zaterdag 21 september 2019

Iepening tentoanstelling Foarútgong yn Tresoar, 20 septimber 2019

'Op 'e tentoanstelling te Ljouwert haw ik ienkear west', skreau Waling Dykstra op 30 augustus 1877 oan dûmnysdochter Geertrui Jentink út Nijlân. 'Dêr is mear te sjen as âlde fodden en stikkene pannen. Ik ha yn 't sin om der noch ris hinne. As 'k der in ferslach fan skriuwe soe, moast ik der nou en dan ris komme kinne, en dêrta wenje 'k der te fier ôf. Ik haw eigentlik dat plan al farre litten, ek al om 't alle oare kranten in ferslach jouwe. Nou tink ik der al oer om dêr by' t winter wat fan op te snijen, as 't my slagje wol om 't yn in goede foarm te jitten.' 

Dat waard dus it dichtstik 'Haitskemoai op 'e tentoanstelling fan Fryske âldheden te Ljouwert, yn 1877'. It ferskynde yn 1878 by útjouwer Tseard Telenga yn Frjentsjer. No gean ik der net fan út dat immen takom jier ek in dichtstik publisearje sil oer de tentoanstelling dy't wy hjoed iepenje, 141 jier letter, ek yn Ljouwert, en likegoed mei in protte âldheden. Mar jo kinne nea witte. 

It ûnderwerp fan 'e tentoanstelling Foarútgong is it skriuwerskip fan Waling Dykstra. Dat is no sels ek in 'âldheid' wurden. Sa'n âlde âldheid, dat wy de kontoeren dêrfan al suver net mear goed foar eagen hawwe, ek al miene wy dat dy kleardernôch binne. Dêrom sil ik koart wat oer Dykstra sizze, as yntroduksje, en wat oer de opset fan Foarútgong. 

Waling Gerrits Dykstra, yn 1821 berne yn Froubuorren yn in bakkershúshâlding, yn 1914 ferstoarn yn Holwert, is sa koenen wy okkerdeis fan Eric Hoekstra en Reinier Salverda yn it tydskrift It Beaken fan de Fryske Akademy lêze, 'zonder twijfel de belangrijkste schrijver van de negentiende eeuw, en zeker de best leesbare'. 

Se bedoelden net de 'belangrijkste schrijver' fan it universum, de wrâld of fan Nederlân, mar fan it lytse Fryske taalgebietsje. En Hoekstra en Salverda soenen samar gelyk hawwe kinne. Waling Dykstra is faaks net de meast artistike, faaks net de meast ferliedlike skriuwer yn ús 21e-ieuske eagen, mar der is sa wis as de bank net in skriuwer te betinken dy't mear ynfloed hân hat op de Frysktalige kultuer as dizze o sa warbere, mar ek kreative en aventoerlike autodidakt. 

Dykstra skreau lykwols foar wat men sa maklik neamt 'it folk'. Hy skreau yn 'e Fryske omgongstaal: net ferheven, net deftich, net geleard, mar foar elkenien goed te ferstean. Dat hat him yn de eagen fan lettere skôgers punten koste. Hy skreau ek kritysk: behalve de minsken fermeitsje woe er se ek 'wat meijaan' - ek dat hat him letter punten koste. 

By syn dea - hy wie 92 jier, en hie doe sa'n 75 jier skreaun - wiene de nije skriuwersgeneraasjes om de Earste Wrâldoarloch hinne dan ek wol sa'n bytsje klear mei syn wurk, tochten se. Mar gelokkich begjint dat tsjintwurdich wer wat te feroarjen. Gelokkich hawwe wy lang om let leard om literatuer te sjen yn it ramt fan syn eigen tiid. Al dy lytse, ûneachlike boekjes mei de namme Waling Dykstra derop printe, dy't faak mar in pear dûbeltsjes of fjirtich of fyftich sint kosten, hawwe net in bytsje meiholpen om, ik neam it no mar efkes it Fryske selsbyld te meitsjen. 

Sljucht en rjucht, nofter mar ek belutsen, praktysk mar ek dwers, noflik mar ek mei eargefoel, hurde wurkers mar ek mei nocht oan ûnnocht, loyaal mar ek ûnôfhinklik - dat binne sawat de skaaimerken fan dat selsbyld, dat fansels al by de Halbertsma's nei foarren komt en kultivearre wurdt mar dat benammen Dykstra der by syn publyk ynhammere hat. 

Wol, fan dat allegear jout Foarútgong in glim en lit it wat sjen. Yn dizze tentoanstelling hawwe wy - ik bedoel de ûnfolpriizge foarmjouwers Yvonne Willems en Ernst Bernson fan Lokaalwerk út Penjum en mysels as leveransier fan teksten - foaral twa aspekten fan it wurk fan Waling Dykstra nei foarren bringe wollen. 

Dat is op it foarste plak it foaral sprektalige karakter derfan, it is spoken word poetry avant la lettre. In soad literatuer fan Dykstra is sekundêr orale literatuer, dat betsjut dat it skreaun is mei it idee dat it ek foarlêzen en songen wurde moast. Dêrút wei lit it him begripe dat foar Dykstra de stap nei it foardragen yn kafees en boppesealen, it ferneamde Winterjounenochtsjen, net sa grut wie. 

Op it twadde plak beklamje wy it emansipatware karakter fan it wurk: Waling Dykstra is net inkeld in taalstrider, dy't it Frysk nei foarren hawwe wol, ek pleitet er al ierebetiid foar mear froulju yn de manneliteratuer fan syn tiid bygelyks, en foar mear demokrasy. Syn stik 'In Nutspreek oer de wizerplaat' út 1853 is in moai foarbyld, ik hie hope dat Tresoar in treffende passaazje dêrút kalligrafearre oanbiede soe oan de nije boargemaster fan Ljouwert, mar dat is leau 'k net slagge of dat moat noch: 

'In Boargemaster moat wêze lykas in wizerplaat, dy’t him soms terjuchte sette lit fan in bern. Sa moat in boargemaster him, as ’t nedich is, terjuchte wize litte fan in boer, ja, as ’t der ta komt, fan in arbeider: want net altyd is ’t wier dat sokke minsken, al hawwe se har heale libbenstiid net mei learen trochbrocht, de saken fan ’t algemien sûnder ferstân beprate.' 

Sa hawwe wy besocht om it wurk fan Waling Dykstra nei foarren te heljen yn syn betsjutting foar it hjoed, sûnder it lykwols út syn 19e-ieuske kontekst wei te amputearjen. Ik hoopje dat jim jim dermei fermeitsje en mocht de útstalling wat learing bringe, dan is dat moai meinaam. In tentoanstellingskatalogus is der net, wol is krekt by útjouwerij DeRyp yn Blauhûs ferskynd myn 280 siden tellende blomlêzing út it dichtwurk fan Waling Dykstra, dy sil 3 oktober presintearre wurde. 

As de âld man hjir wie, soe ik miskien it rymke oanhelje dat Kees Wielsma - syn skriuwersfreon en opfolger as foarsitter fan it Frysk Selskip - him yn 1905 foar syn 84e jierdei stjoerde: 

Gelok mei dizze dei! Jo jierren kliuwe, 
Mar 't is in lust, hoe kras je d'r ûnder bliuwe. 
It hjit dan oars al folle: de âlde dei 
Nimt alderhande brek en krupsjes mei. 
Jo dien' 't, oan distiid ta, der suver sûnder. 
Hâld faasje! 't giet sa moai, it is in wûnder. 

Tankewol.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten