donderdag 17 april 2014

Iosip Brodsky - Elegy

Myn leafste, de kroech is noch deselde, 
deselde rotsoai siert de muorren noch, 
deselde prizen. Bett’re wyn miskien? 
Ik tocht fan net; net better en net minder. 
In status quo, en och, sa heart it ek. 

In loftpiloat sit iensum en allinne, 
as in fallen ingel, drinkt syn wodka. 
Fioelen wurkje yn op myn ferbylding, 
fanwege eartiids. Bûten tekenje 
har keine wite dakken ôf, en earne 
begjint in klok te lieden. ’t Is al nacht. 

Wêrom liigdest? Wêrom kin ik langer net 
in leagen fan de wierheid ûnderskiede, 
en easkje ik nije wurden, hieltyd wer, 
doofde, frjemde en dij ûnbekende, 
mar wurden dy’t, as yn ’t ferline, 
inkeld komme kinne út dyn mûle.



[Iosip Brodsky]

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen