woensdag 2 april 2014

Sneon yn it Friesch Dagblad: In spultsje fan oantrune, mar net opkringe

Freed ferskynt De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu fan Jan Popkema, oer in hûndertjierrige striid dy't net op alle fronten fertuten dwaan koe. Sneon yn it Friesch Dagblad in besprek fan oardel side: 

"It is maklik om wat te skamperjen oer wat de kristlik-Fryske beweging út ’e wei set hat. Sjoch mar nei de tsjerklike praktyk fan hjoeddedei: by mar 2,6 persint fan de tsjerketsjinsten yn Fryslân is de fiertaal Frysk, neffens Koen Zondag ôfrûne sneon yn it Friesch Dagblad. Is dat winliken net in meager risseltaat fan mear as hûndert jier striid om it Frysk in plak yn tsjerke te besoargjen? 

Mar sa’n oardiel soe yndie té maklik wêze, sa’t taalkundige Jan Popkema (1942) út Burgum yn syn foarbyldige stúdzje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu sjen lit. It boek, dat gerêst in standertwurk neamd wurde mei op it mêd fan de histoarje fan de Fryske beweging, ferskynt freed by útjouwerij Bornmeer. Wapene mei in protte kennis fan saken en in flotte skriuwstyl hat Popkema op basis fan yngeand argyfûndersyk yn mar leafst 448 siden de skiednis fan benammen it herfoarme Kristlik Frysk Selskip mar ek fan de griffermearde en roomske selskippen fêstlein."

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen