zaterdag 23 augustus 2014

Dichtbondel nû. 7

Brek dyn klank, dichtbondel nû. 7 - nei De weromkommer yn it ûnlân, In waarm wek altyd, Under fearne goaden, Fangst fan 'e demoandolfyn, Sprankeskyn en Ravensulver - is wilens klear en sil takom jier as prachtich útfierd boekwurk ferskine by de Gerben Rypma Stifting. Ek in twadde esseebondel is klear; ik sil it besykje en jou dy takom jier op eigen kosten yn it ljocht. Hjir earst in foarpublikaasje út de dichtbondel:

Earmoed 

Dit binne de dagen fan it tekoart, 
de oan it krús spikere oeren sûnder útlis. 
Elke om ljocht freegjende nacht wurdt 
folge fan in noch donkerder tsjusternis, 
as mei net wêze, en moat ferwylgje 
wat libbet út langst, út azem bestiet. 
Lytser as in krobbe is de minske 
dy’t stien is, en wyn, en iensum liet. 

Jou my nachten op in berch fertrouwen 
dat do en ik yn it teken bestean 
fan nije fragen – dat, wat ljocht is, 
noch ljochter wurdt yn ’t tegearre gean 
en sis it tekoart, krûpend nei it krús 
oer de modderpaden fan ferjitten: 
myn leafste, myn leafste, do hast 
dyn rykdom inkeld dyn earmoed litten.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen