle.
Melleboer
Jonges, ja baas! dat is krekt saak, dêr moat fan wêze; hoe gong dat yn syn wurk?
Baas Krol
Op in moarntiid yn april kaam master Keimpe by ús foarige oerwurkmakker, baas Jilles, dy't in earsten biisfeint wie, en wol gauris mei master nei de boeren swalke, en frege him:
,,Hoe is 't, Jilles, soeste strakjes ek mei my nei Soerhuzen kinne, dêr haw ik in pasjint, dêr't ik noadich by wêze moat."
,,Dat soe 'k wol tinke", sei Jilles, ,,de drokte driuwt my alteast net, dan sil ik dalik wol komme, master."
Sa sein, sa dien: Jilles ferhimmele him in bytsje, it stommeltsje yn 'e brân, en mars. ,,Kom, biste dêr al heite", sei master, ,,bring dy pap dan mar nei de pream en meitsje de boel mar klear, ik kom dy dalik nei."
,, Nou", sei Jilles (want it wie in ding as in grou bôle), ,,dy't sa'n pil slikket, kin wol in miel foarby; dat sil by de man stean."
,, Domkop!", bromde master, ,,do wurdste ek gjin hier wizer, al biste ek noch sa faak mei my op en út, is dat nou om yn te nimmen, it is ommers in pap. Toe, rep dy mar nei de pream."
Jilles hoepele op; mei in minút twa trije wie alles yn 'e heak, en doe't master yn 'e pream stapte, wie 't stek ôf. Hja hienen de wyn fan foarren en dus moast it op in kloetsjen gean, en nou wie 't Jilles oan 'e boom en master by 't roer. De pream snie deroer, as in snoek troch 't wetter, sa repte Jilles him. Mar it duorre net lang, of it swit dripte him ta de hierren út en master sei: ,,Kom heite, lit my dy ris efkes ferpoazje, dat mêd is dy allinne te mânsk."
Dat gong oan. Mar by ongelok sette master de kloet oan bakboard, om't it him dêr better handige, en de earste set dy't er dwaan soe, stapte er yn 'e pap, dy't Jilles op 't gonghout dellein hie, en krekt oft him de skonken onder 't gat wei skuord waarden, sa tommele master efteroer, en lei, foar't men it tinke koe, sa lang as er woeksen wie, te spinfuotsjen oer 'e pream.
,,Hoe beslacht dat?" sei Jilles, wylst er it laitsjen hast net litte koe.
,,Nou heite", sei master, ,,dat jokket my om 'e donder net, mar it allerslimst is 't noch om 'e pap, want dat is myn hele reis."
Neidat de earste alteraasje wat oer wie, skrabe Jilles mei in poepeknyft de hjir en dêr fersille pap wat byelkoar, en lei se op 'e stjoerbank del. Nou wie master de lust om te kloetsjen glêd fergien, en Jilles moast opnij fan in soere apel bite. Mar nou gong it net folle better. Master keimpe gong mei 't gat yn 'e pap sitten, sonder dat er it murk. Doe't Jilles dat seach, sei er: ,,Dat falt frijwat nofliker del, soe 'k sizze, as niis doe op 't hurde hout, en nou op in sêft kessen."
,,Hoe mienste dat heite", frege master, ,,of begjinne dy de breakrommels wer te stekken?"
,,Nee", andere Jilles, ,,dat net, mar ik leau jo sitte mei 't gat yn 'e pap."
,,Mei 't gat yn 'e pap, man!", skreaude master, wylst er ferbaasd opsprong, en mei beide hannen yn 'e pap taaste, ,,der is gjin rie yn 'e wrâld ta; it is myn hele reis; soeste it der net wat ôfskraabje kinne?"
,,Kom, ik sil 't ris besykje", sei Jilles, en skrabe wat er koe. Mar de pap siet sa fûleindich oan 'e broek, en wie sadanich ferdylge, dat er omtrint neat fan telâne kaam.
,,Kom, kom", bromde master, ,,hâld mar op: dat wurdt gjin stront."
,,Nou", liet Jilles dêr droech op folgje, ,,it sil wol pap bliuwe, mar as wy thús komme, en troch 'e buorren gean, sille de lju wol sizze: nou, nou, master Keimpe liket wol op fûle aaien sitten te hawwen, dat is in goare winkel."
,,Ho ris feint," groude master him ta, ,,do moaste net begjinne te lekskoaien, dat sis ik dy. Mar do moatst mar omheech, en 't seil derby, en mar werom, der kin nou dochs gjin skyt fan komme; 't is in dei foar 'e Prins."
Mei 'n rep stie alles der yn top en takel by, en de pream dreau mei in labberkoeltsje wer nei hûs. Doe't se oan 'e wâl wienen, sei master: ,,Sysa feint! stryk nou mar, en de mêst mar del."
,,Kom", sei Jilles, en dat wie de kraanline op, it seil del en de mêst efteroer. Mar dat wippen gong raar yn syn wurk: de staach ontslûpte him, en nou fleach de mêst fûleindich efteroer. Master it skouder omtrint út it lid, de mikke yn flarden en de mêst midstwa. Mar hoe't master nou op Jilles útfoer fan domkop, skobjak, en al wat mar lilk wie, dat is net te sizzen. De bui wie lykwols gau wer oerdreaun; want doe't se de pream yn 't skiphûs helle hienen en oan wâl stapten, sei master op in toan, sa sêft as bôle: ,,Wat is nou de swierrichheid, Jilles?"
,,Nou, dat stel ik oan master byleaven", wie 't antwurd.
,,Wol, as ik dy dan in pear sechsdehealen jou", sei master, ,,hoe liket dat?"
,,Oer út te frede, master", sei Jilles, ,,ik fersykje jins geunst ris wer."
,,Sysa, heite", sei master, ,,dat is ris moai gien."
En dêrop panderen hja beide nei hûs. Nou, tocht Jilles ûnderweis, as dat moai gien is, dan kin 't ek noait mislearje. Hals oer kop efteroer, mei 't gat yn 'e pap, de pap wei, de reis ferlern, it skouder omtrint út it lid, de mikke yn flarden, de mêst midstwa en noch in pear sechsdehealen oer 'e klink: - as master Keimpe net yn syn bernskens is, dan begryp ik it net.
Jochum Hayes
Wel ferdomd, ik ha folle swalke, en frjemde aventueren hân; mar ik leau noch noait sa'n kluchtige reis as master Keimpe nei Soerhuzen.
Melleboer
Skippers kinne der oars al bryk by komme, as se ris fan har reizjgen en swalkjen oan 't útstaljen binne. Ik haw Ype Klok wol staaltsjes oplêzen heard, dy't men hast net leauwe soe, as er der sels net by west wie.
Jurjen Utdrager
Mar Ype Klok wie, allyk folle seebonken, danige ongelokkich yn 't wiersizzen. Sa hat er my ris ferteld, dat er te Riga, in stêd yn 'e Eastsee, ris in man skearen sjoen hie, dy't in burd hie fan wol oardeheal jelne lang. En doe't de barbier it dêrôf knipte, foar't er begûn te skearen, fleach er in ein út mei tolf piken, en de man wist sels net iens dat dy deryn nêstele hie. Wa soe sokke fratsen leauwe.
Baas Nolles
De skippers hawwe in aventuerlik libben; it aventuer is, om sa te sizzen, de dampkring dêr't se yn sykhelje, it is dus gjin niget dat se oan lân rom en breed fan har wjerfarren útmjitte, en as 't net dichterlik genôch is, is der nochris wat by dichte; dat nimme se gemienlik sa nau net.
Jochum Hayes
Mar om ligen te learen, hoecht men net nei see te gean; dat wol op 't lân ek wol. Tink mar ris oan Sweitse Flapper, dy't hat noait fierder west as Aldeholpea, en gjin see oait sjoen, en dy jout gjin seebonk yn 't ligen in hier foarút. Lêsten ferhelle er op 'e hoek:
,,Ik hie net tocht, freonen", sa begûn er, ,,dat jimme my hjir libben wer sjoen hienen. Ferline snein koe 't my gau de krage koste hawwe."
Elk ape him mei in grut pear eagen oan, oft er sizze woe: hoe gong dat dan?
,,Ik moast", sa gong er fierder, ,,troch de Nijboersfinne, dêr't in bolle losrûn, sa grut en swier as in oaljefant. Pas stapte ik om 'e hikke, kin 'k jim sizze, of omkoal stoarme poerrazen op my los. Nou wie goerie djoer. Earst woe 'k 't op in rinnen sette, mar ik tochte: hy mocht my ris op 'e hoarnen fetsje, wa wit wat frjemde loftreis dat ik dan makke; - sa net. Mar my skeat te binnen, wat ús âld domeny plichte te sizzen, as er immen moed oansprekke woe: 'De fortún koeraazje abbekat'."* [Noat ûnder oan 'e side: 'Hy miende: Fortuna audaces adjuvat, mar dat hie er net goed ferstien, of it wie him fergetten'.]
,,Hokker taal is dat, en wat betsjut dat sizzen?" frege immen út 'e heap.
,,Dat is Latyn, feint", sei Sweitse, ,,en wol safolle sizze as: Dy't mar moed hat, dy slagget it ek. Doe't de bolle ticht oan my wie, helle ik myn fjoerstien út 'e bûse, en smiet dy net lofts (hy balke krekt) sa fûleindich yn 'e bek, dat er, de stymske kop nei de grûn, en de sturt yn 'e hichte, weromkearde. En nou drilde ik him myn stiel yn 't gat, man! en dat mei sa'n kûgelsfeart, dat it de fjoerstien rekke, fonken kitste en de bolle yn 'e brân sette. Mar och God! wat wie dat in kluchtich gesicht! Wat knapte en spatte dy lôge, en wat fleach dy bolle troch 'e finne, en wat naam er rare gieren! Mar it duorre net lang of de klucht wie út. Mei in minút as tsien wie de bolle yn in jiskebult feroare."
Wat tinkt jimme, freonen, dy't op sa'n lânskoalle west hat, soe dy ek noch nei in seeskoalle hoege? My tinkt: it kin sa wol.
Keapman Minnes
Ja, sommigen kinne der al bryk by komme. Men soe sizze: wat hawwe se der dochs oan, om sa te ligen, dat elk it taaste en fiele kin.
Baas Nolles
Dat is just gjin liichlust, keapman, mar mear in sucht, om de geastige man út te hingjen, en te meitsjen dat men fan sa'n immen seit: Wat kin dy der bryk bykomme, net?
Jurjen Utdrager
Wy hienen 't sa aanstonds oer Sweitse Flapper, mar hawwe jimme al heard, dat se him te nacht it skiep út it hok ontstellen hawwe? It bliuwt nou by gjin gnobjen mear.
Melleboer
Ei, wat je sizze; dan is 't goed dat de wacht wer rint: sa wol nimmen der leafst ôf wêze.
Keapman Minnes
Dan tinke jo der oars oer, boer Melle, as Jelte Rommerts fan Serústerfean, yn syn tiid: dy wie der heislik tsjin.
Jurjen Utdrager
Dan wie Jelte licht in keale rippert, dy't men gjin fear fan 't gat blaze koe.
Keapman Minnes
Nou, asjebleaft, hy wist oan syn rykdom gjin ein; mar hy wie ynfrettene gjirrich. Alles begrutte him, oer alles hie er in swiere mûtse op, en kleien en kriten wie it wurk fan 'e dei.
Jochum Hayes
My tocht, de âlde kniesoor soe der danich mei yn 'e heak west ha, dan koe er him nachts wat rêstliker deljaan.
Keapman Minnes
Dat is sa: mar hy seach wol yn, dat it syn beurt ek wurde moast, en soe der dan ien foar him rinne, dat begrutte him, en soe er sels wachtrinne, en de soarch foar syn hûs oan de âldfaam Hinke oerlitte, dat betroude er net. Hy siet dan danich yn 't sipelsop. Kom, dêr moat ik jimme ris in stealtsje fan fertelle.
Yn de omkriten fan 't Fean, en sels yn 'e buorren, begûnen se heislik te stellen: it linnen fan 'e bleek, it lead út 'e goaten, it spek út 'e skoarstien, alles wie har gading, en oeral wisten se har lange klauwen efter te krijen. Nou waard der fêststeld dat men twa en twa wachtrinne soe, om oan dy gnobberijen in ein te meitsjen. Doe't Jelte dit fernaam, skodkoppe er as in nitelige bolle; en hy bromde Hinke ta: ,,Ferdomde greesjes hawwe se langer yn 'e kop; wa hat der oait fan witten? ik bin der dan heislik tsjin!" (De reden, wêrom't de âlde kniesoor der tsjin wie, haw ik jimme sein.)
Nou wie goerie djoer: lang berette er him, hoe't it soe, ien foar him nimme, of sels. Mar einlings wûn de gjirrichheid it fan 'e frees, en it beslút stie fêst: hy soe sels. De joons, doe't it wêze soe, wie 't danige onlijich, en sa tsjuster as pik. In âld pijen baaitsje oan, in keale sûkerskepper op, in útraffele das om, en in stôk yn 'e hân, stapte er nei de wacht. By 't ynkommen sieten de oare trije freonen al om 't fjoer, en Jelte sei, mei in brimstige stim:
,,Joon jimme!"
,,Joon Jelte-om!", wie 't antwurd, en baas Mjilles, in biisfeint op en út, liet derop folgje:
,,Wel, man, doare jo der noch út, en dat yn dit waar, dat in goe boer der syn hûn net útjeie soe? Kom, fal in amerij by ús del."
,,Doare of net, dat wurdt jin net frege", bromde Jeltebaas Mjilles ta, ,,men moat ommers mar." En wylst er dit sei, suchte er, kin ['k] jimme sizze, oft er balstiennen yn 't liif hie.
,,Hoarrisj", sei Mjilles dêr op. ,,It is gjin waar foar sa'n âld man as jo. Kom, traktearje ús op in healmingel brandewyn mei sûker, dan sille wy, mei ús trijen, patrûlearje, en jo kinne hjir mar by de koallen bliuwe?"
Mar dat wie lang net ret; foar dat ear wie Jelte sa dôf as in kwartel, en hy biet Mjilles ta:
,,Heite! wat tinkste, dat my it jild op 'e rêch waakst? Dan koe 'k wol ien foar my nomd ha; mar in romerfol haw ik der foar oer."
,,Hoarris Jelte", sei Mjilles dêr op. ,,Wy lêze by Levitikus: 'Voor de grauwe haren zult gij opstaan, en gij zult het aangezicht des ouden vereren.' Kom oan, ik wit rie. Jo hier is ek al griis. Wy sille it foar jo dwaan, en wy wolle der gjin fingerhoedfol foar ha, hoe liket dat?
,,Oer út feint", sei Jelte, ,,oer út, dat hie 'k net tocht."
Doe't de klok njoggen oere sloech, stiek de wacht ôf en Jelte bleau koes by de koallen sitten. Mei in grut kertier kamen se werom; sa ek om tsien en alve oere; mar te middernacht bleaune se wei, en Jelte wist net wat er dêr oer tinke moast. Fêst onrie, mompele er yn him sels, dat mist net; wat wit wat ús oerkomt. Sawat in kertier nei ienen kamen se werom, en Jelte, dy't it hert kloppe as in lammesturt, frege:
,,Hoe bliuwe jimme dan sadanige lang, is der onrie?"
,,Onrie? man", helle Mjilles út, ,,dat sis ik jo; wy hawwe dieven ferrast, mar wy koenen se net besette. Hja binne de dûns ontsnapt."
,,Op wat ein fan 't doarp wie 't", frege de âlde goarrer.
,,Op jimme ein", wie 't antwurd.
,,Op ús ein?" stammere Jelte, ,,der is gjin rie yn 'e weareld ta, wêr sa?"
,,It wie... Nim earst in foech sûpke foar 'e alteraasje", foel Mjilles him yn 'e reden, ,,wy hawwe de skrik efkes fan 't hert spield, en in mûltsjefol foar jo sparre."
,,It wie", sei Jelte, sadree't er 't wipperke útstutsen hie, ,,dochs net by my?"
,,By nimmen oars", wie 't antwurd.
,,God noch ta", skreaude Jelte, ,,wa wit wat my ontstellen is!"
En dat wie sonder 't antwurd ôf te wachtsjen, it gat yn 'e hân en op en draf nei hûs. Doe't er thúskaam, wie 't earste wurd:
,,Binne wy ek wat kwyt wurden?"
,,Wolnee", sei Hinke, ,,de wacht ferraste de skelmen, doe't se just oan 't finster wrikten. Hja hawwe de slok dy't se hân hawwe, dûbel en dwers fertsjinne."
,,In slok", bromde Jelte, ,,hoe duvel komste dêr by! hoefolle hast har jûn?"
,,Wol", sei Hinke, ,,hja dienen gjin lichten foar't ik in healgûne ôfskood hoe, en doe gongen se, onder belofte, dat jo jins part der ek fan hawwe soenen, har wei.'"
,,Moai, myn part!" grommele Jelte, ,,ik haw mar in luzige romerfol hân, en dan noch koeke fan myn eigen daai! En dan seinen dy snaken noch ek, dat se der gjin fingerhoedfol foar ha woenen; tink ris ta, wat skarlunen dat it binne; mar it binne mar liende broadsjes, hja hawwe noch wat te goede, dat swar ik har."
,,Wy wienen oars hjir nou wol mei te frede", rôp de wacht, dy't Jelte folge wie, foar 't finster. ,,Mar as wy jo fannejûn risselutens leard hawwe, dan hâlde wy ús rikkemandearre, goenacht!"
Nou wie Jelte poer; hy flokte him de bek omtrint yn flarden, mar it wie te let; de biisfeinten hinen him ris moai te fiter hân, en har op kosten fan de âlde goarrer fermakke. Jelte learde der yntusken út, sels net wer wacht te rinnen, mar syn beurt oan in earm arbeider te bestellen. Dat de wacht sels de dief west wie, hoech ik jimme net te sizzen.
Jurjen Utdrager
Dat wie lean nei wurk. Ja, dy't wat op syn skouders hat, moat mar by Mjilles komme, dan is er by de drommel te bycht. Nou, nou smakke him dy romerfol yn 'e wacht mar sa matich, omdat er op hjitte koallen siet, wat sil er him dan danige dwers yn 't liif sitten hawwe, doe't er gewaar waard dat der in grou healgûne nei de moanne wie. Dêr kniest er wiken en wiken oer.
Lútsen Krol
Mar om nou ris op in oare tekst del te kommen, ha jimme al heard dat myn feint Sytse Knap ek oan 't wiif sil? Dat freegje ik nou net omdat trouwen sa'n nijs is, mar om't it my sa'n frjemd houlik taliket. Tink ris, mei in âld beske fan in santich jier.
(In stik twa trije tagelyk.)
Och God! der is gjin rie ta! nou, nou!
Lútsen Krol
En dat net allinne; mar wat is 't in mislik figuer, wat [in] heislik lilk portret. Om jimme mar gau út 'e dream te helpen: 't is de widdo fan Feije Fransen.
Jochum Hayes
Ik haw seis krusen op 'e rêch en jins feint Sytse noch gjin trije tink ik...
Lútsen Krol
Ei wat! Hy is noch mar trijentweintich jier, en dan noch in flinke knappe keardel derby.
Jochum Hayes
Safolle briker; mar wat ik sizze woe: ik liet my leaver fan binnen en bûten tarje, as dat ik mei sa'n mislik bestek nei koai moast. Fy man!
Keapman Minnes
Nou, ik hâld it der al foar dat er mear har skútmakkerij en har jild trout, as har sels.
Baas Nolles
Mar hy hat it lilk spektakel op 'e keap ta, en dêr moat er mei oanpiele; en hy kin ek net ferwachtsje dat it mei him sa gean sil as mei 'n Ridder Sox, dy't mei 'n heislik lilk âld wiif de joons yn 'e koai krûpte, mar dy't mei in rep yn in jong byldmoai frommes feroare. Dy tovertiden binne foarby.
Boer Melle
Jonges, baas! dat moasten je ús alris ferhelje fan dy ridder Fox. Dat sil wol in slimme knaap west ha, sa as syn namme seit: foksen binne dusdanige slim.
Baas Nolles
Ridder Sox miene je Melleboer! Komoan, ik haw in ferske oer ridder Sox; dat sil ik jimme ris hearre litte, ik leau dat ik it noch wol ken.
Sox wie yn syn tiid in ridder,
Dy't in faam beskermje moast;
My dy't, in rjuchte famme-oanbidder,
Ek in kânske weagje doarst.
Ienkear seach er 'n byldmoai famke,
('t Wie ticht by Parys) as 't lamke
Sêft fan aard en froed fan sin;
Mei in glimlaits om har kin,
Mei 'n par roazen op har wangen,
Mei in toverkrêft yn 't each,
As ús ridder Sox noait seach,
En, mei noait noch field ferlangen,
Wipt er fan syn guds, en fljucht,
Wylst him fjoer troch de ieren tsjucht,
Nei har ta en seit: ,,Myn ingel!
Lij, dat 'k dy yn 'e earmen stringel:
'k Sil dy tweintich kroanen jaan,
Mei 'k mei dy myn wille dwaan."
Sonder 't antwurd ôf te wachtsjen,
(Och it sloof wie bûten rie,
En hja wist pas, wat se die)
Swolge, yn ridderplicht ferachtsjen,
Sox, fol drift, en gleon fan sin,
't Awiet yn fan ferbearne min.
Mar doe 't famke 't djoer besprutsen
Lean ferlange fan har Sox,
Hie in âlde slomme fox
Him fan guds en jild ferstutsen:
Hy siet heislik yn 'e myt;
Hja wie jild en onskuld kwyt,
Wêr, wêr soe 'r har mei betelje?
En hja sward' him, as er 't lean
Weegre, it soe him sljucht fergean;
Want hja soe 't by 't rjucht ferhelje.
Wat er har ek iepen leit;
Hoe't er har ek streakt en flaait,
Hja hâldt wurd, en om dy minne,
Dy't him sa fertokke hie,
Komt er foar de keninginne
En har breede frouljusrie,
Om it fûnnis ôf te wachtsjen
Set op skandlik earferkrachtsjen.
Mar it wie sa'n knappe fint,
Om syn dapperheid bekend,
Om syn ridderdeugd sa prize,
Dat de hege rie 'r fan grize
Om sa'n keardel, as in wolk,
Oer te jaan oan galge of dolk.
Bertha* spriek dus: ,,As 't ús seiste,
En mei 'n wike ús iepen leiste,
Wêr't in frommes 't meast nei stiet,
Dan bist frij."
De ridder giet,
En hy mym'ret en studearret; -
Mar hoe't hy ek prakkesearret,
Nacht en dei en ier en let,
Dochs ontknoopt er 't riedsel net.
Einlings wie de tiid ferstrutsen,
Doe't in heislik lilk âld wiif,
Bryk en krom, en stram en stiif,
(Hja hie 't grut geheim ontdutsen)
By him kaam, en tsjin him sei:
,,Ik sil dy 't geheim ferklearje,
Swarste, da'tste my ferearje
Silste, wat ik easkje mei."
Dalik wie 't akkoart beseegle,
En troch 't âlde beske reegle,
Wat er, foar de hege rie,
Fan 't geheim te sizzen hie.
Nauwlijks is de rie fergearre,
Of ús ridder stiet foar 't front;
,,Wel, wat hast nou prakkesearre?"
Seit de keninginne, ,,sont
Dat wy dy it fraachstik dienen:
Wêr't in frommes 't meast nei stiet?" -
,,Wat har meast ter herte giet",
Andere Sox, by 't earen lienen,
,,
't Is, haw ik hjir gjin abús,
Baas te wêzen út en thús."
,,Knap sein", sei de keninginne;
,,Knap sein", galme it skel yn 't rûn
Troch de frouljus rieseal hinne;
,,Frij bist Sox! do haste it fûn."
Nou soe Sox de seal ferlitte;
Mar mis wie it, de âlde bes
Sette him de fuotten dwers;
Hja woe hjir gjin troef fersitte,
En sy sei: ,,Nou biste frij;
Mar noch lang net frij fan my,
Dyn behâld hast my te witen;
'k Bin wol âld, mar net fersliten,
't Ald skiep mei noch graach in blêd,
'k Ha myn sinnen op dy set;
En do haste 't my onthjitten,
('t Is dy wis dochs net ferjitten)
Mei in eed, op 't ridderswurd!
My, al foel 't dy noch sa hurd,
Te ferearjen, wat ik frege!..."
,,Ja! dêr ha 'k my ta ferlege",
Andre Sox, ,,mar heil de hel,
Foar sa'n âld ferskronfle fel,
Foar sokke âld fertoarre bonken,
'k Wit net, wat 'k net leaver woe."
,,Hoarris Sox", sei Bertha doe,
,,'t Houwelik is wettich klonken,
Der is gjin ontkommen oan,
Al is 't frjemd en ongewoan,
Lied se as breid nou nei har weinje,
En lit ús nou 't pleit hjir einje."
Wat, wat soe ús ridder dwaan,
Koe 'r him fan syn eed ontslaan?
Wylst er spyt en wrok ferkroppet,
En foar 't laitsjen de earen stoppet
Fan it Dameshôfgesin,
Rikt er de earm, en heechheid min,
En hy rept, hoe't de âlde stromplet,
Strofflet, himet, stint en homplet;
(Want de spotsucht eag't har nei)
Flink him út 'e fuotten wei.
Mar it skouspul waard hjir briker,
Doe't s' him yn har near krûpyn
Late, dêr't gjin guds, skoan blyn,
Wat beskeadzje soe, doe liker, -
Sa ferskeat syn kleur, heal dea:
Wrang is dochs de frucht fan 't kwea.
En doe't hja nei koai ta soenen,
(En wat stie dat nêst der goar,
Near en heislik smoarch derfoar)
Doe, doe wienen gjin sermoenen
Fan it beske, hoe fol geast,
Yn wat foarme, en op wat least
Skoeid, yn steat him oer te heljen
Om mei har fan kant te gean;
Mar hja bleau 'r sa sterk op stean,
En hja hold sa oan mei skeljen,
En hja streake en aaide sa,
Dat er einlings, hy joech ta,
Mei har op it leger krûpte,
Mar noch wie se net foldien:
En hja poarre, kipe en glûpte,
Want hy lei allyk in stien.
,,Mei jo nou myn min ferachtsje",
Suchte se op in toan sa tear;
,,Lit jo my nou koel fersmachtsje,
Bin ik dan jins breid net mear?
Tink, as jo de plicht folbringe,
Dêr't it houlik eask op het,
Dan, dan jout je 't sonderlinge
Troubêd rom, oars skande en smet.
Kin 't oars net, wolnou, knyp de eagen
Ticht, de leafde is ommers blyn,
't Ongewoan' hat prikkel yn,
Wierheid wykt faak foar de leagen."
Sox fermannet him, en tsjucht
Kras oan 't wurk, mei 't each op gloarje;
En pas is it wurk ferrjucht,
Of him wachtet de fiktoarje.
,,'k Bin foldien", sei nou syn breid,
,,Sis nou sels, of myn beskeid
Net de wierheid wie, ten folle,
Dat de froulju 't baasskip wolle;
't Kostet, wat it kostje mei?"
Kom! nou de eagen iepen, ei!
Is dat net wat oars te sizzen?
Jonges, 't is net út te lizzen.
Wat ús ridder Sox doe seach;
't Wie, oft alles gúchte en teach,
Foar 'n krûpyn, fan elk fergetten,
Seach er him in brulloftseal,
Ryk yn staasje, ryk yn preal,
Yn in floed fan ljocht, ontsletten;
't Leger wie in ledikant,
Ryk beset mei diamant;
En de útlibben tsjoen-foarstinne,
Lilk, sa as men nearne ien fûn,
Wie in jonge mingoadinne
Dy 't sels noch fan Venus wûn.
En Sox, yn sokke earmen sletten,
Wie syn beske glêd fergetten.
Hjir mei skaten se mei fertellen út, en nei noch wat onferskillich praat oer ien en oar, winske it selskip elkoar goenacht, en elk kuiere fiks foldien nei hûs.
St. Jac. Parochie, Dec. 1850
W. de Jong, Jacobsz.
*Noat: Keninginne fan Frankryk.
Los printsel fan 30 siden út it privee-argyf fan prof. dr. Philippus Breuker; publisearre yn de Friesche Almanak fan M. van den Bosch te Ljouwert, wierskynlik jiergong 1851. De tekst sa't ik dy hjir jou is omstavere.
It gedicht oer Ridder Sox is nei in fertelling fan Bilderdijk (1793, 'Voltaire vrij nagevolgd, en verhollandscht') dy't wer weromgiet op in ferhaal by Chaucer. Sjuch ek: Ridder Sox of de trouwlustige totebel, gevolgd door Koekeloer of de verschalkte vleier. Twee luchtige luimen van Geoffrey Chaucer opgediept uit de prullenkraam van Willem Bilderdijk (Wereldbibliotheek-vereniging, Amsterdam/Antwerpen 1956). Kfm. 'Toelichting', troch J.J. Mak, en J.A. van der Welle, Dryden and Holland (J.B. Wolters, Groningen 1962) 91-92.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten